Kollaazje Bûtenpost

BP-Kollaazje-1 BP-Kollaazje-2 BP-Kollaazje-3

WAT IN FRIJPOSTICH TOANIEL! 

HOBBEL DE HOBBEL OP REIS NEI BÛTENPOST

- MEI GRUTTE PIER EN PIERKJE

IBS De Mienskip - Groep 5 - Juf: Pietsje Postema

Rollen:

-Alle tweintich bern ha tekst. Se stean yn in heale sirkel op folchoarder fan foarnamme op alfabet. De bern dy´t oan’e beurt west ha, rinne achter Grutte Pier en Pierkje oan.

-Wout Zijlstra, as Grutte Pier. Praat as in onferfalste klaaiklute [dus bygelyks: op rois, noi Futsjefinne, dij].

-Matty de Vries, as Pierkje Piers Eringa fan ’e Bûtenposter Hede, ferslachjouster fan ’e Frijpostichste Bûtenkrante. Praat as in Wâldpykje [dus bygelyks: op rijs, nij Futsjefinne, dy].

Grutte Pier en Pierkje rinne by de bern lâns. Pier mei syn swurd yn ’e hân, Pierkje mei in hele grutte mikrofoan.

GRUTTE PIER [BATST DERYN, BOLDERET:]Hee! Bin ik hjir yn Lytsepost of Gruttepost of toch yn Binnenpost?

ALLE BERN [LÛD]: Nee, yn Bûtenpost!

GRUTTE PIER: Leave santjin! Wat sjogge jim der frjemd út! Leve jim no al of net yn 1500?

ALLE BERN [LÛD YN KOAR]: Nee, yn 2015!

GRUTTE PIER: Bliksem! Dat is fiifhûndert jier letter as dat ik libbe.

En ik bin der noch! Dat is ek frjemd!

PIERKJE: No Pier, dat hiest ek wol wite kinnen, want dû bist fan ’e moarn sels yn ’e tiidmasine stapt.

GRUTTE PIER: Bliksem! Hast gelyk. Fan ’e moarn betiid wie ’t daliks al bryk: de klok stie op 520 jier fierderop.

PIERKJE: Pier dizze bern wolle mei dy fuort. Op reis. En dû meist kieze wêrhinne.

GRUTTE PIER: Nei Futsjefinne.

Bliksem! Jawis Pierkje! Dêr hat Grutte Pier o sa’n sin oan.

[SWAAIT MEI SYN SWURD, BOLDERET HYLTYD LÛDER:]

Op reis. Op reis. Op reis! Pier wol mei op reis!

PIERKJE: Aale, of nee, Mister Eddie Stobart, ús greute transporteur, wêr soestû mei Grutte Pier en groep 5 hinne kinne?

AALE: Ik wol mei myn frachtauto de hele weareld oer. Mar dan ek de héééle weareld. [AALE MAKKET DÊRBY IN WIID GEBAAR]

PIERKJE: En dû Kwik?

[SE TRIUWT DE MIKROFOAN ÛNDER ABDIRASHID SYN NOAS].

ABDIRASHID (ferklaaid as Kwik): Hallo, ik ben de hele wereld al over gewéést. Ik wil het liefst maar weer naar Somalië. [ROPT:]Dááár is het toch lekker warm! [ABDIRASHID SLAAT Z’N ARMEN OM ZICH HEEN]

PIERKJE: And you Britte, you are a real movie star from Hollywood, darling.

BRITTE (ferklaaid as filmstjer): Yes indeed, I am a movie star from Hollywood, baby. And this is what I want: I only want on holiday to France. Cool, cool, cool. [BRITTE GEDRAACHT HAR AS IN ECHTE DIVA]

PIERKJE: Dyami dû bist inspector Clouseau, hast tiid om mei?

DYAMI (ferklaaid as Inspector Clouseau): No, not to France! I am not for nothing, realy not for nothing [DYAMI ROEPT DIT HEEL NADRUKKELIJK: HET IS NATUURLIJK GEEN GOED ENGELS, MAAR VERTAALD NEDERLANDS]

inspector Clouseau from the Pink Panther. At your service. I fly as a pilot from the Pan Am. I prefer to fly to America. Lady. To inspect everything bad.

PIERKJE: Okee, Amearika. Pier witsto wêr’t dat leit?

GRUTTE PIER: Amearika? Nee! Blikstienders wêr leit dat?

ELDERT (ferklaaid as Dagobert): Amearika is net sa fier Grutte Pier. Ik bin Omme Dagobert, ik kom dêrwei. Flean mar mei. Dan fjochtsje wy mei de indianen tsjin de cowboys. Of oarsom, as it sa útkomt.

[ELDERT WOL IT SWURD FAN GRUTTE PIER ÔFPAKKE]

GRUTTE PIER: Bliksekaters nee! Oe nee, omke Dagobert. It liket mij wol op fleanen om dêr te fjochtsjen.

ERWIN: Fleane hoecht net Grutte Pier. Jimme kinne allegear wol by my yn ’e frachtauto op ’e boat. Plak by ’t soad. Lekker hinne en wer deine, idioat seesiik wurde.

[ERWIN DOCHT OFT ER SPUIE MOAT]

FEMKE (ferklaaid as hynsterydster): En as wy wer better binne, sille wy dan mei ús allen ek in kear op hynders nei de Middeleeuwen? En piramides besjen? As it even kin.

[FEMKE KÛKELOERT EN WIIST NEI IT PUNTSJE FAN ’E TOER, AS WIE DAT IN PIRAMIDE]

PIERKJE: Nei de midsieuwen, hie ’k tocht. Toe mar. Wat seit Robin Hood dêrfan?

FENNE (ferklaaid as Robin Hood): Ja en dan fan it puntsje fan sa’n piramide ôf mei my... paf! de loft yn. En wer fleane, fleane, fleane... Sa as de fûgels sûnder tom-tom, nei, nei, nei...

[FENNE DOCHT MEI SYN EARMEN FLEANEN NEI]

GUIDO(ferklaaid as boer): Ik wil naar Denemarken, daar boert het goed.

PIERKJE: Jessie dû biste F16 piloat.

JESSIE (ferklaaid as F16 piloat): Ja, kom maar op. Kom, kom. Ik heb wel een tom-tom. Eerst naar Denemarken. En waar zullen we dan naar toe?

[JESSIE ZWAAIT MET Z’N ARMEN, ALSOF HIJ VLIEGT]

JONTE: We can fly to everywhere, for instance to Somalië. If you like.

[JONTE MAKKET IN BREED FLEANEND GEBAAR]

MAIDA: Vet Jonte. En van Somalië naar Ameland.

[MAIDA MAAKT EEN BREED GEBAAR MET HAAR ARMEN]

MELISSA: Onwijs gaaf van je Maida. Maar daar ben ik al zo vaak. Waar wil jij naar toe Nyncke?

[MELISSA WIJST NAAR NYNCKE]

NYNCKE (ferklaaid as hynsterydster): Sille wy fan Amelân oer see nei de Yslânse hynders op Yslân? Echt cool.

[NYNCKE OERDRIUWT O SA AS SE DAT SEIT]

PEZMAN: Brrrrrrrrr. Ja, en dan gauw weer naar een warm land. Minder koel.

[PEZMAN RILT]

PIERKJE: O deule nee. Net te lang op ’t iis hear. It is in griis. Fynst ek net Pier?

GRUTTE PIER:  ’t Is dêr altyd wer ferrekte kâld. Bliksem! Wat tinksto Kwak?

SEM (ferklaaid as Kwak): I have a job to go looking for cavemen. Very, very, very important.

[SEM TREKT EEN HEEL GEWICHTIG GEZICHT]

PIERKJE: Holbewenners, wêr ha je dy noch Shally [Sjàlly]?

SHALLY: Weet ik niet. Maar laten we via Curacao reizen. Even dag zeggen. En dan door de Caribische Zee en over de Atlantische Oceaan oversteken naar Amerika. Daar heb je van alles. Vast ook holbewoners.

[SHALLY KIJKT HEEL STELLIG]

SHARON: Vet man. Maar daar zijn we pas geweest. Ik wil weer in de tijd terug. Dat is pas feest.

[SHARON KIJKT TERUG: LETTERLIJK ACHTEROM]

PIERKJE: Wat seistû dêrfan, Inspector Gadget?

STEFANO (ferklaaid as Inspector Gadget): Komt goed uit meid. Ik moet nog flink wat speurwerk doen in de Romeinse tiid. Dat is wel 2000 jaar geleden.

[STEFANO ZEGT HÉÉÉL LANG UITGEREKT: TWÉÉÉÉÉÉÉDUIZEND]

PIERKJE: Sjochsto dat wol sitten Arjen Robben? Wat tinkst Pier, fuotballen se doe al?

GRUTTE PIER: Wit ìk dat?

THEIJE (ferklaaid as Arjen Robben): Dat wol ik wolris ûntdekke. Sille wy mei in ûnderseeër fertrekke? Fia Hawaï?

[THEIJE MAKKET FUOTBALGEBAREN]

PIERKJE: No, mei dizze groep kinst alle kanten út Grutte Pier.

Under wetter, troch de loft, oer it lân. Yn ’e ûnderseeër, mei de fleanmasine op it hynder, yn ’e frachtauto, mei de treen.

It Amelân, Curacao, Frankryk, Amearika, Somalië, Hawaï.

En dan ek noch 2000 jier yn ’e tiid tebek.

Wat in aventueren.

Sis it mar! Wêr wolst mei se hinne? Kies Pier! No! Net stinne!

GRUTTE PIER: Bliksem. Ik wurd gek.

Tsjonge jonge. Wat ha jimme mei-inoar in grutte bek.

En wat in fantasy. Dêr kin ik net omhinne.

Allinne, kieze kin ik net. Frek.

Witsto ek noch wat rustigers Kwek?

TIJMEN (ferklaaid as Kwek): Nou, gewoon als het eventjes kan even over de grens naar Duitsland dan. [ROEPT LUID:] Nee!

ALLEGEAR [LÛD, MEI IT GESICHT NEI IT PUBLYK TA]: Nee! Wy wolle nei Nowwhere! Naar Nergensland! Nei Nergeslân!

PIERKJE: Dêr sjonge wy mei syn allen in ferske fan.

BP-Kollaazje-4 BP-Kollaazje-5 BP-Kollaazje-6 BP-Kollaazje-7doc04127520150904151941-1 doc04127520150904151941-2

BP-Kollaazje-8 BP-Kollaazje-9

 

LITERÊR-HISTOARYS ARGYF

Dokumintaasje oer de dichteresse Rixt (Akke Hendrika van Dorssen) út har neilittenskip berêstend by har muoikesizzer Frans Zeilstra:

-notysjeboeken mei fersen

-fotoargyf

Rixt Boek 1

Rixt Boek 2

Rixt Boek 3

---------------------------------------

 

Groetnis út Grenoble
Deiboek fan Foppe Venema

---------------------------------------

 

Yn 2016 en 2017 ferskynt spannend wurk fan Reinder R. van der Leest:

Dossier Dynte-Nier, de acht speurdersromans, mei in Foarlieding fan Jaap Krol en in Kollaazje fan getugen mei poëzy en byldzjend wurk.

Lange-termyn-projekten:
Samle fersen fan Rixt
Samle fersen fan Ella Wassenaer
De Fryske en Nederlânse Samle fersen fan Theun de Vries
Samle koart wurk fan Hylkje Goïnga

---------------------------------------

 

Fotoreportaazje fjouwer boekpresintaasjes
(Blessum, 27 april 2013)

Fotoreportaazje Samle wurk Jan Wybenga
(Warten, novimber 2012)

Sjoch fierder: foto-argyf

---------------------------------------

 

Fraachpetear mei Leo Popma
(27 april 2013)

Ympresje boekpresintaasje Blessum - Albertina Soepboer
(Tsjerke Blessum, 27 april 2013)

Gelegenheidstongerpreek Blassum - Ds. Dick over ter Linden
(Blassum, 27 april 2013)

Gelegenheidstoaniel Wybenga
(Tsjerke Warten, 24 novimber 2012)

Ympresje boekpresintaasje Jan Wybenga - Johan Oppewal
(Tsjerke Warten, 24 novimber 2012)

Sjoch fierder: Ferskaat-argyf

---------------------------------------