Prelude

prelude-witbraad

Earste printinge: 1998
Twadde printinge: 1998

Omslachtekst

Yn dizze debútbondel fan Gryt Witbraad út Aldegea (W.) binne yn trije parten meiinoar tritich autentike fersen gearfoege: oer de dichteres har jongereintiid yn Wymbritseradiel, oer minsklike relaasjes en oer de natuer.

Resinsjes (fragminten)

Al mei al is Prelude in hiel aardich begjin. Gryt Witbraad wit gauris de kearn en de lêzer te reitsjen. /.../ de fersen dogge my kwa humor en relativearringsfermogen tinken oan de poëzy fan dy skoalmaster en dichter út De Hommerts en wat de soberheid oanbelanget oan ’e poëzy fan Margryt Poortstra.
/.../ Voilà, in kombinaasje dy’t goed útpakt is en dy’t sa’n tritich gedichten opsmiten hat dy’t der wêze meie.

Hjir, Jan Kooistra, febrewaris 1999, nr 1


De gedichten laten een ik-figuur zien die op zoek is en steun zoekt bij anderen: de vader, de geliefde of een kind. Zonder nu direct een meelijwekkend verschijnsel te worden is de mens in die gedichten iemand die er niet in slaagt om complete grip op de wereld te krijgen.
/.../ De rijmloze gedichten zijn niet erg moeilijk, bevatten vaak een aardig beeld en een beheerste, soms ook regelmatige opbouw.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, novimber 1998


Oer ’t generaal ienfâldige, tagonklike poëzij sûnder literêre pretinsjes. Mar ek gedichten mei knappe poëtyske sfearbeskriuwing en oarspronklike gedachten. In betûfte sneinsdichteres /.../
Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 9 oktober 1998