Master fan alle Ringen, diel 1 - It Selskip fan de Ring

€ 35,00

Roman

Klik hjir foar ympresje

Spannende, benaude en merakelse aventoeren yn Tolkiens fiktive wrâld Midierde oerset yn geef en oansprekkend Frysk troch Liuwe Westra

De Hobbit Frodo Balsma krijt fan syn âlde nuveraardige omke Bilbo in wûnder kado presint: in magyske ring dy’t yn oerâlde tiden makke is troch de Tsjustere Hear Sauron om dêr de wrâld finaal mei te oerhearskjen. Frodo stiet foar de drege taak om dat op te kearen. Hy moat de Ring yn it fjoer fan ’e fulkaan, dêr’t dy yn smeid is, smite.

Dat smyt spannende, benaude en merakelse aventoeren op. Us krigele stek-yn-’e-bûse striidt tsjin – en mei – dwirgen, elven, keningen, ferflokte legers, trochtrape tsjoenders, mysterieuze Ringgeasten, fûle rôffûgels, mesjoche meunsters en oar aaklik njirrebrod.

Dat alles spilet yn in eksoatysk lânskip – ûnder- en boppe-ierdsk, paradyslik en tagelyk ûnherberchsum – mei idyllyske bosken, net te betwingen bergen, ûnpeilbere ravinen en dûnkere hoalen, kerbûstige rivieren en ûneinige seeën: Midierde – in fiktive wrâld, dy’t J.R.R. Tolkien sels skoep, kompleet mei folken, talen, skiednis en mytology.

De Hobbit fan John Ronald Reuel Tolkien (Bloemfontein 1892 – Bournemouth 1973) is de prolooch op Master fan alle Ringen, en stiet oan ’e widze fan ’e saneamde fantasy-literatuer.
De wrâldwiid populêre trilogy The Lord of the Rings (Hollânske oersetting: In de ban van de Ring) is ferfilme troch Peter Jackson en yn tsientallen talen oerset, dit is de fjouwerenfjirtichste.

Liuwe Westra levere in masterstik mei syn Fryske oersetting fan it earste diel The Fellowship of the Ring, It Selskip fan de Ring. Tolkien hie dêr grif niget oan hân, want hy begong syn wurk eins gewoan as taaloefening.

 

Resinsjefragmint

Vertaler Liuwe Westra heeft knap werk geleverd. Een van de verdiensten van taalwetenschapper Tolkien was dat hij veel aandacht besteedde aan de taal. Westra doet daar in zijn vertaling behoorlijk recht aan en maakt bijvoorbeeld in namen gebruik van Oud-Friese elementen.

Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion, Jelle van der Meulen, 25 july 2012