ÚTSTALLING WYBENGA EN WARTEN

24 novimber 2012 o/m maart 2013


FOTO’S: MARTIN F. LELIE

Op de útstalling Wybenga en Warten  wie wurk te sjen fan de dichter en keunstskilder Jan Wybenga - berne te Warten - en fan syn âlden en syn pake Jan, dy’t 40 jier skoallehaad te Warten wie.
Neist foto’s en histoarise dokuminten wie der in ferskaat oan byldzjende keunst fan him.

De oanlieding fan ’e tentoanstelling wie it ferskinen fan syn Samle wurk , yn twa dielen .
Yn in kleurekatern yn Diel II is in katalogus opnommen fan 241keunstwurken: akwarellen, gouaches en tekeningen.
Wybenga eksperimintearde wakker mei ferskillende stilen. Syn wurk lit in miks sjen fan modernistise ynfloeden fan foar de Twadde Wrâldoarloch, soks kaam oars nei de oarloch yn Fryslân oanwaaien. Dat Wybenga doe al mei modernistise techniken yn ’e slach wie, kin tsjûgje fan in sekere iepenheid, want soks wie yn dy tiid hjir nij.
It wurk jout in moai tiidsbyld, benammen de selsportretten út de tritiger jierren en ek doarpsgesichten fan syn bertedoarp Warten.

Oan Museum Warten is as bliuwend oantinken in plakette oanbean mei in selsportret fan Jan Wybenga en syn gedicht Wonderful Warten.

Expo Jan Wijbenga 1  Expo Jan Wijbenga 3

Midden: doarpsgesichten fan Warten                          Abstrakt wurk

Expo Jan Wijbenga 4

Expo Jan Wijbenga 5                  Expo Jan Wijbenga 6

Selsportretten en links dochter Annemiek        Selsportretten, âlden en suster

Expo Jan Wijbenga 9

De dichtbondels

Expo Jan Wijbenga 10    Expo Jan Wijbenga 11

Expo Jan Wijbenga 12

Portretten fan heit, pake en beppe