Skielk beart de hjerst

blomlêzing mei cd

Blomlêzing út it wurk fan Douwe Hermans Kiestra mei in ynlieding fan Abe de Vries en in cd mei in fraachpetear dat de Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk mei Kiestra hie in 1970

Resinsjes (fragminten)

/.../ Dat Kiestra syn wurk heart ta ’de kearn fan de Fryske poëtyske tradysje’ wol ik Abe de Vries wol neisizze. Mar foar my fertsjintwurdiget er ék de beheindens fan dy poëzy: de romantyske tematyk fan it boerelân en it boerelibben yn tradisjonele foarm, ek nei de oarloch. Dat er op hichtepunten in mytysk oandwaande eigen útdrukkingskrêft fynt dy’t him dan even neist Obe Postma bringt, is wier. Allinne dy fersen rjochtfeardigje dizze kreaze blomlêzing al, mar yn trochsneed lit er foar myn gefoel Fedde Schurer net efter him.
/.../ De belutsenens fan Abe de Vries by Douwe Hermans Kiestra is grut. De ’nije wurdearring’ dêr’t dizze ’út ’e wei romme’ dichter rjocht op ha soe, hat er ta syn missy makke. De ynlieding is tige persoanlik en hjir en dêr iensidich en polemysk. Nijsgjirrige lêsstof, mar ek in minefjild. De ’lytse oarloch’ om dizze boeredichter is noch net besljochte.

De Moanne/Trotwaer, Harmen Wind, maart 2006


Deze bloemlezing van 82 van de ruim 300 Friese gedichten van dichter/boer D.H. Kiestra biedt naast elegische gedichten over het boerenleven en meer volkse gedichten de kern van Kiestra’s dichterschap: zijn christelijke natuurmystiek en zijn rol in de Tweede Wereldoorlog. In een inleidend essay bespreekt samensteller Abe de Vries leven en werk van Kiestra. Zonder zijn houding van ’collaborerend boerenleider’ in de oorlog goed te praten geeft De Vries een genuanceerde kijk op de ’politiek foute keus’ van de dichter. Die betoonde na de oorlog ook spijt en schuld. En boete werd vanaf de tweede bundel (1946) een van de centrale thema’s in zijn werk.
De Vries bespreekt de technische kenmerken van Kiestra’s poëzie en wijst, voor het eerst, op de invloed op latere dichters als Tamminga en Spanninga. Hij concludeert dat Kiestra een van de meest overtuigende, integere en inspirerende Friese dichters is. De gedichten zelf zijn daarvan een overtuigend bewijs.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, 19 augustus 2005