Sân skeppen sâlt

sanskeppensalt-zwart-jelle

Resinsjes (fragminten)

Op 7 july 2006 wie Jelle Zwart yn syn ienentachtiste en dat wie de dei dat er debutearre mei in mânsk boekwurk, foar in fersebondel dan, fan 128 siden. It wie moai waar, want ik wie op de motor. Ik krige fan dizze eminence grise dit boek mei in hân der yn. Soe’k der wol foar betelle ha? It wie tagelyk mei Nomade fan Margryt Poortstra dat Sân skeppen sâlt ferskynde fan ien fan de âldste dichters dy’t meidocht oan de kontest fan de Gysbert Japicx-Priis 2009 foar poëzy.

Ik leau dat ik mar ris sjen moat wat der op side 81 stiet:

TWASTRIID

Foar winkelrút op ’t nau Noarderherne
lei bûnt in skelk, woe eptich droegen wurde.

Boerinne kant, soe der kreas mei wêze.
Syn ponge wie swier mar hy taaste net.

Hol klonk neitiid syn stap fol wroegjen,
’t toskeknarsen koe men yn Wolsum hearre.

Dêr’t syn sydsulver oare wille woe,
Hy syn jild noch Wobbelke misse koe.

Ek raar, ik ha by it lêzen fan dit gedicht daliks Gysbert Japicx yn ’t sin en dat komt fansels fan Wobbelke, mar ek wol troch de styl fan it gedicht. Ik draaf gau nei de boekekast om Myn hert dat trillet my, ek fan Utjouwerij Frysk en Frij (2003), te rieplachtsjen, mar gjin Jelle Zwart (* 6 septimber 1926 yn Ljouwert) achter Berend Ytsma yn it alfabet yn it ramt fan de 400ste bertedei fan Gysbert Japiks. Frjemd! Moat ik oannimme dat dizze dichter yn syn tachtichste begûn is mei publisearjen? ‘Dan is it wier in skat fan in man’, sei Ria Walinga fan De Vredesduif, dy’t samar stoarn is op har fyftichste. It fers liket wol yn ien of oare Fryske tradysje te fallen, sa eigen docht it oan. Foar de bondel giet op, dat minder mear is, sizze de kritisy en faaks slút ús Wob har dêr ek by oan. (jqs)

Is dit no gewoan in beskriuwend gedicht oer in âld-nepert dy ’t net in sint misse kin, ek al soe hy de frou in grut plezier dwaan mei in moaie nije skelk, of hat Jelle Zwart in koade yn dit gedicht beside stoppe?

Soe it it earste wêze, dan soe ik tinke, no, net ûnaardich gedichtsje mar, mar ja, wat eins... yn it twadde gefal… dan… ja, die Mijnheer Zwart, het is mij er één! Want yn de earste strofe stiet it wurd winkel en fierderop it wurd skelk. Frysk Hânwurdboek: in winkeltsje ûnder de skelk hawwe: prostituee wêze. Nim dêrby it wurd eptich en yn itselde boek is ien fan de ferwizings ien nei in kreas jongfaam. Oh, dear.

Ik kin op it www net sa gau de krekte skiednis fan it Noarderherne fine. Dus of it in huorrebuert west hat, wit ik net, it kin ek wêze dat hy dêr in prostituee tsjinkaam en yn ’t rinnen oanstriid hie en tagelyk yn twastriid kaam?

At jo thúskomme mei in minder folle ponge, neat om sjen te litten en ek noch de rook fan in oare frou oan ’e klean, dan soe Wobbelke der samar wat fan fine kinne. En as je dan de betsjutting fan de namme Wobbelke opsykje, dan kom je út by Wob: foarste part mooglik fan (wâld) hearskje of fan (olf) wolf. No, mei sa’n ien thús... Ik kin my de twastriid begripe. (edg)

ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009


/.../It giet om de boarnen fan it skriuwen. Bewende oantrunen, sa’t dy al ieuwenlang jilde foar mannichten dichters. Yn dy tradysje bejout er him. En hy mei let wêze, hy docht it net foar in bytsje: hûndert fersen!
,,Niet het vele is goed, maar het goede is veel,’’ haspelje ik tsjin. Sinleas. Jelle Zwart wol de lêzers rynsk betsjinje. Se moatte net tinke dat er krekt genôch byelkoar fandelje koe foar in bondel. Net fan dat nearzige, dat deune - skep op dat sâlt! It hat ek wat fan ’no of noait’: de slach moat yn ien reis slein wurde.
/.../De moaie mankelikens en de tagonklikens fan de fersen sille in breed publyk oansprekke. Boppedat klinkt dêr tuskentroch wol in eigen lûd. Mei nijfoarmings as ’blokwytkwastenskom’ en ’brievebusklepkrantelûd’ bewiist er syn eksploiraasjewille, dy’t ek yn byldgebrûk geregeld útlibbe wurdt.

Leeuwarden Courant, 11 augustus 2006, Harmen Wind


/.../De dichter geeft impressies, o.a. van dorpen, stadjes, van een reisje, momenten uit de natuur. Maar ook vanuit zijn innerlijk en van gebeurtenissen die hem raakten. Hij drukt zich eenvoudig uit, vaak constaterend; rijm, metaforen komen vrij zelden voor.
Soms is er een dichterlijke emotionele opwelling, bijvoorbeeld in ’Simmer twatûzen’. De selectie had wel iets zorgvuldiger gemogen.

Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion, 10 oktober 2006, G. Abma