Reinwetter op ’e stêd - roman

Nieuwe afbeelding-001

Sjoerd Roukema, in boeresoan dy’t mei tsjinsin syn heit helpt, wurdt op in frije sneintenoarn yn 1948 wekker út in slim betiizjende dream. At er wer by sûpe en stút is, komt him wer yn ’t sin dat syn faam Lydia de ferkearing útmakke hat.

Sa begjint Reinwetter op ’e stêd, it romandebút fan Libbe Leistra.
It is de ynset fan in rige opsetlike en ûnopsetlike - faak eroatyske - foarfallen wêrby’t romanpersonaazjes harsels ôffreegje: bestiet tafal? Of is der in beskermingel dy’t alles stjoert en regelt?

Tagelyk beslacht dit boek it tiidrek 1948-1980, in perioade fan revolúsjonêre feroarings - de stêd as machtssintrum wint oan.
Docht it reinwetter op ’e strjitstiennen en it asfalt fan ’e stêd mear fertuten as de rein op bou en greide?

Utjûn troch de skriuwer op eigen manneboet ûnder it logo LL.