Ynwijing

poëzij

Ynwijing

Troch de mieden, dy’t de kleur fan de sinne
opsobbe hiene, giene wy, heane tsjammen,
knierjend tusken koartebroek en poddehier,
ruters yn it seal fan dôfhûdige dagen dy’t
skombekjend ús spoaren ferneare moasten.

Wer sjoch ik ús roppen en razen op it hiem
fan de ôfbaarnde pleats, de oerbleaune bonken
dy’t priemkjend de himel beskuldigen, ferkoalle
klacht oan dôvemansearen rjochte, ieuwen fan
bodzjen faai, boereskaai ferwaaid mei de wyn.

Mar it neare dat der hearske wie ús
treast; oerdwealsk saaiden wy fantasij
yn de spylhal fan de púnfal, it fan leechte
oanfretten, dat wy folden mei it kleauwen
fan de stilte, it brekken fan tarre klústers.

Oant wy rekken oan de dobbe, de heal
ferdroege, dêr’t frosken sleau dreauwen
yn it lêste stealtsje wetter, net better
wisten as dat de wrâld ta slinken keard
wie; en breinroer sochten wy út ’e bringst

fan it hiem stiennen om te smiten, staken
om te spytsen, demoanejagers dy’t in reach
fan yngewant en bloed spûnen fan kant
nei kant; doe’t letter net in frosk mear libbe
droegen wy de wrâld yn kliemske hannen.

Resinsjes (fragminten)

Schoorstra is in dichter dy’t syn ark yn de macht hat en goed op ’e hichte is fan de mooglikheden dêrfan. Syn ûnderwerpen wurde yndringend en net sêftsedich útwurke, binne goed nei te kommen en syn fersen hawwe in heech poëtysk gehalte.
Friesch Dagblad, Tsjerk Veenstra, 4 septimber 2002


/.../in hiel eigen lûd, in djippe muzikale kadâns en in hast mystike sfear
/.../ Sa is dizze dichtbondel in útnoeging dy’t wankjend freget om jitris en jitris lêzen te wurden /.../

Kollumer Courant, Jelle Raap, 13 july 2001


/.../ It rym is út noch yn net subtyl en dat jildt ek foar de ynhâld.
/.../ Steane der yn ’Ynwijing’ dan gjin slagge fersen? Jawis wol. As Schoorstra minder keunstich skriuwt en yn ienfâldiger taal en bylden dichtet, dan slagget it him om de lêzer fêst te hâlden.
/.../ Ofsjoen fan in inkelde dichterlike útsjitter wurdt dus mei de auteur ek de lêzer net folle riker fan de bondel ’Ynwijing’.

Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 7 septimber 2001


Debuutbundel van een veelbelovende jonge Friese dichter, die in 1998 de literaire Rely Jorritsmaprijs kreeg voor een kort verhaal.
/.../ De naar binnengekeerde, individuele emoties die de dichter verbeeldt hangen nauw samen met de natuur en haar seizoenen. Veel binnenrijm en alliteratie. De klankkleur is soms te barok. De gedichten roepen sferen op die verwant zijn aan de poëzie van Tsjêbbe Hettinga.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, M. Claus-de Jong, 27 septimber 2001


Willem Schoorstra is net allinne in byldzjend dichter, hy is ek in fertellend dichter, dy’t de lêzer meifiert yn soms heftige sitewaasjes, nei lânskippen dy’t, losmakke fan de jeugdige ûnskuld, losrekke út it tiidrek fan in arkadyske wrâld, in wrede werklikheid sjen litte. Dy werklikheid jout Schoorstra net sa maklik bleat. Of miskien kin ik better sizze: hy docht alle war dy werklikheid, mei ferfrjemdzjende bylden en sitewaasjes dêr’t de minske ien wurdt mei ierde en bist, op in distânsje te hâlden. En dat komt neffens myn betinken út in hâlding fan dichtsjen, dy’t ik by Schoorstra in dreamhâlding neame wol.
/.../ Mei dizze bondel hat Schoorstra it jeugdlân efter him litten. Hy stiet yn de werklikheid fan it no. It sil net ferkeard wêze dat de bylden tenei minder útwrydsk binne. Dat de taal wat minder oerladen oansluting fynt by de sizzenskrêft fan it ienfâldige wurd. Ik begryp, in jong dichter wol him wier meitsje. En dan is de oanstriid grut.

Trotwaer, Durk van der Ploeg, oktober 200
1, nr. 8


/.../ Schoorstra hat in folslein eigen lûd en syn gedichten hawwe sûndermis sizzenskrêft. De debutearjende dichter is ek net fiis fan it brûken fan metafoaren, dy’t gauris de abstrakte kant it neist binne. Ek hiel opfallend yn it wurk fan Schoorstra is, lykas yn ’e fersen fan Jan Wybenga silger, syn foarleafde foar suver argays Frysk: têd (s.11); bepatte (s.14); tsjammen (s.19)
/.../ De dichter as taalwarder? Mar dan is it ûnbegryplik dat der ek ynterferinsjes lykas badpak (s.7); merkst (s.10); donkere (s.11)
/.../ yn dizze fersen steane. Ik haw oars neat tsjin op it brûken fan wurden lykas ’weareld’ en ’badpak’, it is yn elts gefal realistiser Frysk taalgebrûk as in ’kweazge ûnderkommen’ dêr’t de dichter it oer hat. Schoorstra set syn lêzers gjin fretfersen foar, it binne gedichten dy’t de lêzer yngeand ta him nimme moat. Faak hiele byldzjende poëzij, mei in yn it moed taastend weromsjen nei it ferline
/.../ dat er talint hat bewiist er mei dizze sobere mar o sa kreasútjûne bondel.

Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 29 novimber 2001