Tusken Fryske dream en Nederlânske macht, fjirtich jier Fryske Nasjonale Partij

tuskenfryskedream-huisman-kerst

Dit skiednisboek oer de Fryske Nasjonale Partij is it earste boek yn Nederlân oer in regionale politike partij. It is skreaun troch de âld-sjoernalist en histoarikus Kerst Huisman (1940). De oanlieding ta it skriuwen fan dit boek wie it fjirtichjierrich jubileum fan de partij, dat begjin 2002 fierd is. 

It boek giet oer de minsken yn de FNP, en oer de stânpunten fan dizze Fryske partij en de tinkbylden dy’t dêr libje en ta utering kommen binne oer wurkgelegenheid, finansjele ferhâldingen, miljeu en lânskip, lânbou en natuer, asylsikers, de ferhâlding doarp-stêd, rekreaasje, ferkear en ferfier, fraachstikken fan oarloch en frede, kultuer en taalbelied.

Boppedat is der omtinken foar de foarskiednis, dy’t al yn de njoggentjinde ieu begjint. Der is ek in haadstik oer programma’s en ideology fan de FNP, dêr’t saken as federalisme en nasjonalisme op it aljemint komme. 

De foto’s en oare yllustraasjes jouwe in aardich byld fan fjirtich jier partijskiednis. De tekst is kritysk hifke troch de âldheechlearaar (en âld-foarsitter fan de FNP) Tony Feitsma.

Resinsjes (fragminten)

Het boek is helder geschreven, geeft goede informatie, waarmee ook een aantal hardnekkige vooroordelen t.a.v. de FNP worden bestreden. Nuttig voor politici, journalisten en alle andere geïnteresseerden in regionale minderheden.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, L.G. Jansma, 19 juni 2003 


Kerst Huisman (1940), Âld-sjoernalist en histoarikus, komt de eare ta dat hij it earste boek yn Nederlân oer in regionale politike partij skreaun hat.
/.../ Huisman hat sûndermis in noflike styl fan skriuwen, it boek lêst flotwei sûnder oerflakkich te wêzen. Hjir en dêr hat Huisman wat te min ôfstân nommen, is er net de ôfhinklike sjoernalist/histoarikus. /.../ It is detailkrityk, want Huisman hat de skiednis fan de lokale partij oars kreas op in rychje setten.
/.../ Oan alles is te merkbiten dat Huisman wiidweidich boarneûndersyk dien hat. /.../ In tige kleurryk boek.

Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 24 maart 2003


Sa riist it byld op fan in iepen partij, dy’t har sawol yntern as nei bûten, en ek yn har ynternasjonale kontakten tige wart. Huisman sels wart him tusken de rigels ek tige: wa’t lekskoaide of wat skreaun hat dat der yn syn eagen fier by troch is, wurdt it leksum lêzen.
Leeuwarder Courant, Pieter de Groot, 28 febrewaris 2003