Pauwehôf

roman

Omslachtekst

Yn de Pauwehôf wurdt út en troch referearre oan de troch Albin Biblom gearstalde ’The Journals of Jacob Mandeville’. De Pauwehôf is in âld bûten. Yn twa fan ’e trije huzen wenje minsken, dy’t by al har ferskillende ideeën oer libben en gelok, mei deselde fraach sitte: wa is de man dy’t sûnt koart yn it tredde hûs wennet.

Resinsjes (fragminten)

/.../ Aggie van der Meer hat each en hert foar har personaazjes sûnder se te ûntsjen en dit is in grut talint te neamen. De persoanen, hoe ferskillend fan aard ek, wurde allegear mei leafde en respekt delsetten, dit is echt in kwaliteit fan ’e skriuwster.
Ek yn de 
Lytse roman fan Jon Fels foel dy waarmte al op./.../ Al hoe tin de roman ek is, it is somtiden dreech om de oandacht derby te hâlden. Moatst der werklik goed by bliuwe om alle personaazjes útelkoar te hâlden. Dat fyn ik in sterk punt fan Aggie van der Meer: hja ûnderskat har lêzerspublyk net. /.../ Pauwehôf soe sa bewurke wurde kinne foar in film yn ’e styl fan David Lynch. En lykas de films fan David Lynch spoeket ek Pauwehôf my noch hieltyd troch it brein. Ik ha genoaten fan dit boek. Sa mear, soe ik sizze.
Farsk - Literêr ynternet tydskrift, 2006, Elizabeth Hietkamp


Pauwehôf hat net de folsleinens yn opbou fan har proazadebút en likemin it poëtyske, it surrealistyske fan de ferhaleroman. Lykas har earstling is it ferhaal goed nei te kommen; de foar har wurk sa typearjende skitterende ’Aggie-styl’ is diskear beheind bleaun ta in pear passaazjes.
/.../ Om’t de ûntjouwing fan de karakters net in soad omtinken krije, is
Pauwehôf in novelle - yn syn lingte telt it boek goed hûndert siden -, mar trochdat meardere konflikten in rol spylje hat it boek ek wat fan in roman. No boartet Van der Meer wol faker mei de foarm, sa is de bondel De stêd, it bist, de ingel in ’balladeske’ en ’De ûntdekking fan ’e wrâld’ in ferhaleroman, mar by Pauwehôf liedt it út ’e wei gean fan in dúdlike kar yn wat de skriuwster wol - en dat wie by har fierders treflike ’ferhaleroman’ eins ek it gefal - ta in net alhiel slagge resultaat.
De Moanne/Trotwaer, Elske Schotanus, oktober 2005


De krêft fan ’Pauwehôf sit ’m behalve yn ’e útsprutsen symbolistyske styl dêr’t Van der Meer patint op liket te hawwen, yn ’e komposysje. Yn heech tempo wikselje koarte haadstikjes inoar ôf en wurdt it perspektyf hieltyd ferlein nei wer in oar figuer. Meidat elk him fragen stelt oer de mysterieuze Bernt, kriget de roman sels in hast thrillerachtige sfear. In fraach dy’t jo je as lêzer stelle kinne, is oft de ôfrin no eins wol sa befredigjend is. Mei in fariaasje op in rigel fan in ferneamd Frysk dichter soe ik sizze: safolle lok, jo leauwe der neat fan.
Leeuwarder Courant, Abe de Vries, 16 septimber 2005


De productieve Friese schrijfster schuwt gevoelige onderwerpen niet en schreef opnieuw een juweeltje, na Lytse roman fan Jon Fels./.../Poëtische taal, mooi opgebouwd, plot met wisselend perspectief, aan het einde blijft de lezer echter met een losse draad zitten.
/.../ De Paul Klee-achtige illustratie is van de auteur zelf.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, M. Claus-de Jong, 19 augustus 2005


/.../ De skriuwster folget hieltyd in romanpersoan, karakterisearret syn of har persoanlikheid en ferhâldingen ta de minsken yn kompakte sênes, dy’t libbenswiisheid ferriede en har faak gearstalde sinnen hawwe in ritme, dat jin meinimt. Hjir is immen oan it wurd dy’t gjin tiid fergriemt oan wiidweidige beskriuwingen, mar daliks ta de saak komt, al binne de teksten by earste lêzing miskien wat kryptysk, omdat jo as lêzer noch net alles en elkenien thús bringe kinne. Mar by twadde en tredde lêzing falle alle ûnderdielen fan it boek hieltyd better op har plak, wurdt ’Pauwehôf allinne mar riker.
/.../ De bêste gothic novels, ek dizze, geane gauris oer psychoatyske minsken dy’t ûnder in soarte fan tinkbyldige stolp sitte, dêr’t se net mear útkomme.
/.../ Dêr’t 
Pauwehôf ynearsten benammen in roman oer de relaasjestress fan de ferskillende stellen liket te wêzen, giet it op in heger nivo om minsken en de striid dy’t se leverje om de wissichheden yn har libben. Dat hat Aggie van der Meer op in fassinearjende wize foarm jûn yn dizze roman.
Hjir, Jelma Knol, desimber 2005