Keatse foar de krânse

Omslachtekst

It slagget Jelke hieltyd better om Sjoerd-Jan bûten spul te setten. Op 5-4 en 6-2 feecht er de bal oer alles hinne: de krânse! Mei har trijen meitsje se in freugdedûns en dêr is heit, dy’t him sawat in meter de loft yn tilt. Oare minsken felisitearje him en dêr stiet ynienen Elske foar him. Lang gloeie har tuten nei op syn wangen.

Keatse foar de krânse is it earste keatsboek foar de jeugd sûnt De jonge priiskeatser (1932) fan Nynke fan Hichtum. Sûnt dy tiid feroare in soad mar dit bleau gelyk: keatsers geane inkeld foar de krânse.