Rezineknyn

464x700_rezineknyn

Omslachtekst

Wy sette de nijbou troch en falle by it Wettergebou de paralleldyk op. De sinne stiet der moai by en mei in flinke gong it asfalt oer. Foarhinne koe Wytse mei syn Zündapp fansels noch in eintsje flugger, mar no ûngefear in jier lyn hat er de brommer ferkocht yn ’t foardiel fan in Rickenbacker basfersterker, sadat ús Rezineknyn sûnt dy tiid alles wer op syn âlde brune fytske dwaan moat.

Resinsjes (fragminten)

Rezineknyn hat de gek mei alle ferwurvenheden fan de moderne literatuer fan de lêste fyftich jier. En dan binne jo as skriuwer noch gjin tritich en steane jo oan it begjin fan in literêre en muzikale karriêre. dat tsjûget fan moed.
/.../ (it boek docht my sterk tinken) oan De avonden fan Van het Reve, /.../ Want wat makket dit boek sa bysûnder? De minusjeuze beskriuwing fan in tal wiken út it libben fan de skoaljonge Marten hat alteast by my wol deeglik syn doel troffen.

Hjir, Jelma Knol, juny 2000, nr 3


Mar der bart neat en de sêne giet oer yn it gewoane gekeuvel. Spitich: de skriuwer hat op sokke plakken de kâansen om der wat bysûnders fan te meitsjen lizze litten. Want lit ús earlik wêze, de lêzer sit op it ûngewoane te wachtsjen, net op it gewoane. Gelokkich falt der ek wol wat goeds oer Rezineknyn te sizzen. De Vries syn taalgebrûk is ridlik geef Frysk en dat is it neamen wurdich, want men sjocht hjoed de dei gauris oars.
Friesch Dagblad, Corry Boelens, 6 july 2000


Als de schrijver heeft willen aantonen dat het leven van een middelbare scholier in de jaren ’80 niet veel flitsender hoeft te zijn dan dat van Frits van Egters in Reves ’De Avonden’, dan is hij daar aardig in geslaagd. Maar Reves humor is natuurlijk ongeëvenaard en helaas krijgt het boek van De Vries ook niet veel vaart.
Nederlands Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, 13 july 2000


De vlot leesbare roman beschrijft vanuit de ik-persoon Marten het leven in Noardburgum in mei juni van waarschijnlijk 1988.
/.../ Door het beschrijvende karakter en het oog voor detail is goed af te leiden hoe het zo’n twaalf jaar geleden geweest moet zijn. Er gebeurde niet zo veel in Noardburgum, zo lijkt het wel. Nooit spat de spanning van het papier af, geen seks, drugs en rock ’n roll voor Marten en z’n vrienden. Het lijkt eerder een gelaten wachten op wat komen gaat.

Freeze, Jan Jelle Koerts


Begeistere? Ik ha der neat fan fernommen. De Vries registrearret sûnder rook of smaak, of sa’t er it sels seit, hy pingelt mar wat:’ /.../ even dêrnei lis ik al wer achteroer op bêd, no mei de gitaar yn ’e hân. Sa lis ik miskien wol in oere doelleas te pingeljen /.../’ Better koe er it net sizze. Want dat is it: doelleas pingeljen, sûnder ek mar ien aardich loopke of akkoardsje.
Trotwaer, Sjoerd Bottema, oktober 2000 (nr. 8)