Omwrotters

€ 5,00

’Der omhinne draaie, jout mear sicht op ’e saak.’,
seit Gys Miedema, aforist te Ljouwert.

Hjir hat er foar de twadde kear 111 aforismen byinoar wrotten.
Dizze omwrotters wolle jo net út it stee wrotte, mar al justjes yn jo boppekeamer omwuolje.
Stek se yn ’e bûse en lit se yn jo holle omwine as jo de sinnen ris even fersette sille.

De earste 111 aforismen fan Gys Miedema, byinoar stutsen yn it bondeltsje Spjeldepripkes, belibbe de tredde printinge.