Frysk en Frij is inte op it yllegale Frysk en Frij út de besettingsjierren. Dat pamflet Frysk en Frij  - frij fan de besetter , fergelykje it yllegale blêd Vrij Nederland, - ferskynde yn desimber fan 1944.  It wie  in dûbelsidich beprinte stikje papier op A5 formaat. Der soenen sân saneamde Jeften fan skreaun wurde, mar dy waarden net allegear drukt. De driuwende krêften dêrachter wienen ûnder oaren Sjirk Frânses van der Burg, studint feedokter te Langsweagen, en Eeltsje Boates Folkertsma, essyaist te Ljouwert.

Nei de oarloch seach op 25 maaie 1945 it wykblêd Frysk en Frij it ljocht. Eins wie dat neist it trochsetten fan it yllegale Frysk en Frij ek de opfolger fan it tydskrift Sljucht en Rjucht 1890 en 1897-1941, einredaktrise Durkje Rienks-Wallinga.

Dat earste wykblêd Frysk en Frij seach it ljocht oant 1966 en kaam alle wiken wer út yn 1972. As twa-wykliks tydskrift ferskynde it yn 1992 en 1993 en as moanneblêd fan 1994 oant en mei 1997.

Utjouwerij Frysk en Frij ûntstie yn 1992 út it tydskrift Frysk en Frij.

Sjoch foar in oersjoch fan de skiednis: Frysk en Frij 50 jier - De wûnderlike libbensrin fan in strider - Jubileumnûmer 1995, ISBN 90-73554-17-9 - Bestel: Elikser Webshop

Lês mear