Ta in hichte, of de balke yn eigen each

monografy

De skriuwer Anne Wadman (Langwar 1919-Snits 1997) hat in toanoanjaande rol yn ’e Fryske literatuer spile. Mei fine humor, skerpe kritiken, firtuoaze fersen, taboetrochbrekkende ferhalen en romans joech er kommentaar op de dynamyske ûntjouwing fan nei 1945.

Troch maatskiplike fernijingen op alle mooglike terreinen, moasten wy de kollektive feilichheden fan it âlde doarp achter ús litte. Wadman makke syn lêzers dúdlik hoe’t it foaroarlochske ideaal ’Fryslan en de wrâld’ fan ’e Jongfriezen - in literêre beweging ûntstien yn ’e Earste Wrâldoarloch - feroare yn in foarm fan modern relativisme. It boere-Fryslân waard in part(sje) fan ’e moderne (stedske?) weareld, dy’t faken ek wer in primitive rimboe bliek te wêzen.

Oaren noch himsels sparjend, skoep Wadman in oeuvre mei in tematyk wêryn’t de striid tusken goed en kwea him fan ’e algemiene slachfjilden ferpleatste nei inerlik fan it yndividu, dêr’t it minsklik tekoart helaas...no ja.

Ynteressearre lezers kinne net maklik frijbliuwend om dit engaazjemint hinne. Dêrom dizze monografy oer in Frysk skriuwer en syn wurk, dy’t syn literêr-histoaryske wearde dúdlik bewiisd hat en net samar fergetten wurde mei.

In literêr duel… no nee
troch Steven H.P. de Jong
Der binne in pear besprekken fan myn literêr wurk ferskynd, dêr’t ik wol ‘ta in hichte’ wiis mei bin. Eppie Dam skreau yn ’e Ljouwerter Krante in resinsje oer myn dichtwurk ‘En de inket sil útrinne’. Hy wie net al te loovjend mar ek net al te negatyf. Ik ha it mier oan de himelpriizgjende kritiken. Sûnder wryt of slyt is no ienris gjin minske, ek in dichter net. Net dat ik it mei Eppie hielendal iens bin… ik winskje him wat mear gefoel foar humor en healwizichheden ta, mar fierder haw ik sa’n krityk gâns leaver as in tekst mei reklamegjalpen of folsleine negaasje.Tineke Steenmeijer-Wielenga hat de moed hân it literêre swurd op te heffen en my in pear bêste fegen te jaan oer myn monografy oer Anne Wadman. ‘Ta in hichte of de balke yn eigen each’. Dêr kin men oars net as respekt foar hawwe, dêr is yndied moed foar nedich en in pear rake klappen kin ik har net ûntsizze. Allerearst oer myn sloardrichheden: d/t-flaters, ferkearde jiertallen en sleauwichheid oer de bern fan Vestdijk en miskien noch in pear. Ik nim my alle kearen wer foar om it de folgjende kear better te dwaan, mar ja… ik wie jierrenlang learaar Nederlânsk en by dat berop krijt men yn ’e praktyk safolle kilometers teksten groatfol mei flaters ûnder eagen, dat it in wûnder hite mei dat men noch in goede sin op papier krije kin. Dat se dochs in pear fan dy flaterkes fûn hat, bewiist dat se de tekst goed besocht hat troch te lêzen.

Oft se alles begrepen hat, kom ik aanst op werom. In oare ûnheblikheid fan my neffens har is myn belearend skoalmasterstoantsje, yndie in beropstic, dêr’t ik myn hiele libben al tsjin fjochtsje, mar dy’t der mei it âlder wurden net better op wurdt.

Dat wienen dúdlik in pear punten foar har, ik winskje har dêr lok mei en ik sil echt besykje myn libben te betterjen.

Alhoewol ik graach yn in polemyk mei har de hoofse ridder spylje wol (neffens it troch Klaas Brúnsma oersette ferhaal fan Walewein moat ik as sadanich de froulju mei egards behannelje), betwivelje ik, oft se de grutte lijnen fan myn Wadmanboek wol begrepen hat. Troch har útlis fan ’e titel bin ik bang fan net.

‘Ta in hichte’ wie myn wurktitel en it earste wat ik betocht. It sloech achterôf net, sa’t Tineke beweart, op it boek doe’t ik it ôf hie, it wie in wurdgroep dy’t Wadman faken brûkte en dy’t tagelyk de grûnhâlding fan in eksistjinsjalist útdrukt. Wat eksistjinsjalisme is, wol ik net noch in kear útlizze. Ik fal al te faken yn werhellings neffens Tineke. Dat komt omdat net folle lêzers op de grutte lijnen fan myn ferhaal oer perspektyf en eksistjinsjalistyske literatuer yngean, ek Tineke net. Dat jildt noch mear foar de subtitel ‘de balke yn eigen each’, it haadtema fan myn hiele betooch: de striid tsjin it kwea yn it yndividu en it minsklik tekoart dat dy striid hyltyd wer ferliezen docht. Suver alle boeken fan Wadman gean dêroer. Tineke Steenmeijer: “Wadman wie mear in man, dy’t eltse splinter yn eigen each as in balke beskôge, as ik Joke Corporaal leauwe mei, dat sil dan wol op it each fan De Jong slaan en sadwaande moat de titel grif beskiedenens suggerearje.” Ik begryp net hoe’t de redaksje fan Us Wurk dizze wartaal publisearje kin. Of is it logika dy’t ik net folgje kin?

Om oer de balke yn eigen each te praten… Yn haadstik V fan ‘Ta in hichte’, ‘Wadman en it eksistinsjalisme yn hâlding en wurk’ haw ik it oer it houlik fan Anne Wadman en Hylkje Goïnga, û.o. nei oanlieding fan Wadman syn opmerkings oer it boek ‘Frijende kikkerts’ fan syn eksfrou. Wylst ik der op side 19 al dúdlik op wiis dat ik it wurk fan Anne sawol as fan Hylkje fiksje achtsje en dat yn haadstik V withoefaak werhelje, skriuwt se dêr iiskâld: /…/komt er op de siden 113-118 wiidweidich op dy problematyk werom en wurde dêr de skriuwers net soarchfâldich ûnderskieden fan ’e  personaazjes út harren ferhalen en romans.” En dat oer in stik tekst wêryn’t nochal wat herhellingen oer it ûnderskie tusken fiksje en realiteit op omtrint elk fan dy siden foarkomme. Men moat suver lêsblyn wêze en doar soks op te skriuwen.

Fierders giet neffens har myn boek tefolle oer myn eigen mieningen. Ja, sorry, it is in boek oer myn lêsaventoer mei Anne Wadman. Neffens my begjint in boek pas te libjen yn it brein fan in lêzer, fierders is it in dea ding mei skraskes en haaltsjes. As dy lêzer dan tafallich ek noch in skriuwer is, wol de lêzer fan dy skriuwer graach wite… ensfh.

Nee, ik hâld deroer op nettsjinsteande allegear oare items en ek tige positive opmerkings oer myn boek yn har besprek. Ik winskje Tineke noch in lang en moai libben yn Frankryk ta en altyd in wolkom yn Fryslân, mar lit se yn ’e frede ophâlde ditsoarte Fryskliterêre koal te ferkeapjen, want dêr docht se noch harsels noch Fryslân in deugd mei.

Burgum, 24 febrewaris 2011

Resinsje (fragminten)


Us Wurk, tydskrift foar frisistyk
De monografy fan Steven de Jong

/.../’Monografy oer it literêre wurk fan Dr. Anne Sybe Wadman’ suggerearret ek wat oars as de samling literatueropfettings, oantekeningen, lêsferslaggen, persoanlike ynterpretaasjes en bylagen dy’t der no leit. It liket wol, as is it foarwurk dien, mar moat it echte boek dêr no noch út fuortkomme./.../
De titel, dy’t wierskynlik as lêste betocht is, jout foar de lêzers fuort al oan dat de skriuwer sels ek net sa wiis is mei it resultaat fan syn krewearjen. It boek kin mar ’ta in hichte’ in biografy neamd wurde (side 9) en wat er op it aljemint bringt, is allegearre mar "ta in hichte" wier. Soksawat liket De Jong mei syn titel útdrukke te wollen./.../
In skriuwer, ek in auteur fan in wittenskiplik opsette stúdzje, hoecht net ûnsichtber te bliuwen yn syn boek, mar nei myn smaak giet it ynTa in hichte wat te faak oer de mieningen fan Steven de Jong. Foar sa’n tsjinkrityk hie earder wol in oare publikaasjemooglikheid west en doe hie der noch in ferhelderjende diskusje ûntstean kinnen. As Wadman dêr alteast op yngean wollen hie, wat ûnder bekritisearre auteurs gjin wenst is./.../
Al hat Steven de Jong nei myn betinken dus te min neitocht oer it konsept fan dit boek, dat er út respekt foar de literator skriuwe woe, en al haw ik by it lêzen gâns argewaasje hân fan de dosintetoan oan de iene kant en de sloardrichheden oan de oare, ik moat dochs ek sizze dat er it oeuvre fan Wadman sekuer oereide hat en dat foar de leafhawwers fan dy syn wurk in protte op te stekken falt út dizze stúdzje. Sa lykje - om mar wat te neamen - de gearfettings fan de romans my tige handich ta foar minsken dy’t "foar de list" lêze moatte./.../
Tineke Steenmeijer-Wielenga, Us Wurk, tydskrift foar frisistyk, Frysk Ynstitút Ryks Universiteit Grins, jiergong 59, jefte 3-4 2010


Hjir

Fansels is it spannend om op it sloppe koard tusken fiksje en ‘fact’ om te dûnsjen, fral as beide wrâlden de oanstriid ha yn elkoar oer te gean. Mar ik bin bang dat om fierder te kommen noch folle mear ‘fact’ fûn wurde moat. Is dat trouwens net folle earder wurk foar de biograaf, dy’t dêr op ’t stuit hurd mei dwaande is? Steven de Jong heakket achteryn it boek noch in tal brieven en stikken ta om yn dat minsklik tekoart te foarsjen, mar ik hie leaver op dat plak in moaie bibliografy hân fan op syn minst alle boeken dêr’t er oan referearre hat. Fan Wadman binne amper mear romans te besetten, dy pear fan my komme út it antikwariaat. Ik pleitsje derfoar om it skeppend en ferheljend proaza fan Anne Wadman yn in moaie searje op ’e nij út te jaan.
Hjir, Piter Yedema, novimber 2008


Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion

Met deze monografie geeft dichter/romancier Steven de Jong (1935) een duidelijk beeld van het literaire werk van een van de belangrijkste Friese schrijvers van de 20e eeuw, Anne Wadman (1919-1997).
Na een korte biografische schets komt eerst het kritische werk van Wadman ter sprake. Uit de honderden recensies van Nederlandse en Friese boeken kiest De Jong een aantal, waarmee hij er probeert achter te komen wat voor ‘de realist’ Wadman het ideale boek is. Ook becommentarieert hij Wadmans kritiek op zijn eigen werk.
In het derde hoofdstuk staat de poëzie centraal.
Wadman debuteerde als dichter in 1945, stelde een tweetalige bloemlezing van Friese dichters samen (1949) en schreef diverse poëziekritieken.
Na hoofdstukken over Wadman en het literaire tijdschrift De Tsjerne, over het existentialisme, de oorlog en het korte verhaal geeft De Jong zijn oordeel over het belangrijkste deel van Wadmans werk, de veertien romans.
In een eindoordeel, waarmee hij overigens uitdrukkelijk niet het laatste woord over hem wil zeggen, zet De Jong Wadman naast verwante schrijvers als Vestdijk, Reve en Hermans.
Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion, Jelle van der Meulen, 21 januari 2008


Leeuwarder Courant

/…/It boek bestiet – útsein fan wat men teoretyske stikken neame kinne soe – foaral út besprekken fan de poëzij, ferhalen, kritiken en romans fan Wadman. Net alle besprekken binne like lang en fierder is net alles besprutsen. Wadman syn Nederlânse romans wurde bygelyks net neamd en der misse ek Fryske romans. Yn sa’n lêsferslach wiist De Jong yndie ynfloed oan, hjir ris fan ’e Jongfriezen fan 1915, dêr ris fan it eksistinsjalisme en wer in oare kear neamt er it antyboargerlike fan Ter Braak en Du Perron. Al nei’t it útkomt. Spitigernôch sit der gjin grutte lijn yn dizze searje besprekken. Dat komt omdat De Jong gauris ôfdwaalt en mei syn eigen oardiel komt/…/
Leeuwarder Courant, Jetske Bilker, 30-11-2007