trinusriemersma

 

HEAL ’T GRÊF YN

Ynlieding fan Trinus Riemersma by de presintaasje fan
En de inket sil útrinne, de samle fersen fan Steven H.P. de Jong
Tryatergebou Ljouwert, jannewaris 2011

Och hea, der komme gjin nije fersen fan Steven mear. En och hea, Steven giet dea. Dat tocht ik doe’t Goasse Brouwer my frege om in praatsje te hâlden by de presintaasje fan Steven syn sammele dichtwurk.

Steven slút syn literêre karjêre net sa eksplisyt ôf as Reinder van der Leest dat in mannich jierren lyn dien hat mei de poëzijfolder Tajefte. Mar likegoed, it boadskip is dúdlik: Steven hat de put der út. En no toarket er hjir noch wat om, al heal fan dizze wrâld ôf.

Ik moast tinke oan ’e dichtrigels fan Anne Wadman: ‘Gaadliker spjalting fynt men ek teninter: Heal ’t grêf yn, heal op souder by in printer.’ It binne de slotrigels fan in sonnet út ’e bondel Fan tsien wâllen.

Mar lit ús lykwols fleurich útein sette. Wat ik dwaan wol, is fansels net Steven syn œuvre kritisearje. De bondels binne stik foar stik resinsearre en faaks bart soks ek no’t it folsleine wurk foar ús leit. Wat ik dwaan wol, is mei in pear lange trêden troch dizze fersen hinne stappe, der wat tsjinoan gnuve, en as it slagje wol, in pear fernimstige opmerkingen meitsje.

Ik begjin fan bûten ôf, de titels fan ’e bondels, want dy binne nijsgjirrich. Ik neam se: Wankend stomp (1965), Missing link (1971), Popkes tekenje (1975), 20 lytse românsen (1983), Salto mortale (1988), Gedichten om ’e Aldehou (1995). De grutte brek – stylbrek – leit tusken de twadde en de tredde bondel. De earste titel, Wankend stomp, giet driging fan út. ‘Wanke’ betsjut it op kommende wei wêzen fan it ien of oar gefaarliks of ferkeards, it ‘stomp’ dat wankende is jout oan dat de boel op ’e non rint, it is dien, it is gebeurd. De hele titel docht my tinken oan de Ragnarok, it fergean fan de wrâld yn ’e Germaanske godstsjinst.

De twadde titel, Missing link, is sa driigjend net, mar tsjut op in gemis fan it ien oar dat wêzentlik is, dat net mist wurde kin. En dan krije wy titel trije, Popkes tekenje. Sa gewoan, sa pretinsjeleas, sa bernlik-ienfâldich. As woe de dichter dúdlik meitsje: ik wol de himel net langer bestoarmje, ik wol gewoan wat piele.

Is der no in relaasje tusken de titels en de ynhâld fan dy trije bondels? As dat net sa is, dan is myn opsterwaasje miskien nijsgjirrich, mar ek net mear as dat. Om dat goed te besjen nim ik ek in tal fersen mei út de lêste rubryk fan dit sammele wurk, Sturtswylje. Yn Sturtswylje sammelt de dichter de fersen dy’t gauris wol publyk makke binne, skriftlik of mûnling, mar nea bondele binne. Ik skiftsje der dy fersen út, dy’t foar 1971, it jier fan ferskinen fan Missing link skreaun binne en ik wol besjen oft dy iere fersen oerienkomme mei de toan en de ynhâld fan de earste beide bondels.

Ja, dy relaasje is der neffens my. Ik fyn yn de sturtswylsels fan foar 1971 deselde, lit my sizze, driigjende toan en deselde, net altyd serebraal nei te kommen bylden en ynfallen. Moatte wy dy iere fersen, om’t se wat ‘tsjuster’ binne en net goed te begripen binne ‘eksperiminteel’ neame?

Dat is in slim ding. De Quatrebrassers fan ’e earste oere hawwe nea teoretisearje wollen oer har fersen. Prate oer fersen, dy analysearje, te plak sette yn ’e skiednis, dat fûnen se bullshit. De teoretyske stikken oer de eksperimintele poëzij dy’t wy hawwe, binne fan twa bûtensteanders, net-eksperimintelen, te witten Tjitte Piebenga en Durk van der Ploeg, en ien eksperimintalist fan in letter skift, te witten Steven de Jong. Ik ha dy stikken lêzen en werlêzen, en dat meie jim ek dwaan, mar se helpe jin wier net fierder. Wat eins it eksperimintele fan eksperimintele poëzij is, wit grif gjin mins.

In pear jier lyn haw ik yn it boek De kul oer it skouder stikken sammele út kranten en tydskriften oer de reboelje om it tydskrift Quatrebras hinne. Wat my doe opfoel wie dat de tsjinstanners fan Quatrebras benammen argewaasje hienen fan it gebrek oan earnst by de dichters fan dat tydskrift. Ik kin hjir al dy oanmerkinkjes net werhelje, dan moatte jimme de ynlieding fan myn boek lêze, mar ik pik der ien út, fan Jacob Noordmans: ‘‘Ien fan de oarsaken, dat party minsken de moderne of eksperimintele poëzij – of moat it wêze post-eksperimintele poëzij? – net begripe en it der ek net rjocht op stean hawwe, is it feit, dat de moderne fersen, behalven mei alderlei wetten, tastannen en persoanen, ek de gek skine te hawwen mei harren sels. It liket der in heap op, dat dizze fersen har sels fakentiids net earnstich nimme. En hoe moat de lêzer se dan noch earnstich nimme?’’ Sa’t ik sei, in foarbyld út folle mear, jimme kinne dat neilêze.

Dat fine wy by Steven de Jong yn alle gefallen werom, dat ‘gebrek oan earnst’. Ik wiis op twa fersen yn ’e midden fan Missing link oer de hear Jentsje Pip dy’t brieven skriuwt oan de NVSH. En fierder op it fers ‘Ballade’ oan ’e ein fan dyselde bondel. Ik sitearje ien kûplet: ‘‘lykwols/ ynienen/ fol walge kearde hja har ou/ ik hie myn toskepoetsersguod fergetten/ nea haw ik har wer sjoen’’. It is in nuvere dissonant dy’t tinken docht oan de needgjalp fan Hessel Miedema dat er der altyd yn wei rekket as er syn sinnebril net op hat.

Yn ’e tredde bondel, Popkes tekenje, komt de dichter op de fersen oer Jentsje Pip werom. De besprekker Klaas de Wit hie der nammentlik kapsje op makke. Klaas de Wit wie in learer Ingelsk dy’t destiids yn Fryslân tahold en him wakker mei de Fryske literatuer bemuoid hat. De Wit hat gelyk, dizze fersen ‘skeine’ de bondel, mar wat De Wit net sjoen hat, is, dat dogge dizze dichters meisin, se wolle de keunst net op in fuotstik hawwe, fier fan it deistich gepiel, se wolle oarsom de keunst wer ‘gewoan’ meitsje.

Ik kom op in fraach dy’t ik earder steld ha werom: Is der no in relaasje tusken de titels en de ynhâld fan dy trije bondels? Ja, mar net sa swart-wyt as ik ûndersteld ha. Wankend stomp wytget ûnheil, mar sa ‘ûnheilich’ binne de fersen net. Twa mooglikheden, ik ha in te swiere lading oan dy titel jûn of Steven hat ferkearde fersen skreaun.

Noch in lêste opmerking oer de earste beide bondels. De fersen dêryn litte har net of net maklik ferstanlik begripe. Dat hat yndertiid – net allinnich oangeande Steven syn fersen – in soad argewaasje jûn. Fyftich jier letter liket de ferstandichste opmerking: wat men net ferstanlik begripe kin, moat men net ferstanlik begripe wolle. Lit de fersen mar oer jin komme en har wurk dwaan.

En no echt nei Popkes tekenje, in bondel dy’t my sympatyk is om’t er oan Reinder en my tegearre opdroegen is. Soks skept in bân, Steven leit de basis foar in generaasje. Mar dat as persoanlik foarôf. Popkes tekenje begjint maklik, in pear ferskes oer Jentsje Pip ‘om Klaas de Wit te pesten’ en oare maklik nei te kommen praatferskes of fertelferskes. Hat Steven it eksperimintalisme efter him litten en hat er de oerstap makke nei de beweging fan om 1970 hinne dy’t de ‘demokratisearring fan de poëzij’ bestribbe? It liket der op.

Mar dan, de ôfdieling ‘sturtswylje’ befettet fersen dy’t wer dreger binne as de foargeande. Giet it hjir om fersen dy’t by it bondeljen fan Wankend stomp en Missing link lizzen bleaun binne? Giet it wier om âlde fersen? It kin, mar dêr tsjin pleitet dat it neikommende skift fersen, ‘túch, in syklus foar poem power’, dêr’t it wol om nije fersen giet, dyselde drege toan hat.

Al mei al, Popkes tekenje is in bytsje fan alles wat. Lange fersen en tige koarte fersen, drege en maklik oansprekkende fersen – der is sels in ready made by oer Tony Feitsma dy’t oeral opdûkt. Trije kear komt der rym yn ’e fersrigels foar, en dat hienen sels Tiny Mulder en Jan Wybenga al efter har litten. Popkes tekenje is, kin men sizze, in weroriïntaasje op de poëzij, in sykjen en taasten.

Sa los en útienrinnend as Popkes tekenje, sa fêst en lykmjittich binne de fersen út ’e neikommende bondel, 20 lytse românsen. Steven liket in nij akkoart mei de poëzij sletten te hawwen en him by dit akkoart wûndergoed te fielen. Der binne gjin útsjitters nei dregens of nei ôfwaaid praat, it bliuwt allegear yn deselde toan.

Ik lykje suggerearje te wollen dat Steven einliken syn kompleksen oerwûn hat en in folwoeksen en evenredich man wurden is. Soks mei ik fansels net suggerearje. Lit my dan fan myn eigen reaksje op dizze fersen útgean. Ik fiel my echt plesierich by dizze fersen, ik draai my fan bledside nei bledside lykas ik my op bêd omdraai en noflik te plak skik en ik lis as in prins.

Yn in stik of fjouwer fersen komt rym foar. Dat is ornaris ûnregelmjittich rym. Mar it earste kûplet fan it fers ‘Dize’ hat regelmjittich rym neffens it skema abab. It hat sels in fêst metrum. Ik lês dat kûplet foar:

de dize leit oer ’t keale lân
’t is oeral dize dêr’t men sjocht
kjeld lûkt my yn ’e bleate hân
en fan ’e tûken dripket focht

Wat my ynienen ynfalt is ditte, fersen mei rym binne ienfâldiger, maklik oansprekkender, ‘tradisjoneler’ as eksperimintele fersen. Ferdraacht ‘eksperiminteel’ him net mei rym, en faaks ek net mei metrum? Miskien leit it foar de hân, mar ik wol dochs freegje: wêrom is dat sa, en wêrom moat dat sa wêze?

Lange trêden, haw ik sein, dat ik gean nei de bondel Salto mortale. De bondel bestiet út trije ôfdelingen, 1. salto mortale, 2. adam de túnman, 3. nei safolle jier. In dúdlike opbou dus. It earste skift tekenet it faaie libben, it twadde hat as ûnderwerp de túnman en it tún. It tredde skift is nijsgjirrich om’t hjir in weromkear nei it tradysjonele fers te konstatearjen is. De fersen hawwe – op ien nei – metrum en rym. In pear kear is dat ferspraat rym, mar faker regelmjittich rym. Der binne sels twa sonnetten by, in gewoan sonnet en in shakespeariaansk sonnet. In sonnet mei mar fjouwer rymklanken ha, mar dêr hat Steven him net om bekroade. It alderaardichste fers is by my it lêste fan de bondel, ‘De rein’. Bysûnder is dat it fers mar twa rymwurden hat. Net rymklanken, mar rymwurden, ‘beammen’ en ‘rein’. Folrym wurdt dat neamd. Dat jout in aparte sjongsumens oan dit fers. Ik lês it earste kûplet foar:

it is de rein dy’t rûzet troch de beammen
de beammen krije stal troch ’t rûzjen fan ’e rein
de blêden lústerje yn ’t rûzjen fan ’e beammen
de blêden lústerje yn ’t rûzjen fan ’e rein

Salto mortale hyt dizze bondel. Sit hjir no wat yn fan in deadlike sprong? Neat fan fernommen en dat is dus al wer gjin oanwizing dat myn hypoteze út it begjin útgroeie kin ta in regel of in wet.

Gedichten om ’e Aldehou is de lêste, ferskynd yn 1995, it jier dat de Koperative Utjowerij fiifentwintich jier bestie en in rige ‘ljochtmoanneboekjes’ útbrocht. It doel wie om der in aparte, heterogene rige fan te meitsjen, mei foar elk wat en benammen net te dreech. Wy sille sjen wat Steven dêr fan makke hat.

De bondel bestiet út twa parten, it foarste hyt ‘stappe in ’e stad’ en dat is foar it meastepart yn it Ljouwertersk skreaun, it twadde is titele ‘libje op it lân’ en dat part is yn it Frysk. Der is in grut ferskil tusken de beide parten, it twadde, it Fryske dus, is moai evenredich, mar it foarste, yn it Ljouwertersk, is tige heterogeen. Is Steven, nei safolle jierren yn it Frysk skreaun te hawwen, de kluts kwyt as er weromkeart nei de taal dêr’t er as bern yn kommunisearre hat mei syn stedsjer maten? Der binne fersen mei metrum en rym, ornaris regelmjittich rym, mar der binne ek fersen sûnder de help fan dy middels dy’t foarm en fêstichheid oan in fers jouwe. Dy hawwe net in uterlike struktuer, mar ek net in ynderliken, om it sa te sizzen, dy keutelje der mar wat hinne. Ik ha se praatfersen neamd, mar men kin se ek, wat ûnfreonliker, oantsjutte as eamelfersen. Ik lês in fragmint: ‘per ongeluk kwam ik met de kop/ teugen één fan ’r útdagende kuten an/ se ston stil/ draaide d’r om/ Jezus!/ hast dy ogen sien mutten/ Se liet ’r nachtkleed, penwaar of hoe hyt su’n ding/ los...’

It foarste part, de Ljouwerter fersen, sitte heel ticht om de Aldehou hinne. It twadde part, de Fryske fersen, kin men fan sizze dat se ek om ’e Aldehou sirkelje – it hele Fryske taalgebied leit om ’e Aldehou -, mar de bining mei de brike toer is hjir folle lytser, of ôfwêzich sels. As it giet om it lânskip, it gea, de bus dy’t oer de wegen riidt, ja, dan binne wy wol yn Fryslân en earne, fier fuort, is de Aldehou. Mar by in fers oer in neonazi of in betinkingsfers foar Lucebert, binne wy in ein út ’e reek.

Steven hat sturtswile en dat sille wy dan ek wol dwaan moatte. It giet om fersen dy’t destiids net bondele binne of dy’t nei de lêste bondel ferskynd binne. Ik sjoch allinnich nei de fersen fan nei 1971, want dy oaren bin ik yn it begjin al bylâns gien. It earste wat men dan foarbykomt binne tsien fersen út ’e ferhalebondel De maagd fan Babylon, 1980. De rige begjint mei in preludium en einiget mei in postludium, mar in ienheid wol it by my net goed wurde, of it moat al wêze de trystige toan dy’t út it geheel opstiicht. Faai is it libben en minsken sykje skûl en heul by inoar. Der binne in pear lietteksten by, ien oer in swart skiep dat nei de slachter giet en in liet oer in man dy’t syn namme kwyt is. It fleurichst en it krêftichst is in neifolging fan Obe Postma syn gedicht ‘Dat alles is Fryslân’.

Dêrop folgje trije fersen dy’t Steven bydroegen hat ta de bondel, besoarge troch Joop Boomsma, Is frede wier itselde as gjin oarloch mear?, 1981. It binne fersen fan eangst, mar ek fan in boartlike oerwinning fan ’e eangst. Hjir krûpt in lytse jonge fuort foar it geweld, mar hjir swetst ek in lytse jonge dy’t sels in atoombomke makke hat dat er de Russen foar de kop smite wol. Heel oansprekkend, dy ôfwikseling fan bangens en grutspraak.

En dan binne it fierders losse fersen. Der binne twa fersen by foar kollegas dy’t ôfskie nimme, in fers by de nijbou fan de LC, in fers by it fjouwerhûndertste bertejier fan Gysbert Japicx, in fers foar it tsjerkeblêd fan ’e Trynwâlden – ek in soarte fan gelegenheidsgedicht -, en dan noch wat dingen dêr’t de dichter oer stroffele is of dy’t him foar de fuotten kommen binne. De dichter bout dúdlikerwize net mear oan in bondel, mar hy wol dit en dat noch kwyt. Miskien wol er noch wolris wat kwyt, mar hy set foarearst in streek, minsken dit is it dan, dit is wat ik te sizzen hie. En dêrom rint myn praatsje ek nei de ein.

Noch ien ‘bericht van algemeen belang’ sizze se dan op de Flaamske tillefyzje. Ik ha myn ferwûndering net útsprutsen, mar grif wol blike litten, te witten dat Steven sa’t it liket maklik oerstapt is fan ’e eksperimintele poëzij nei wat de ‘demokratisearring fan de poëzij’ hiet. Ik fûn dat destiids in hele oergong, fan de tsjustere, sletten poëzij nei de praatpoëzij. Mar wie it wol sa’n grutte stap? Efterôf sit der yn opienfolgjende perioaden mear gearhing as it earst liket. Beide, de eksperimintele poëzij en de demokratisearre poëzij, fersetten har tsjin de pretinsjes fan de âlde poëzij. Dy beide perioaden binne ôfsletten troch de – op ’e nij - pretinsjeuze poëzij fan Tsjêbbe Hettinga en neifolgers.

Ik kom ta in ôfsluting. De fersrigels fan Wadman, dy’t ik minofmear as in moto brûkt ha, ‘Gaadliker spjalting fynt men ek teninter: Heal ’t grêf yn, heal op souder by in printer’, binne fierste optimistysk. Wy geane net heal it grêf yn, mar helendal. En wy bliuwe net heal op solder by in printer lizzen, de opslach fan boeken is fierste djoer. Miskien bliuwe ús boeken twa jier op foarried, of miskien sels trije, mar dan geane se nei de opkeaper fan âld papier.

Tichter by de wierheid komt Reinder yn it lêste fers dat er publisearre hat, ‘Goejûn’. Ik lês in fragmint: ‘wat liet ik nei/ in like flechtich spoar/ troch oaren krúst en doe ferrûn// wat hoecht it eins/ myn keunst wie koart it libben langer/ en swiete fruchten waarden wranger// en alles gyng foarby...’ Swartgallich? Ja. Aldmannich? Ja. Mar ek wier.

Wy hawwe yn ús jongere tiden skrept en krewearre, op tsjettels huft en op doarren bûnze. Bêst genôch, wy hawwe soarge foar wat libben yn ’e brouwerij. Mar wat bliuwt dêr fan oer? Steven liket de neiteam warskôgje te wollen mei syn sammele wurk. Lês my, ferjit my net!

Net it bêste en it foarnaamste sil de neiteam yn it ûnthâld bewarje, haw ik soarch. Wat bliuwt fan Reinder oer? Ik bin bang fan allinnich dit ferske: ping-pong/ ping-pong/ ping-pong/ ping-pong/ ping-pong-pong. En fan Steven? Net mear as ien fan dy healwize ferskes oer Jentsje Pip, tink ik. En dêr moatte wy dan mar frede mei hawwe.

Ik haw it sein.