GELEGENHEIDSTONGERPREEK

Blassum sneon 27 april 2013

DS. DICK OVER TER LINDEN

 

[Preker sprekt de r út as in j, hy seit dus net mar hawar, mar maj hawaj, snapst? En dêroerhinne praat preker fierders skiteldeftich, dat is bekakt à la Ofisjele Akademy c.s]

Lieve mensen. Ljeave mììñsken! Wolkom. 
Gemeente!  Ha goeie. Halal, halala halo. Fijn dat jim der binne!
Alles goed? Ìk net! Ik ha íén foutje makke, ha, ha. Ja, mar ik ha dan ék sa yts fan: in foutje meie wy mììñsken meitskje, toch? Net álles geheel goed. Hoecht net, toch? Hoefier giet it? Wy komme der noch op werom.

En ek tiege wolkom fia Omrop gesellich thús. O, jim Omrop hjir net. Okee, okee.

Mienskip fan ’e hilligen en silligen. Wat binne jimme yn grutte getale - ho, mannichte - hopkommen! Hop ’e kee. Op nei Blassum, óptein nei Sion en kómmen. In hele serk folkomen. Wy komme der noch op werom.
Happy??? Ja!
Bruorren en susters. Hai, hai kids.

[Preker wiuwt even]

Wat in bliede gesichten!
Ik neam hjir Alie, Anne S., Asha, Belinda, Camiel, Carla, 
Dries, Doede, Evert, Fadwa, Foppe, Geart L., Goofy, ús aller omke Gysbert, Heleen - oeh lekker wijfy -, Isegrym, Jasses, leave Kevin en Kimberley, Laura en Paula altijd te verkiezen, Leo, Mark, Matty, Maxim, Mohammed-Hamza - sechstjin jier jong en krekt bekeard, knap fan dy broeder, wy witte wat it ynhâldt, sjapoo! 

[Preker stekt de tomme omheech en salueart plechtich]

Ho, no soe ik in essinsjeel persoan ferjitte, myn broer en frijsinnich kollega-sielesoarger Carel - wy leauwe al net mear yn in hjirneimels en aansen ek net mear yn in god, wy binne noch hyltiten yn ûntwikkeling en krije sadwaande hyltyd mear ynsjoch yn de wierheid, no Carel? Us Carel hat yn dy bekearing fan Mohammed-H. trouwens in nochal stevich, mar lukratyf oanpart hân kin ’k jim fertelle - hoi Carel, fijn datst der foar my bist!

[Preker stekt no net de tomme, mar de finger omheech en knypeaget skarlúnsk en tagelyk tankber nei syn broer, nei Carel over ter Linden dus]

[Preker suchtet]

En Olga. O Olga,

[Preker suchtet jitris]

Pietsje en Quiryn, Reinder, Remco, Ruerdsje, Rijkman - oeh lekkere ouwe pekuniafyl, moet kunnen, ik wit it -, Samir, Tony en Trinus, Ûlkje en Veronique,

[Preker begjint no alwer te wuiven]

Willem, Xander, Yge Gæles - ús eigenste potestaat - en ús altyd moedige Zusan - ja, nooit klagen altijd maar verdragen - en Zwaantje toch ek noch, knap fan dy Zwaantje.
Hallegearre blied!

De hâlderling fan tsjinst hjir yn Blassum hat my frege om mei de préek te begjinnen. ’No ja. Dan hat dûmeny dát mar hân,’ sei er.
Ik sei: ’Sa is ’t! Wy begjínne mei de préek, dan binne jím déêrfan ferlost.’

En doe sei er: ’No ja dûmeny, en wy begeare fan dûmeny Over ter Linden in stichtelike donderpreek,’ sei er. ’En dy geheel frijsinnich à la Leiden fan doe, én yn it Fries. En cool dûmeny. ’
Dat sei er, gemeente.
Moeilik.
No ja, mar ah, ik sil hjir tsjin dizze minimale betelling noait wer stean, yn dit oranje joggingpak yn dizze houten broek yn Blassum - neist de reiskosten fang ik yn ’t geheel 17,50 euro kin ik jim fertelle, it is toch ferskriklik. Ik koe dit gat  trouwens ek al hast net iens fine en by Blaksum ha ’k my meardere kearen moatte ferride mei al dy achtbaans diken en dat wurdt hjir ommers evensagoed noait wer wat.
Ik sil jim boppedat noait wer kínne sjen. Want ik sil jim heel wat lyk yn it gesicht moatte oansizze.
Ik hie trouwens oan myselfs so wie so yn ’t geheel ek al sa yts fan dat ik net fan doel wie om my hjir oait wer te fertoanen, dat in Fryske tongerpreek sille jim ha. Dus.

Mar hawar, is ’t begjin sa goed? Okee. Dan fan in frisser start op nei de einder.

Dan wol ik earst wat gesellichs oer mysels fertelle. Wat leuks. Okee? Okee!
Siet ik froeger op foetbal, siet ik. Jim miskien ek wol. Fastwol. Sit ik fastgoed. En dan trapen se tsjin dy bal oan en dy rôle dan alle kanten út. Se skopten en dienen. Fan dy kant en dy kant. En dan wer út dy hoeke en dy hoeke. Hyltyd ûnferwacht. En dan sus en dan sa. It wie hâlden en kearen. En je koenen der gjin peil op lûke. Ik teminsten net. Mar ik praat altyd mar wat foar myselfs.

Witte jim it noch gemeente? Absolút.
En dan trapen se dy bal yn it goal. Ja, yn it goal. Dat is? Klopt, dat is Ingels. Yn uze goeFrysk: it doel! En dan wienen se sa blied. Sa blied as jim hjir no. Dan begongen se te bûtsen en te blazen.
Witte jim it noch? Om it dóel-Punt. Presys.

En mei uze takst sille wy fan ’e middei no daliks ta de wittenskip komme, ta ta ta uze algemiene witten komme: dat doel dat binne wysels.
Of net? Of binne wy de bal? En is it Frysk it doel of it doel-Punt? Of de bal? Of binne wysels én it Frysk de bal? Of binne inkeld wý it Frysk en de bal de bal? En it doel dan? Witte jo it?
Dan it antwurd nei de preek graach. Wy komme der noch op werom.

[Gedragen]

Gemeente, uze takst is hjoed út Allertaksten 7 Fers 1A:  Wolle wy it Frysk ferstean.
En uze takst is hjir yn Blassum - weaderom wolteferstean yn ’e middelike wolbefining fan ús libbens - ergens folkomen trijeliddich:
Wólle wy it Frysk ferstean. Wolle wy it Frýsk ferstean. Wolle wy it Frysk ferstéan?

 

1e part

O!
En wy keare it hjir fan ’e middei yn Blassum ek wer folkomen om.
Want wy witte dat wy moatte oanfange mei it lêste en tredde part: Wolle wy it Frysk ferstéan?

Dêr yn ’e hearebanken sitte de risnabele heechpleatsten. Itsij linksom of rjochtsom, herwaarts noch derwaarts geweest- uze tsjinstfeint Géhazy gemeente! Witte jim it noch? Presys.
Mar dy pommeranten ha jimsels boppe jim steld. Jímme Sanhédrin. Ja no? En no is it hecht ferkeard beteard, no? Yn ’e fout west. Jim ha jim troch dy grutte lju hyltyd wer mar wat fys litte foarlige, hè’n? Jim bedane en bedogge mar. En roppe en raze wol omraak om jim hinne, no? Mar it wurd ’lige’ komt net út jim brave tapaslike fatsoenlike koker as jim jim hearen miene nei de mûle ta ta ta moatte prate. Dan hâldt jim steil wurd op, dan hâlde jim it mar even sunich op ’jokke’. Of net iens. Dan op syn goedkeapst mondje dicht. Suertsjes!
Dat stjonkt út jim brave boargermûltsjes net sa’n bytsje. En dat docht no ek noch wol eventsjes fan ’au’, hè’n? Moeilik.

Want dat Sanhédrin, ja huze eigenst oprjochte Sanhédrin, bedraait en hannelt sa’t it har neffens eigen beurs en belang hútkomt. Dat freget jim niks. Neat gjin nijs.

In gelikenis is hjir op syn plak. Lêsten stie der ien fan it Sanhédrin op ’e dyk. Ja, menear stie samar op ’e dyk, en doe kaam der sa’n froutsje oan. Ja, ja, samar sa ’n ferlegen froutsje. Ja, en sy kaam der even oan en sy skamme har even net en sy frege opiens menear nei de wei, nei de wei yn har libben...
Yn ’t Hollâns fansels. Want dat dogge jim allegear en net allinne as jim it paad bjuster binne of yn ’e pypsek sitte. No? Dêr is dat froutsje net in útsûndering. Absolút.

[Preker raast en swaait mei de earm oer it folk hinne]

Sels ymport, lykas iksels, dy’t it sa salich, leuk en lykmoedich yn jim eigen taal besiket, krijt by slampampers as jim steefêst it lid op ’e neus - ho noas.
Ferflokte ûnderkrûpers! Jim begjinne allegear altyd mar wer skytsekkerich hyn dat smoarge Hollânst! En ik wit oan mysels dat jim folkomen yn dat kwea folharde. Want dit is it kwea: jimme bewitte it fan jimsels net iens. Oeral fan bewust, mar hjir aloan op de automatise Hollânse piloat. Ik sil it jim toch wer moatte útlizze. Unhuere oerboadige slachtoffers!

[Ynienen o sa kalm]

En doe handere dy farizeeër: ’Ik weet het niet.’

[Sentiminteel]

Dat froutsje fernaam fansels fuortendaliks dat dy fint in Frysk aksint hii, en doehoe sei dat froutsje yn har beminlike wiesheid sacht:
’No, - dan - sil - ik - fierder-op.’

[Lulluk]

Hat dy wiesgear it Frysk ferstíin? Hat dy kwezel begrépen wêr’t it hjir om giet?

[Stilte, preker docht de finger foar de mûle]

O, wat is it stil. Hark! Jim skuld. Jim oerskuld, de duvel, dy slang yn jim systeret.

[Fan boppen by ’t oargel wei wurdt ienkear heel lûd skealik lake]

[Preker ropt]

Beëlzebub, Beëlzebub, Behelzebubst!

Ja, jim skynhilligen huorkje hallegearre yn dat Hòllâns, Hòllâns, Hòllânst! Hyslakken!

Nee, dan de hûnnoazele bern en hja dy’t holoksillich hyn har bernskens binne weromkeard en mei harsels yn eigen taal ien mei de hoare binne.
Hoenear herkenne jimme har djipste bliks? Hoenear sjogge jim har yn har hearlikheden überhauptst foar folst hoan?

 

2e part

Praatjes vullen geen gaatjes gemeente.
Sa komme wy ta de twadde betsjutting fan huze takst. Wolle wy it Frýsk yngeand brûke. Ja, lykas seks, min ofte mear teminsten. Mar dan net sa behyplik en sneu lykas it jim oan no ta fergiet, onbeholpen stakkers. Yn neierder, sprekkender útlis: wolle jimme it praktysk hyn jim eigen taal mei de oare dwaan, lit stean góed dwaan? Leaver, leafst, hearlik?

[Preker raast]

Nee!
Wy hawwe legio foarbylden hút de praktyk des libbens.

[Lêbich]

’Ik kin net Fries lêze en skriuwe, want ik haha it noait op skoalle hahân. Of: ik haha it net goëd hahân, allinne wat ferskes dûmeny. Ík kin it net. Ik kín it net. Ik kin it nét. Net g-o-ë-d, hu’n.
En wy praten thús net sa goed Fries as jo dûmeny. Dumeny praat sók moai Fries.’

[Preker tongeret]

Ja! Ferdomme! Ho.
Ìk doch myn flyt der ek op.
Mar jim jeremieare mar troch:

[Jeremiearend]

’Nee dûmeny! En dan dy nije spellings, of staverings moat ik sizze tink, of sa, hyltyd wer, toch?
Nee, ik kin it net sa g-o-ë-d, hu’n.’

[Preker ropt]

Hearejemich! Kin net leit op ’t tsjerkhôf!

[Preker wiist]

Dêr!

[Preker wurdt no lilker en lilker]

In oar heksimpel jildt de selsbestowende hakademisme keamerburogealearden mei har staveringsoptinksels en subsidiearde fergaderigen dêroer dêr’t se allinne sels allinne mar belang by ha - it folk beslist net beslist - anneks har harrivearde hopslokdirekteuren, groulivich oanset fan dy strukturele subsydzjes. En dêrby op ’e strafbankjes dy húthongere, skriemende en om har hinne slikjende selsbeneamde dichters, skriuwers, fertalers, redakteuren, tydskriftemakkers, sjoernalisten en hútjouwerst.
Jim Frysk stiet stief fan weareldfrjemde hargayske hútsjitters en tagelyk deagewone platte staveringsmankeminten. Dy sjoch iksèlf, as folslagen teologys bûtensteander, Nota Bene! Ien briif fan jim ynstitusjonele direkteuren en har sikretaressen en yn ’e earste  regel is ’t al mist. Fan jim miint selst 98 prosint dat it flaterloas hedendaachs itsij âlderst Frysk beneamt. Meitsje dat jimsels wies. It deskundich rosmos kwattelet mar wat oan. En dan fan mienskipsjild mar djoer folop fergaderje mei opkloppe foarums oer de Fryske stavering of sa, dy’t jim dus sels by lange nei net ûnder de knibbelst ha dus.
Wêr meitsje je soks yn ’e goedichheid op ’e weareld mei?

[Preker wurdt no barmhertich fan toan]

’Dit heb ik niet geweten’ smûcht myn eigenste onbehoarlik ynboarst. Ik wit it gemeente, o wee, o wee, klisjee, klisjee, weareldwiet. Mar as dizze swolm net sa kwea bliuwde trochotterjen, soe ik jim jitris soks net sa hoege moatte oansizze. Hâld dit fêst.

Want wy witte: it is mei jim krekt as mei de skinker en de bakker. De skinker litte wy yn dizzen no even foar wat er is. Mar dy bakker sil hjir ergens dochs fan tapassing moatte wêze: hy dy’t as bakker net begeart om te witten hoe’t er mei moal moat omgean. Lykas jim, dat èk gewoan ferdomt. Hy sil syn banket bakke, mar griemt mei grint en stiennen om. Hy bakt en bakt der kear op kear op kear neat fan.
Sa klieme jim mar wat mei jim eigen taal om.

[Preker wurdt no ynienen wer razend, mar de gemeente bliuwt lykwols moai sitten]

Lykwols, ien misbaksel yn dat ferflokte Hollâns en jim krije sá’n boei!
Mar mei it Frýsk kin ’t halhelendal neat skele. It waait je wol oan, no? En hoars hek mar net. It is hommers mar Frýsk.

Binne der dan net hin péár hyn dit fermidden te finen dy’t hit wol kinne én dogge? sil de Oeger by ’t heinhoardiel beevjend freegje? Net hin péár sielen? Ja hin pear, mar dy ha dan ek yn ’e rjochtsstinnige lear west - by dat fine Hrysk en Hrij

[Preker reaget syn glês wetter nei ûnderen]
[Alderling fan tsjinst rikt him it glês oan]

O myn libbenswatter!
Der sitte noch mar in pear drappen yn.

[Preker slacht de eagen yn omhegen, suchtet]

Mar in toarstige siel hat genôch oan ien drap.

 

3e part

[Preker himet wurch]

En no komt it gemeente.
Werom nei huhuze takst. De tahapassing. De hearste betsjutting dêrfan - en hjir hyn Blassum hawwe wy dat hommers hallegearre moatte omkeare -, dus hjir de lêste betekenis, ja de pehynlikste alderlêste bekentenis, dy is hjirre, hearlik is hearlik, by ús yn uze binnenkeamerst, ja yn uze eigenste herten, en dy is strikt tenei dizze: wólle wy Frysk? Mei hoare wurden, ja hoare wurden: wólle wy uze Frysk yn ’e praktyk des libbens allegeduerigen goed brûke? Yn alle hopsichten? Yn alle hivichheden? Sa, dat wy hússels en de hoare en de Oeger wierliken altyd en altyd rjocht kinne oansjen?

[Grammitich]

De Oeger ropt yn my: ’Wolle sy dêr achteryn hit Frysk goed brûke?’

Neehee! Se hobserveare, op harsels hallínne.

De Oeger ropt en ropt: ’Minskebern, sjoch my hoan!’

[Preker slacht mei de fûst op ’e râne fan ’e preekstoel, wiist mei in prykjende finger nei it middenskip]

En jo? En jo? En do? Jim skeuke der wat tsjinoan?

[Preker wiist nei de foarste banken, flaaikjend mar twingend]

Hearme skiepen - ho, skiep. Kom mar. Kom mar. Kom mar.
Hjir hyn ’e lytse skare tichte hom my hinne. Ja, jimme wólle, wólle, wólle.

Sa bliuwe dan dizze trije: hit wóllen, hit Frýsk hen dit ferstéan. Mar de measte fan dy trije his hit wóllen.

[Op ’e preekstoel lizze twa tsjûke boeken opinoar. Preker skoot ûnder it preekjen oerstadich it boppeste boek fan ’e preekstoel,
it boek klapt op ’e grûn, 
âlderling fan tsjinst krijt dat op en sil it him oerjaan]

[Preker ropt iriteard]

Nee!

[Preker himet mei sachte salvjende stim]

Wólle wy ús dit, nei dizze taksthútlis, no ek hallegéárre eigennimme? Wy kinne hit wól. Has wy wólle. Has wy wólle kinne wy hit. Méi-inoar.

[Preker raast ynienen oerlûd]
Ja! As wy wólle kinne wy it.
Ja! Wy wólle!

Goal!

[Preker ramaait yn ienkear it oerbleaune tsjûke boek fan ’e preekstoel]

[Even helendal stil]

[Preker seit no kâldwei]

En no noeget de kerkenraad jim út foar in gesellich gratis verantwoord kòpke kòfje mei wat lekkers erbij, even lekker bijkletsen, en voor de kids een leuke verrassende tractatie. Er is hier ook onbeperkt wifi.

[Applaus]