JAN WYBENGA-GELEGENHEIDSTOANIEL

by de útjefte fan syn Samle wurk, d.d. 24 novimber Anno 2012

- de tekst is yn ferkoarte en oare foarm ymprovisatoarys brûkt by de útfiering en dêroerhinne letter útwreide -

Spilers:
JAN WYBENGA, GYSBERT JAPIKS, dy syn omkesizzer DICHTER GOASSE út De Foksejacht (as útjouwer) en in SPREKKER sûnder tekst.

 

Earste part

GYSBERT JAPIKS: Hoefolle tiid hast hjir no wol net ynstutsen miich?

DICHTER GOASSE: 2880 oeren omke.

GYSBERT JAPIKS: Do witst, yn ús famylje prate wy net oer jild.

DICHTER GOASSE: Uteraard net nee.

GYSBERT JAPIKS: Mar wat hast hjir no oan oerhâlden hampelman?

DICHTER GOASSE: Dit fyn ik dus in ympertininte fraach. Mar omrekkene moat jo omkesizzer der € 7,33 per oere op talizze.

GYSBERT JAPIKS: Hoe kinst it dan bestuiverje fint? Betellest de opmaak, de printer net? De skôgings, de sprekkers hjirre, de muzyk, de iterij likemin? Hast ek gjin yntree. Wat is dit?

DICHTER GOASSE: Wit omke dat net? Omke hat der yn syn tiid ommers sels ek gjin sint oan fertsjinne. Omke syn wurk is by omke syn libben net iens ferskynd. Mar lykas by omke: eigen útfynsels, wat delikate reserves. It is ek mar krekt wêr’t je it jild oan útjaan wolle ommers.

GYSBERT JAPIKS: It is wol in hiele priis Goasse, € 125,00.

DICHTER GOASSE: Já omke, as je nei de merk sjogge. En nei wat literatuerleafhawwers en beropsfriezen foar soks oerhawwe. Néé omke, as je witte wolle wat it wurdich is. En in kear út te iten en je ha ’t ek op. Mar dit monumint bliuwt stean.

GYSBERT JAPIKS: Lykas myn samle skriften, al sis ik it sels. Mar dat terzijde.

Dus, it monumint bliuwt stéán, it ferkeapet net? Griemer!

DICHTER GOASSE: Omke!

GYSBERT JAPIKS: Ik pleagje dy wat.

DICHTER GOASSE:  Us aller AFÛK - ús mienskipsjildtoko - it fan steatswegen struktureel subsidieard boekferkeap- en promoasjeapparaat foar al ús Fryske boeken, hâldt it earst op de ôfname fan twa eksimplaren.

En dat hoopfolle nij inisjatyf, Boeken fan Fryslân, begeart fan it Samle wurk fan Jan Wybenga nix. (Dat mienskipsjild-ûndernimmen hat yn sawat amper twa jier fan ’e provinsje twa ton opslokt oan fergaderingen.   Wêrom stelt de deputearde as folksfertsjintwurdiger gjin fragen? En wêrom stelle steateleden datoangeande gjin fragen oan ’e deputearde?)

Van der Velde, de grutste partikuliere boekhannel, koe yn earste ynstânsje net ien oansjen, se soenen klanten wol trochferwize nei de AFÛK. Sa’t op ’t heden it adadzjium is: gewoon doorlopen. Mar dizze literatuertrochskôger jout dan no dochs it Samle wurk in earsten plak yn syn boekwinkel - no dan mei rjocht fan retoer. Kinne je neigean, hoe’t it fierders eventueel noch tafalle kin mei boekferkeapers dy’t op eigen risiko noch omfalle sille. En soks kinne sy noch wy mei al ús kwaliteit, promoasje en sa net ferhelpe.

GYSBERT JAPIKS: Do prekest mar troch. Net klieme jonge. Dit wistest ieuwen yn ’t foar. Dit hast no allegear oer dysels ôfroppen.

DICHTER GOASSE: Klieme wit ik momenteel net wat ’t is, hù’n.

GYSBERT JAPIKS: Dôfhûdich bisto no gewoan foar wat ik sis. Skriemer. Hawar, hoe stiet it mei de fûnsen?

DICHTER GOASSE - oerdreaun skriemerich -: Hâldt net oer, mar sûnder kin it net. It Nederlands Letterenfonds honoreart ús oanfraach mar foar 50 prosint.

GYSBERT JAPIKS: O?

DICHTER GOASSE: Dat is op advys fan Frysk literêr-saakkundigen. Skeelt ús wer grou € 4000,00. In benaud lyts bytsje foar sa’n fûns, mar foar ús net.

GYSBERT JAPIKS: Gewoon doorlopen.

DICHTER GOASSSE: Ik wol graach noch wat achterstallichs sizze omke. Want ik haw mear yn ’e kast.

GYSBERT JAPIKS: Ja grynder.

DICHTER GOASSE: Boppedat is har eask dat de oplaach 250 wêze moat, wrâldfrjemde burokratise mjitstêven. Dat ik dat noait ferkeapje kin, komme se dêr noch wol ris achter?

GYSBERT JAPIKS: Hoe’t it der hjirre foarstiet! Dát hast har dochs wol allegear allang fan te foaren ferdútst en foarrekkene en foarkôge? Do bist keapman!

DICHTER GOASSE: Uteraard fader. En dit lit Jan Wybenga ús yn dizzen sizze: ’Bûten har swart sirkwy is men gjin tel, in amateur dy’t omgriemt sonder doel, gjin doel alteast dat men yn jild omskriuwe kin.’

- in dôfhûdige stilte -

DICHTER GOASSE: Sa’t ik sís!, Jan Wybenga ferdichtet: ’Bûten har swart sirkwy is men gjin tél, in amatéúr dy’t ómgriemt sonder dóél, gjin doel alteast dat men yn jíld omskriuwe kin.’

GYSBERT JAPIKS: - sjocht de oare kant út - in noch dôfhûdiger stilte -

DICHTER GOASSE:  - ropt -: No? Sjoch my oan! Minskebern!

GYSBERT JAPIKS: No, even helendal stil. Want wy witte dat wat it minsdom net witte wol, dat komt it minsdom ek net te witten.

It idee! Dat je krewearjen net folop stipe wurdt. Troch dit ryksfûns net, allikemin troch eigen folk.

DICHTER GOASSE: Ja omke Gyb, it ís wat?! - begjint te laitsjen -

GYSBERT JAPIKS - laitsjend -: Och jonge! Wat ís dit wat!

DICHTER GOASSE: Ik hoech omke op dit stuit neat mear út te lizzen.

GYSBERT JAPIKS: No, doch do dyn plicht.

No.

 

Twadde part

GYSBERT JAPIKS: Dyn earste wurdsjes keuvelest yn ’t Dúts mei jim Dútse bernefaam. Wêrom dichtetst yn ’t Frysk?

JAN WYBENGA: Ik dichtsje net. Ik meitsje ferskes.

GYSBERT JAPIKS: Ha, ha. Geastich. Mar wêrom bedriuwst de leafde mei de Frýske literatuer?

JAN WYBENGA: Ho, der is gjin Frise literatuer. Allinne mar Frise skriuwerij. Nee, pielderij.

GYSBERT JAPIKS - deklameart gedragen wat fan himsels foar -:
Dyn sinnen rôlje hol oer bol
Sa giet de krúk wol lang te wetter
Mar rekket yn de ein te pletter.
Ast der teminsten net om tinkst Jan!

JAN WYBENGA: Nee menear, ja menear.

GYSBERT JAPIKS - rjochtet him op it publyk -:
Friezen! Dizze man is hjir dan wol op ús drege  klaai yn Warten berne, mar hy groeide op yn Weststellingwerf, op heane feangrûn. Yn ’e buorskip Easterstreek, in baarlike úthoeke. Earmoed, turf, jenever en erchtinken. En boppedat sei syn eigen heit fan dizze siel: ien soan en dy bedoarn.
Heit en mem grauden mei har jonkje Hooghaarlemmerdijks. De stakker. As er mei de bern boarte - às er dat al die - snaude er Noordwoolders, alderheislikste plat, no ja. En dochs is ’t goed mei him kommen, neffens my, master Gysbert, mar wa bin ìk langer?

JAN WYBENGA: Nee even krekt. Jo witte no net alles master. Us pake wie ek skoalmaster. En langer as jo, kin ’k je fertelle. Hjir yn Warten, 40 jier. By ús pake Jan 1 en beppe Wikje ha ’k it Frys leard.

GYSBERT JAPIKS: It Frysk of it Frys?

JAN WYBENGA: It Frys, ja. En Hoe! Sà dat de measte Frise poëten klagen: dy Wybenga dichtet njoggentjinde ieus.

GYSBERT JAPIKS: Soa, Frysk fan krekt nei myn tiid.

JAN WYBENGA: Moai krekt, ja. En dêrom stean ik ergens oeral bûten.

 

Tredde part

JAN WYBENGA: De resintinten ha my by myn libben en nei myn fertigen kontinu de himel ynpriizge. Dêr kin myn Samle wurk net omhinne.
It wie altyd jûchhei. Dat is mislik. Mar it slimste is, it giet no noch hyltyd troch.
De earste sprekker neamde my niis in machtichmoaie dichter. Dat is my net dúdlik. Ik bin ommers net moai, no? En machtich alhelendal net. Hoe komme je derop?!

GYSBERT JAPIKS: O Jan! Myn hert dat trillet my. Wat bisto moai! Machtich!

JAN WYBENGA: Ik tink hjir no even dat se my noch altyd sa moai en machtich fine omdat se noch altyd gjin oar boartersguod ha dat de muoite wurdich is. Het zij zo.

GYSBERT JAPIKS: Myn hert dat trillet my. Wat bisto moai!

JAN WYBENGA: Ik sil it jim even útlizze. De literatuerhistoarisy wolle ha dat myn fersesykluske mei de namme hurrel - wat opskuor betsjut - in enoarme skok teweech brocht. In enóárme skok. Sels ha ’k dêr net folle fan fernommen. No ja, guon wiene der net net botte wiis mei. Dy makken kápsje.

GYSBERT JAPIKS: Myn hert Jan. Tink derom.

JAN WYBENGA: Dat in snotnoas him sá tjirgje mocht. Ik siet bijfoarbeeld yn myn belangryk fers mei namme P. punt de grutste Fryske filosoof Jan Piebenga, dy fan de Djipte en de Ynbannigens, op ’e kop.

Mar fierders, nee. Ik soe in modern dichter wêze. Wêr há se it oer.

GYSBERT JAPIKS: Jan! Dit is teminsten dúdlik: dó bist in modern dichter! Dan ha wy yn ’t Frysk teminsten in modern dichter. Holà!

JAN WYBENGA: Nee, ik bín gjin modern dichter.

GYSBERT JAPIKS: Dat bisto ál! Dat sizze se allegear. No moatst ophâlde. Ik moat hjir sels dy idioate fersen fan dy deklameare. Do moatst my net de gek oanstekke.

JAN WYBENGA: Dy fersen bínne miskien wol net modern.

GYSBERT JAPIKS: Net modern? Do hast se sels skreaun!

JAN WYBENGA: Ja. Nee. Ja!

GYSBERT JAPIKS: Ast net modern bist wat bist dan al? Wat ha wy dan oan dy?

JAN WYBENGA: Niks menear. Mei permissy, mar ik ha neat mei jo of mei dy hele fanatike Frise Beweging te stellen!

GYSBERT JAPIKS: Dy hiele Frysksinnige klup hat dy yn ’t sadel holpen jonkje. En dy literatuerfreaks ha dy letter allegeduerigen yn wurd en geskrift oer ’t hynder tild. Oan hjoeddedei ta. Sa’tst niis sels fêststeldest.

- JW stampt mei de fuotten -

JAN WYBENGA: Ja. Nee! Ik bin ûnôfhinklik. Ik bin mysels. Jan W. 2. Jan W. 2 dát bin ik! It moat net gekker wurde.

- dan ynienen salvjend -

As it deroan stiet, soe ik om dy bêste minsken desnoads ek noch wol wolle. Soe ’k it om har opbringe kinne. Mar earlik! Ik bín ommers gjin modern dichter. Wier net. Dat bín ik net. Dat wolle sy fan my méítsje. En dat snap ik ek wol...

GYSBERT JAPIKS: En dêr hasto flink profyt fan.

JAN WYBENGA: Nee. Ja.
Ik sit dertuskenyn. Ik bin in oergong. Ik bin gjin Frys, gjin Oertsjonger, gjin Grinzer.
It ís my gjin bloedigen earnst, lykas jim hjir. Wol earnst. Mar gjin bloedigen.

- JW wynt him wer op -

Ík, ík sit nèt yn in hokje, lykas jim allegear. Jim sitte allegear mei-inoar hyltyd yn itselde hokje. Yn in nearzich lyts hokje sitte jim. Hjir no ek wer.
Nee, it stelt allegear niks foar. By jim stelt it allegear hyltyd wer niks foar. Hjir no ek wer net!

Ik bin óárs modern.  Of net modern, mar... of ek wol wer. At it sa útkomt. Dan wol.

Ik bin temínsten gjin provinsjaal. Net foar neat dat jim hjir hyltyd sa heech opjouwe fan myn tsjinstridige mieningen. Krekt omdat ik net in provinsjalist bin. Ik bin in kosmopolyt. Mondain. No?

- JW rjochtet him nei it publyk -

Ja! Ik ál en jim nét. Dat is jim frustraasje. Ik kín ’t witte. En ik wít it ek. Want sa ha jim my altyd behandele.

Sels ha jim gjin status. Dêr komt it allegear fan. Status ha jim net. Noait hân. En sa krije jim dat ek net!

- JW wol der no dúdlik net mear by hearre - keart iderien de rêch ta - ropt -:

Ja, dêr komt it fan. Dat se gjin status ha. Oer myn rêch hinne soenen se status winne kinne? Oe, dy ego’s!

GYSBERT JAPIKS: Tuike, tuike Jan. Dosels dan?

JAN WYBENGA: Ja! Mar ik wít it fan mysels. En ik wurkje deroan. Teminsten...

GYSBERT JAPIKS: No..., ja.

JAN WYBENGA: Ik ha mysels ommers ek ergens wol op in pypfol. Teminsten...

Ah, dat geouwehoer fan dy Frise skriuwers. Se ha der fierders èk niks fan begrepen. Fan my net. Fan myn fersen net. Ronkjende skôgers roppe ’t holst. En dy ape se allegear nei. Dwergepraat! Dat is ’t!

En it ferkeapet ek noch net iens! Hjir ek net!

- rint derút, stampfuotsjend -

GYSBERT JAPIKS: O! Idelheid der idelheden.

 

Fjirde part

- JW stevenet der wer yn -

GYSBERT JAPIKS: Ah! Dêr wie ús lauwere dichter al wér! Wat bekommen? Net mear op ’e teantsjes trape? Fijn!

- GJ leit de earm om JW syn skouder, flaaiket -:

Wat fynst derfan dat dy maloaten dy twa kear myn priis taskikt ha? Bist der ek wakker grutsk op? Ja seker?

- JW ûntwrakselet him fan GJ syn earm -

JAN WYBENGA: De earste kear fûn ik it in ear. Mar ik tocht tagelyk: no tinke se dat se fan my ôf binne. No ha se my kaltgestellt, tocht ik. No bin ’k konserveard.

GYSBERT JAPIKS: O?

JAN WYBENGA: De twadde kear sei ik: wie der no net íen oare te finen dy’t him èk fertsjinne hie?

GYSBERT JAPIKS: De earste kear tocht ìk: is dy Jan Wybenga no fernoege mei dizze heechste ûnderskieding? Of sjocht er del, ja dèl, op dy lju dy’t him sa op in fuotstik sette?

JAN WYBENGA: Beide.

GYSBERT JAPIKS: Beide?

JAN WYBENGA: Ja, ik ha altyd wat twaslachtichs hân.

GYSBERT JAPIKS: De twadde kear doe’t myn priis nei dy gong, tocht ik: o, gelukkich, no tinkt hy dus sels ek dat in oar him méár fertsjinne hie.

JAN WYBENGA: Dat tocht ik ja. Teminsten...

GYSBERT JAPIKS: Wêrom hast myn priis dan überhaupt wér oannommen?

JAN WYBENGA: Hoe bedoele jo menear?

GYSBERT JAPIKS: Sis do no marris gewoan do, of byneed jo.
Hiest him wegerje kinnen!

JAN WYBENGA: Wegerje?

GYSBERT JAPIKS: Ja, wegerje. Romte foar dy oare oerlitte.

JAN WYBENGA: Jan Wybenga wegeret gjin priis.

GYSBERT JAPIKS: O.

JAN WYBENGA: Och benepen âld sek. Hâldt op fan kalvinisearen!

GYSBERT JAPIKS: Ik tocht datsto sa foar ironý wiest.

JAN WYBENGA: Sjogge je no wol: Friezen witte net wat humor is. Ast in grapke makkest, tinke se daliks datst har de gek oanstekst. Ik bin blied - ho, bliid - dat ik yn Grins sit.

 

Fyfde part

JAN WYBENGA: It Frys is in wondermoaie poëtise taal... Ja... Dêrom dichtsje ik deryn... O nee, nergens oars om.

Wat sis ik? Taal? It is in útstjerrend treasteleas dialekt. It stjert jin onder de hannen wei. Myn pielen is morbide!

- JW freget it publyk -:

Hoelang hat jim tongslachje noch tied fan leven? Wannear sterft it út? Binne jim dêr noch by? Ja?

Of giet it te starichjes? Dat soene jim toch moatte witte jonges.

 

Sechsde part

JAN WYBENGA - yrriteard -: No neamt dy keunsthistoarikus my hjir nota bene in modernist fan ’e blokkedoaze!

Ik wít wol dat myn byldzjend wurk net in soad foarstelt!
Ik ha ’t net foar niks altyd yn ’e map hâlden, thús.

GYSBERT JAPIKS: No Jan? Do naamst sels de foarstap foar in útstalling fan dyn universele techniken. Doe ommers, dy kear yn ’t Frysk Letterkundich Museum.

JAN WYBENGA: No ja, toen. Dy iene kear. Op toen nei dan. Mar dy eksposysje wie ek mei fiif oaren.

GYSBERT JAPIKS: Mar Jan, doe wiest wér de bêste! Wér nûmer Ien!

JAN WYBENGA: Dat wít ik wol! En no neamt dy lêste sprekker myn wurk mar boarterij!

GYSBERT JAPIKS: Dat fynst sels ommers ek Jan! Dat seist no niiskrekt noch.

Lykas dyn ferskes is ’t knap konstruksjewurk. Mear ek net. Wie ek net de bedoeling. No jonge?

JAN WYBENGA: Ja. Nee. Mar as sá’n man dat seit. Dat kín net. Dat kin nét!

GYSBERT JAPIKS: Nee dat is sa. Dát kin net.

GYSBERT JAPIKS - rjochtet him húnjend nei de sprekker -:
Wa miene jo wol net dat Jan Wýbenga is? Wat wolle jo fan ús Jan Wybenga?

SPREKKER - sil wat sizze, mar GJ wachtet syn antwurd net ôf -

GYSBERT JAPIKS - tsjin JW -: Nee Jan, do wiest dyn tiid fier foarút yn ’e moderne keunst.

Teminsten yn Fryslân. Teminsten...

JAN WYBENGA: Is dat net genôch dan?

GYSBERT JAPIKS: Freegje it dy sprekker. Dy fint mient dat er oeral ferstân fan hat.

JAN WYBENGA: Wat sizze jo nó?

SPREKKER - hâldt him wyslik stil -

GYSBERT JAPIKS - tsjin JW -: Sjochst no wol? Dan stiet sa’n wiisprater mei de mûle fol tosken. Sok folk kin ik no wol fergrieme. Sokken moasten se...

GYSBERT JAPIKS - ropt lilk tsjin de sprekker -: Jo moatte jo noarich stilhâlde! Jo ha der gjin áán fan wat ús beweecht!

SPREKKER - als voren -

GYSBERT JAPIKS: - tsjin JW grutsk -:

Nee Jan, dó bliuwst uze aldergrutste Frieske moderne keunstbroer. Toch? Sjoch mar.

- GJ hâldt de twa dielen Samle wurk omheech -

Twá bóéken! Fán   én   óér   dý!
880 en 500 pagina’s. 600 gedichten, 300 stiks beeldende kunst, of sa. En dat fan oarsprong út Warten. Geweldich. Profisiat man!

JAN WYBENGA - bûcht -