Reade triedleas/Red wireless

OMSLACH KINGMA 21-4-2016

Reade triedleas is in debút. De titel slacht sawol op de ynhâld as op de foarm fan ’e bondel. De reade tried fan it libben is ferbylde yn ’e opbou. Dy reade tried is ek in ynfús foar in bloedtransfúzje, in ferwizing nei in sykteferline. It triedleaze elemint komt ta utering yn ’e gamewrâld, mar ek yn it lizzen fan ûnsichtbere ferbiningen. It libben wurdt in spultsje en it spultsje wurdt in libbenswize, faak tsjin better witten yn.

Yn it twadde part wurdt figuerlik in oare tried oanset. Dêr stean gelegenheidsfersen yn, mei in humoristys, tsjinstridich of stikelich elemint. Lânskip en plak wurde bepalender. Ferskate fersfoarmen komme foarby en sa no en dan sitte der grapkes yn ferskûle.
De treflike Ingelse oersetting is fan Trevor Scarse.