FOTOREPORTAAZJE

BOEKPRESINTAASJES

BLESSUM 27 APRIL 2013

 

FOTO’S: MARTIN F. LELIE, LJOUWERT

Klik op foto foar fergrutting

 

DSC_0003

De Mariatsjerke fan Blessum

DSC_0005DSC_0008DSC_0009

DSC_0021

Ynrinnerij

DSC_0010DSC_0021DSC_0022

DSC_0050DSC_0038

Foaroan sinjeartafels. De neiste famylje fan ’e skriuwers troanet yn ’e hearebanken

DSC_0042

De meiwurkers komme achterinoaroan de tsjerke yn en strike del yn ’e koarbanken: Matty de Vries - hjir yn ’e hoedanichheid
fan âldwiif -, Jelle Bangma (algehele lieding), Leo Popma en Reinder R. van der Leest en dêrachter (net op ’e foto) Foppe Venema, Sierksma, Jaep Meems (oargellist), Herke Tichelaar (gitarist), Anita de Vries en Migchiel Kingma (frijwilligers), Jitske Kingma en Goasse Brouwer (útjouwers)

DSC_0057

Fan links nei rjochts: Herke Tichelaar, Jaep Meems, Reinder van der Leest, Foppe Venema en Leo Popma

DSC_0136

F.l.n.rj.: Jaep Meems, Reinder R. van der Leest, Matty de Vries, Leo Popma

492

Jitske Kingma en Migchiel Kingma

DSC_0047

Wolkom. Fjouwer nije útjeften: in roman, twa dichtbondels en in bondel sketsen yn ’t Nederlâns
+ iepening útstalling byldzjend wurk Reinder R. van der Leest.

Jelle Bangma wurdt lestich fallen troch it âldwiif. Stil gewurde litte

DSC_0062

Leo Popma fertelt oer syn nijste roman

DSC_0065

Leo lêst in fragmint út syn roman As gong dêr in oar. Matty de Vries begeliedt dat mei akkordeon fan ’e kreake ôf

En ear-moede is ʼt, ferarmoede is stedsk.” Loswei kwattelet se it dwars oer de side en sjocht him oan: [jɛrmu.ət]. “Ja? En ûnthâld no ris it ferskil tusken it lange en it brutsen lûd: In líét op ʼe tííd makket my blííd, mêke it skíép. Hearst it? Sa.” Liet / tiid! Se moat om harsels laitsje en lit de holle even tsjin syn skouder falle. “Sorriii.”

Stadichoan wie dat der ynslûpt. Hy die syn bêst, alles wat er noch wist út ʼe tiid yn Stadsy brocht er yn stelling, mar it moast fier weikomme. It wie begûn mei in sunich geklak fan ʼe tonge. In fleurich klik-klak dat heftiger waard neigeraden it geduld oprekke of hy it der út balstjurrigens om die. Hy wie har kêde net, hie er sein en doe stapte se oer op in koart u-u. Dat hie syn útfallen ek, as moast de hûn werom yn ’e koer. Unútsteanber wie it bytiden, midden yn in ferhaal. Fan kleare argewaasje hie er it har in kear foar de fuotten smiten: ʻTaalfreakes binne ûnferdraachsume kwezels, witst dat?ʼ ʻUnferdraachlik bedoelst, tink?ʼ Se lake deroerhinne en meast einige sok gekreau mei dat yrritante ʻsorriiiʼ. It wie har fak, tocht er, tolk-fertaler, altyd omplúzje yn oarmans tekst en bedoeling. Bytiden kaam it him de strôt út en sei er gjin wurd. Mar likegoed siet er de wykeinen oeren yn ’e auto of naam er it fleantúch as se te fier útinoar sieten, om by har te wêzen. Har lichaamlike oanwêzichheid wie in segen dy’t er lang net mear kend hie en dêr’t er kopke-ûnder yn gong. Se prate en lake as in klok en se neukte like frij en sûnder foarbehâld. Stadichwei hie er it gefoel krige dat dy skoalmasterij net allinne fuortkaam út har fak, mar tsjinne as pânser tsjin in groanise ûnwennichheid. As behearske se har flechtich bestean mei in puriteins rezjym yn ʼe taal.

DSC_0041

De tongerpreek sjit der om ’e iene of oare reden by yn
Sjoch: Gelegenheidstongerpreek Blassum

DSC_0060

It âldwiif dielt ûnbegrepen muntsjes út

DSC_0114

Jelle Bangma lêst fjouwer gedichten fan Foppe Venema, ûnder oaren it fers dat him hjir fuortby tusken Blessum en Boksum ôfspilet:

HAITZE HOLWERDA

Sa high op ’e klaai,
sa straight op ’e smelle reed
hast it noch noait sjoen.

Dat komt troch Haitze
Holwerda dy’t ‘Eat your pie
before you die’ sjongt.

As tatûaazje
syn motto: ‘Sûnde en spyt
is wat de ko skyt.’

DSC_0119DSC_0080

It fers BY WIZE FAN NEIWURD, einiget mei in refrein fan Bob Marley

‘Get up, stand up!
Stand up for your rights!
Get up, stand up!
Don’t give up the fight.’

Herke Tichelaar spilet dat op gitaar

DSC_0084DSC_0086

Foppe Venema wennet yn Frankryk. De fersen yn syn nijste bondel ha in heech nostalgygehalte: Fryske taal en literatuer, lânskip

DSC_0090DSC_0095DSC_0097
DSC_0099DSC_0102DSC_0104

Klekte. Ut it ponkje in suertsje, en deryn? De Blessumer mjitte is in tientsje, minder mei ek

DSC_0111

Matty sjongt fan Franz Schubert (1747-1828) IM ABENDROT, O wie schön ist deine Welt,
mei oargelbegelieding fan Jaep Meems

YN JÛNTIIDSREA

O hoe moai is no dyn wrâld,
Fader, as hja gouden strielet!
As dyn glâns hjirûnder falt
En it stof mei glânzen mielet,
As it rea, dat yn ’e wolkens blinkt,
Yn myn stille finster sinkt!

Koe ik kleie, koe ik wifkje?
My fersinne yn dy en my?
Nee, yndachtich wol ik hifkje
Himelglânzen, tichteby.
En dit hert, eardat it brekke mocht,
Drinkt noch gloed en sloarpt noch ljocht.

DSC_0115

Skoft

DSC_0123DSC_0132

 

Bûten is it kâld, tagelyk oangenaam

DSC_0126

Boekferkeap

DSC_0004

Diske mei stuntprizen. Rin der net oan foarby

DSC_0130DSC_0131

Foar de poerlegrap is wat jierren lyn in goedkeap Mariabyldsje yn ’e nis boppe it 14de ieuse poartsje delset.
Mei sukses: in soad lju leauwe no fêst dat it út de Midsieuwen stamt

DSC_0152

Matty de Vries lêst fjouwer fan har gedichten út de bondel WAKKERWEROMSJEN Frysk en Nederlâns, ûnder oaren MEM - Ps. 23 en

MÛLE-OARGEL

at sneinsstilte hast net mear te daaien is
pakke har hannen hoeden it stikje izer
mei de houten tonkjes út it sunich
opburgen beklaaide doaske

fliberich himet Johannes de Heer
elkenien yn ’e earen en bliuwt brodsk
boppe de troutekst oan ’e muorre hingjen

de sturt fan it iene wurdt it begjin
fan it oare gesang yn polonêze
dûnsje wy achterinoar troch de keamer

no de bôle en it bakte aai noch
dat smakket al nei moandei
en de gewoane dingen

DSC_0139

Gearsang heakket yn op Matty har poëzy. Psalm 23, âlde beriming:
Myn hoeder is myn God; myn help de Heare; neat bin ik brek; gjin ûnheil kin my deare
en dêroerhinne ek noch Gesang 14: 1, 2: De Hear is myn Hoeder

DSC_0028DSC_0068DSC_0018

Durk Brouwer achter it oargel, boud yn 1659 troch W. Mijnerts

DSC_0146

Matty op ’e tekst oer har wurk as dichteres, berneboekskriuwer, byldzjend keunstner en ferdivedaasjekeunstnares.
Se hat meiwurke oan ’e gearstalling fan it programma fan dizze middei

DSC_0071DSC_0135

DSC_0185DSC_0189

Oandachtich en yndachtich

DSC_0157DSC_0163DSC_0166DSC_0170DSC_0171

Nestgeur, notities van een verdwaalde Fries wurdt presinteard.

Sierksma - de skriuwersnamme fan ’e filosoof Rypke Johan Sierksma - hâldt syn foardracht Fries exotisme

DSC_0216

Skriuwer en dichter Albertina Soepboer (rjochts) skriuwt in ympresje oer dizze middei

Sjoch: Ympresje boekpresintaasjes, Blessum 27 april 2013

DSC_0105

Dichter en sjoernalist Abe de Vries makket in ferslach foar it Friesch Dagblad

Sjoch: Ut de media: Reinder van der Leest eare mei eksposysje 

Rjochts: Gert Jan Slagter, foarmjouwer fan it omslach fan Le Tour de Frise

Sjoch: Le Tour de Frise

Sjoch: Foppe Venema (skriuwer)

DSC_0204

Byldzjend dichter en skriuwend keunstner Reinder R. van der Leest wurdt yn 2013 80.
Twa jubileumboeken steane op steapel:
1. in útjefte mei in essay fan André Looijenga oer syn kompleet literêr oeuvre + in kollaazje oer libben en literêr en byldzjend wurk
2. Dynte en Nier yn ien bân, de auteur syn acht speurdersromans byinoar

By gelegenheid dêrfan is hjir in eksposysje ynrjochte mei in oersjoch fan byldzjend wurk út de lêste fiifentweintich jier
Sjoch: Utstalling Famkes feinten froulju

DSC_0183DSC_0188DSC_0193DSC_0190DSC_0198DSC_0181

Jelle en Reinder van der Leest rinne even by it útstald wurk lâns.
Hjir steane se stil by it skilderij Modellen yn it KLM-atelier. Reinder hat him dêrby ynspireare litten troch
Ernst Ludwig Kirchner (links), Roy Lichtenstein (midden) en Henri Matisse (rjochts),
reproduksjes fan dy skilders har wurk hingje derby en litte de taskôger oerienkomsten sjen

DSC_0037

Fitrine mei foto’s fan Reinder van der Leest syn âlden, himsels, de útrikking fan ’e Simke Kloostermanpriis en de Gysbert Japicxpriis.
Rjochts boppe: byldzjend wurk fan Reinder anneks reproduksjes fan Kirchner

DSC_0156

Rjochts boppe: de nijste útjefte fan ’e earste twa boeken (yn ien útjefte ferskynd by Elikser yn 2001) yn ’e Nier en Dynte-rige: Komme dy kepers? en Boef fan Rys

DSC_0133DSC_0220DSC_0227

Sinjearen

Leo Popma

DSC_0213DSC_0223DSC_0217DSC_0234

Foppe Venema

DSC_0209DSC_0210DSC_0211DSC_0226

Matty de Vries

DSC_0221DSC_0230

Sierksma

DSC_0122