Losse hannen

Roman

Omslachtekst

Yn dizze roman spilet Tessa de haadrol; in famke – midden yn ’e pubertiid – dat har paad siket troch de wrâld fan ‘folwoeksenen’, fol regels en patroanen.

Ik doar net nei hûs. Hoe moat ik se thús ûnder eagen komme nei wat der gebeurd is?
Ik lit my op ’e knibbels sakje en stek de hannen yn ’t wetter, mei de wetterplanten ros ik se skjin. Dan jou ik my yn ’e wâl del om te sjen hoe’t it einekroas stadich wer nei elkoar ta krûpt, it plak weromnimt.

Dat krekt Tessa it slachtoffer wurde moast!
Se goait de stuollen en de tafel om, pakt alles wat har foar de hannen komt en soalt it dêr’t se it mar krije kin./.../
Mar dan fljocht har in nije gedachte troch de holle: Tessa sil dochs net yn ferwachting wêze?

Resinsjes (fragminten)

Sa is ’Losse hannen’ in lêsber, meinimmend boek wurden, dêr’t de libbene dialooch en de goedrinnende sinnen dan noch harres ta bydroegen.
Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas, 7 april 2000


De roman is lykwols tige de muoite wurdich, net yn ’t lêste plak om’t de skriuwster har haadpersonaazjes sa libbensecht delset hat.
Friesch Dagblad, Corry Boelens, 12 april 2000


Vlot taalgebruik, goede karaktertekening. De spanning wordt tot het einde toe vastgehouden, overigens een min of meer open einde.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, R.A. Wagenaar-Duursma, 18 maaie 2000


Saakje Huisman skreau mei Losse hannen in eigentiids, libben en ûnderhâldend boek, dat om my wol wat mear ferrassende mominten en hichtepunten ha mocht hie. It eamelt my soms wat tefolle troch op deselde toan en mei itselde folume.
/.../ Huisman toant har op har bêst yn ’e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich; /.../

Trotwaer, Sjoerd Bottema, july 2000, nr. 6


De leadswiere problematyk wurdt oars masterlik beskreaun troch Huisman, de taal is modern en de libbensechte dialogen binne fan in heech nivo.
De stikken dy’t skreaun binne út it eachpunt fan Tessa wei (de haadpersoan), sille troch de identifikaasjemooglikheden benammen it 14+ publyk oansprekke.
/.../ It ferhaal hat mij fan it begjin oan ’e ein yn ’e besnijing hân, en ik bin der fan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil.

Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 31 augustus 2000