Tine en ik

Dizze koarte novelle - in bewurking fan ’e kursyfkes dy’t fan juny 1996 oant july 1997 yn it blêd Frysk en Frij ferskynden - is in yntrigearjend ferhaal oer freonskip yn útienrinnende foarmen. It is lichte kost; flot en tagelyk tige yngripend.

De humor fan Martha, de haadpersoan, is wer subtyl; lykas dat ek it gefal is yn ’e bekende ferhalebondels Thús is de maggi op, In superman fersûpt netHynstefigen en Giel mei oranje stippen.

Bysûnder oan dit lange ferhaal is dat de ûnderskate haadstikjes ek as koarte kursyfkes stik foar stik op harsels lêzen wurde kinne. Mar, as je der ienkear oan begûn binne, witte je fan gjin ophâlden en lêze je Tine en ik yn ien sike út.