Under de minsken

Omslachtekst

It famke strûpte yn sân hasten oare klean oan, treau de poeierdoaze, in bûsdoekje en it briefke fan fyftich (’causi tanti mali’) yn har tas, smiet my in trijdûbeld ’grutte hufter’ yn ’e snút en naaide út. Noch noait hie se sa leaf west as yn dat kertierke fûleinigens. Ut it finster wei seach ik har de doar útstappen en yn ’e moarnsdize weiwurden: rizich, linich en fonkeljend fan op ’e nij ûntdutsen graasje.

Njoggen ferhalen mei opsternatens en mankelikens, humor en sjarme, ferwûndering en tagedienens. Oersetting út it Italiaansk.

Resinsjes (fragminten)

Mar De Jong har ynlieding mei dan te oerflakkich wêze, en har kommentaar de kearn fan de saak noch wol ris misse, har seleksje is moai en har oersettingen meitsje in goede yndruk. De ferhalen binne werjûn yn in Frysk dat nochal geef is en opfallend ryk oan taaleigen. En wat mear is: se lêze as it spoar.
Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas, 29 desimber 2000


Njoggen unike kreaasjes hawwe wy hjir byinoar neffens Alpita de Jong. /.../ De oersetster hat neat tefolle sein.
/.../ Oars net as loovjende wurden kinne sein wurde oer it Frysk dat Alpita de Jong brûkt. Sûnder it oarspronklike wurk te kennen moat men dochs de konklúzje lûke, dat it Italjaansk eigene yn de ferhalen bewarre bleaun is en dat tagelyk de Fryske taal op syn moaist werjûn is. Grutte klasse. Hjir en dêr in printflaterke, fierders neat op oan te merken. In geniet om te lêzen!

Friesch Dagblad, Corry Boelens, 31 jannewaris 2001


De taal yn it boek is blomryk, byldzjend en sit betiden grôtfol humor. Allinne dêrom al de muoite wurdich om te lêzen. Wat je al lêzende wei oer de Italjaanske folksaard te witten komme, is dêrneist in bykommende aardichheid. Der bestiet mear as pizza en de toer fan Pisa yn Itaalje /.../
F-Side, Wieke de Haan, 13 maart 2001


De auteurs beschrijven wel een heel andere wereld dan de Friese; ook schrijven zij veelal beschouwender en fantasierijker dan in het Fries gebruikelijk is. De vertaling leunt sterk op het woordenboek. Geen wonder dat er in dit boek behalve nooit, ook zelden en onjuist gebruikte woorden voorkomen. De verhalen laten zich overigens vlot lezen.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, G. Abma, 22 febrewaris 2001