Oerfeart

€ 20,00

histoarise famyljeroman

Omslachtekst

Yn de histoarise roman ’Oerfeart’ fiert Aggie van der Meer petearen mei har joadse foarfaar en har Dütse beppe. Dêrfoar hellet se har oer fan it Ryk fan ’e Dea nei dat fan it Libben.

De alden fan Markus Sekkel wienen net om ’e nocht ut de Dütse lannen wei nei de Republyk fan ’e Ferienige Nederlannen flechte, al wisten se dat se ek dêr net mei iepen earmen ferwolkomme wurde soenen. Se moasten om te begjinnen noch mar ôfwachtsje oft se de nedige papieren krije soenen. Dat soe ynearsten rest jaan. Al it oare dêr’t minsken nei ütsjogge: in hüs, in knappe nearing, it goed meiinoar buorjen, wie tajefte. Wêr’t se wis fan wêze koenen wie de foarriedige treast fan lotgenoaten.

Piter Jelles Priis

Foar ‘Oerfeart’ krige Aggie van der Meer yn 2011 de Piter Jelles Priis.

Resinsjes (fragminten)

/…/ Yn dit boek barre oan de iene kant de meast fantastyske dingen: famyljeleden wurde samar oerhelle út it deaderyk en der skarrelje noch in stikmannich oare spoeken oer de siden; it hûs praat in wurdsje mei en minsken dy’t der kweade bedoelingen mei hawwe, brâne har letterlik de hannen oan it skilderij fan It Nachtmiel. Mar op oare plakken komt it blykber tige op de krekte feiten oan.

Dat pakt yn myn eagen net al te gelokkich út. Ik ha neat tsjin op skiednis en ik bin út dit boek beslist mear gewaarwurden oer it libben fan de joaden foar de twadde wrâldoarloch en de roomsen yn in foar in grut part protestantse omjouwing. Mar it lêzen fan skiednis jout no ienris in oare foarm fan genot as it lêzen fan in roman en dat is binnen dit boek net oars. It gehiel hat dêrtroch wat ûngelykwichtichs: it hat histoaryske en romankomponinten mar mist de ienheid dy’t de flagge histoaryske roman suggerearret.

/…/ By Van der Meer is humor perfoarst ek ien fan de dingen dy’t my oanlûkt. It is in soarte humor dy’t mei in serieus gesicht brocht wurdt en earder opropt ta glimkjen as ta in bolderlaits. Meastal is it ferpakt yn lange typyske Van der Meer-sinnen.

/…/ Al mei al is Oerfeart yn myn eagen in ynteressant eksperimint dat net op alle fronten hielendal befrediget, mar genôch te bieden hat om it mei nocht te lêzen.
Hjir, nr 4, augustus 2007/
Greet Andringa


/.../ Yn al har wurk, mar benammen yn har debútbondel /De stêd, it bist, de ingel /(2000) en de ferhaleroman /Untdekking fan ’e wrâld/ (2004), kiest Aggie van der Meer posysje. Dat is ek it gefal yn /Oerfeart/. De machtsmeganismen dy’t in rol spylje yn religy en polityk en ta oarloch liede, natuer en miljeu en de posysje fan de frou binne allegeduerigen weromkommende eleminten yn har wurk. Yn it betsjoenend moai skreaune boek /Untdekking fan ’e wrâld /waard it eigen libben beskreaun, fan de ferwûndering fan it bern oant en mei it - âld en wiis - weromsjen. It eigen libben krige syn plak yn de ûntjouwings fan dy wrâld; neist in eigensinnich aard moat de Twadde Wrâldkriich bepalend west ha yn it tinken fan de skriuwster oer fraachstikken fan oarloch en frede. Wat yn de wrâld bart, oft dat no op it mêd fan de polityk, de religy of keunst is, alles komt by elkoar yn it stedsje Boalsert. Beheint de skriuwster har yn /Untdekking/ foar it grutste part noch ta it eigen libben en it eigen tiidrek, yn Oerfeart giet it om de skiednis fan Boalsert, Fryslân, Europa en de wrâld./.../
/.../Troch ferskillende generaasjes oan it wurd te litten, wit Van der Meer net allinne ûntwikkelingen sjen te litten, bygelyks yn it ferfier (fan de stoomtrein oant en mei de reis nei de moanne), mar ek histoaryske paralellen bleat te lizzen, bygelyks as it om de Joaden, de frou of it fenomeen oarloch giet./.../
/.../Ferline en takomst, it persoanlike ferhaal en de skiednis fan (benammen) Europa rinne trochelkoar hinne en komme by elkoar yn dy iene keamer yn it hûs Beth en dat is, suver op ynhâld besjoen, in nijsgjirrich gegeven: alles wurdt keppele oan alles. Sawol foar de skriuwster fan wûndermoai wurk as 
Untdekking fan ’e wrâld as foar de altiten aktive aksjefierster foar waans opstelling ik mear as wurdearring ha, muoit it my om konstatearje te moatten dat it ’alles oan alles’ keppeljen tagelyk ek de skaadkant fan har nijste boek wurden is. Aggie van der Meer hat har nei myn smaak tefolle holden oan tefolle gegevens. It slagget de skriuwster diskear net alhiel en bring it libben deryn.
De Moanne/Trotwaer, maart 2007, Elske Schotanus


De schrijfster haalt voor deze familieroman haar joodse bet-overgrootvader Pieter Michiel en haar Duitse grootmoeder Augusta uit het dodenrijk naar Beth, haar geboortehuis. Gedrieen maken ze reizen door de politieke, religieuze en kunstzinnige historie vanaf het jaar 1619 tot de 21ste eeuw. Rode draad is een schilderij van Het laatste avondmaal, dat steeds op mysterieuze manier verschijnt en verdwijnt. Na de symbolische 40 hoofdstukken kunnen in hoofdstuk 41 conclusies worden getrokken. Leert een mens iets van de geschiedenis? Wat zijn de sporen die hij nalaat, en welke invloed oefenen die uit op het nageslacht? Maar ook: welke karaktertrekken erven familieleden van elkaar? De beknopte stamboom achterin biedt houvast in het woud aan voornamen. Knap gecomponeerde roman, geschreven in een rijke, poetische stijl. Soms zijn fragmenten te informatief en impliciet, wat het geheel tot pittige kost maakt.
Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion, Marga Claus-de Jong, 12 febrewaris 2007


/…/ De prachtige poëtyske en direkte styl soarget foar trochlêzen as it wat dreger wurdt. Fierder sjocht men de trije gesprekspartners libben foar jin. Ek lit de skriuwster har net ferliede ta in‘Back to the future’-effekt, wat maklik kinnen hie. Se behannelet net alle uterlike ferskillen tusken froeger en no, mar hâldt har by har ûnderwerp: it gedachteguod fan ’e mins.

En ynstee fan sels ôf te reizgjen nei it ferline, lit de ferteller it ferline nei har ta komme. Alles wurdt ferklearre fanút it hjoeddeistich stânpunt en sa skimeret der wat maatskippijkrityk troch Agatha har beskriuwings fan de wrâld. Troch dy kar lit dizze auteur fan hast 80 sjen, dat se midden yn ’e wrâld stiet.
Leeuwarder Courant, desimber 2006, Jetske Bilker