Wonderful Warten of: nostalgy yn it kwadraat

Ympresje boekpresintaasje Jan Wybenga, Warten 24 novimber 2012

 JOHAN OPPEWAL

 

‘Die daadkracht, die worsteling om het bestaan. Er ligt een geweldige historie van grote namen in Warten. Sipke Castelein, Jeen van den Berg, Jeen Nauta, allemaal grote elfstedenrijders.’ En sa sloech de foarsitter fan it Museum Warten de planke mis yn syn oars goedbedoelde slotwurd by de presintaasje fan it Samle wurk fan Jan Wybenga, de ‘Friese’ dichter dy’t yn dat doarp wenne hat. It wenplak is echt de ienige oerienkomst dy’t dizze skriuwer hat mei de niisneamde sporthelden. Wybenga wie sportman noch fysike krachtpatser en fan de geweldich diedkrachtige wrakseling om it neakene bestean dy’t de oare Wartenser helden typearje soe, is fan him neat bekend. Wol stiet er te boek as de earste ‘moderne’ dichter fan it Frysk, mar dat is toch hiel wat oars.

Mar dat let de foarsitter net. Hy ferwiist yn syn entûsjasme ek noch nei ferneamde skûtsjesilers en hjoeddeiske sportlju út dit romrofte doarp. ‘Er zit vechtkracht in de historie van Warten. Ook in de nieuwe generatie, kijk maar naar Marit Bouwmeester.’ De beste man wie sa earlik om te bekennen dat er earder noch noait fan Wybenga heard hie. Krekt likemin as de wethâlder dy’t ek fan ‘e partij wie, mar dy’t wol graach in strjitte nei him ferneame woe – wat der foarlopich net yn sit, want der binne hjir gjin bouplannen. De lêste sprekkers fan dizze middei foegen sadwaande per ûngelok in tragikomysk elemint ta oan de oars sfearfolle gearkomste yn it âlde protestantse tsjerkje fan Warten, op in grize sneontemiddei ein novimber, dêr’t alles draaide om dizze al lang ferstoarne dichter.

Mei in 75 minsken wie it tsjerkje aardich beset. De útjouwer hie alles út ‘e kast helle om der in gearkomste fan te meitsjen dêr’t minsken in goed gefoel oan oerhâlde soene. Gjinien mei tinke dat it earmoedzjen is yn it Frysk en yn ‘e literatuer, moat er tocht ha. Der wie iten en drinken by de fleet. Sop, bôle, hapkes, wyn, bier, safolle is der yn it sobere tsjerkje grif net faak earder iten en dronken. Spesjaal om it op te krijen wie der sels twa kear skoft tusken alle sprekkers en artysten troch. It mocht wol wat kostje seker? Utjouwer Goasse Brouwer, dy’t him ynterviewe liet troch deifoarsitster Nynke Eringa liet der net folle oer los. ‘Nee, it kin yndied finansjeel net út’, joech er wol ta. Gelokkich binne der fûnsen dy’t soks stypje. Mar fierdere fragen oer de finânsjes fan dit mânske projekt die er ôf as ‘ympertinent’.

It programma stie oars as in hûs. Fjouwer goed ûnderleine ynlieders kamen mei besteklike ferhalen oer de ferskillende aspekten fan it wurk fan Wybenga. En dan wiene der ek noch in stikmannich sprekkers weibleaun om mear of minder dúdlike reden. It gie oer Wybenga syn betsjutting as de earste moderne Fryske dichter. En oer syn konneksjes mei it eksistinsjalisme yn de filosofy. Oer syn byldzjend wurk – dat trouwens net echt wat om hakken hat, sa docht bliken. Oer syn persoan ek, en hoe’t dy him wol en ek wer net thúsfielde yn Fryslân en it Fryske skriuwerswrâldsje. Wybenga kaam sels wer ta libben yn de persoan fan akteur Thijs Feenstra. Treflik útdost as de jonge poeet himsels konfrontearre hy de seal mei skerpe fragen en útdaagjende blikken. Sa moast der wat diskusje en ynteraksje komme. Dat foel net echt ta, de measte oanwêzigen lieten har net út ‘e tinte lokje en  hâlden har kaken stiif ta. Mar de persoan Wybenga kaam wol moai even op it netflies. In dwers-achtige figuer, dy’t graach de goegemeente wat stikele. ‘Ik bin gjin dichter, ik skriuw ferskes, ik piel wat’, sei er sabeare-beskieden oer himsels.

Ferrassing én hichtepunt fan ‘e middei wie sûnder twifel it optreden fan stem-keunstneresse Greetje Bijma. Fenomenaal wat dy kin mei har stim. Se hat gjin begeliedende ynstruminten noadich of drumstel, alle special effects komme har út ‘e mûle. Se brocht gedichten fan Wybenga lykas Antsje mei it Tsjil en Wonderful Warten – mei allinnich har stim slagge se der yn om by dat nûmer in typysk jazzy sfearke by op te roppen, kompleet mei it lûd fan in trombône-mei-demper.

Al mei al in moaie gearkomste, mar toch bliuwt der wat nuvers hingjen. Wa wie no dy Wybenga helendal dat der sa’n dik boek oer útjûn wurde moat, foar sa’n grouwe priis? No goed, de man hat twa kear de Gysbert Japixpriis wûn, en wie de earste dy’t ynfloeden út ‘e moderne keunst yn ‘e Fryske literatuer yntrodusearre. Mar is dat no sa ferskriklike bysûnder? Der binne nobelpriiswinners dy’t minder eare krije. En wa soe dit keapje wolle, in útjefte á 125 euro fan 880 plus 500 bledsiden? It it is in monumint, ferklearret Brouwer. Sa bliuwt syn wurk bewarre, giet it net ferlern. Dy ferklearring jout de útjouwer faker, it is in driuwfear achter syn (wer)útjeften fan deade literatoaren. As taskôger tink ik dan: mar watfoar doel tsjinnet it? Grut ferlet ûnder keapers is der grif net, as der in hantsjefol ferkocht wurdt, is it al heel wat. It oanwêzige tankbere publyk bestiet foar it grutste part út famylje fan ‘e skriuwer, oanhing fan ‘e útjouwer en oare skriuwers (dy’t miskien wol stikem hoopje dat ek har samle wurk letter sa moai útjûn wurde sil). Miskien komme de drukkosten derút, mar dy 2888 oeren dy’t Brouwer der nei eigen sizzen yn stiek grif net, of dy fûnsen moatte al heel rojaal wêze. Mar bliuwt it wurk fan Wybenga sa echt behâlden? En is dêr eins needsaak ta? Dy fraach bliuwt. Der binne al net folle lju dy’t nij wurk lêze, lit stean âld, ek al wie dit oait ‘modern’.

De – ferlerne - striid tsjin teloargang fan alles wat moai is, is in tema dat by dizze dichter sels ek belangryk is, as ik de earste ynlieder leauwe mei. Der is sels in treflike dichtregel fan him dy’t seit dat ‘mei elk mins dat stjert, in ryk beladen skip sinkt…’ Filosofysk ûnderboude nostalgy neam ik dat. Want foar mins kinne jo ek ynfulle: dichter, doarp, religy, taal, kultuer…  Sa komt op iroanyske wize in belangryk tema yn it wurk fan Wybenga ta utering op in sneontemiddei yn Warten: de teloargang fan alles wat jin oan it hert giet. En hjir wiene in protte fan dy moaie dingen tagelyk op ien plak byinoar:

-          Minsken dy’t fan lêzen hâlde
-          Skriuwers
-          De tsjerke
-          It doarp
-          It Frysk.

Alles giet ferlern. Ek dêr’t no wol fleur en groei yn sit. It is de twadde haadwet fan ’e waarmtelear: de pylk fan ’e tiid giet mar ien kant op, dy fan ‘e tanimmende gaos. Alles wat de mins docht is roeie tsjin dy stream yn, wittend dat er it ien kear oerjaan moat. Wat er foarelkoar bokst is tydlik. Dat is in gegeven, en dêr helpt gjin tsjok boek tsjin. It is dy mankelikens yn it kwadraat dy’t dizze middei yn it Wartenser tsjerkje bysûnder makket. It is tagelyk ek wat de ferstoarne dichter Wybenga miskien wól mienskiplik hat mei dy oare helthaftige ferneamde Warteners. As dichter probearre hy der toch noch wat fan te meitsjen, dat wie syn striid. Dy foarsitter siet der toch net sa fier neist. It binne fjochters, dy Warteners – mar om ‘e nocht. It is allinnich de fraach oft de útjouwer dat sa bedoeld hie.