It Poadiumbeest

roman

Omslachtekst

Yn It Poadiumbeest wurdt earst it ûntstean en deablieden fan in popgroep út Fryslân yn de jierren ’60 en ’70 beskreaun. De ûntdekkingstocht dy’t soks is, wurdt tritich jier letter ferfolge troch ien fan de leden, op besite by syn soulmate yn it donkere diel fan Slowakije. Hy is op syk nei âlde freonskip, nije sinjouwing en - by it ferûngelokjen fan syn maat, solist en poadiumbeest - nei antwurden op it riedsel dat dêrnei tusken har yn stiet. Mar dat der earder ek al lei. Yn Rome mient er de goeie toan te finen, op trochreis nei it each fan de politike orkaan dy’t yn maaie 2002 thús opstekt. Op ’t lêst hat er himsels wer ûnderdak.

Libje yn de sirkelgong fan tiid, dat is in reade tried yn dizze roman. Werklikheid en lot wurde bestriden en akseptearre. Mar wat as it needlottich beteard?

Bouke van der Hem (1946) is jurist en mediator yn Grins. Debutearre yn 2002 mei de ferhaleroman Sloppe Opels (útj. Frysk en Frij).

Oer syn debút waard skreaun: ’Graach mear fan dat prikeljende, yntelliginte omgean mei de taal en fan it foar fol oansjen fan de lêzer’ (Tsjerk Veenstra yn it Friesch Dagblad). ’De skriuwer docht soks mei oarspronklike middels: út allerhanne perspektiven wei en mei tapassing fan gâns ferskaat oan stilistyske metoaden bringt er syn tematyk nei foaren. (...) It glês glimt hjir net allinnich, it hat ek skerpe rânen’ (Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant). ’In lichtsinnige roman, in swiersettige roman, in trip op speed, in gedegen en trochlibbe analyze fan ’e tiidgeast, in boartlik stikje selskrityk, in taalkeunstich masterwurkje (...), dûnsjend synisme (Justus/Eric Hoekstra yn de Moanne).

Resinsjes (fragminten)

Hoewel qua leeftijd niet echt bij de jongeren horend, schrijft jurist/mediator Bouke van der Hem (1946) ook in zijn tweede, kleine roman een lekker modern Fries. Niet alles in het verhaal wordt uitgewerkt en sommigen zullen dat misschien als een gemis zien, maar het boek zit wel degelijk knap in elkaar.
/.../ Niet alleen de gebeurtenissen in het verhaal zijn van belang, het gaat vooral ook om de ontwikkeling van de (linkse) ideeën van Arjen, afgezet tegen de politieke ontwikkelingen in Nederland met Fortuyn.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, 19 augustus 2005


/.../ in spetterjende allegory dy’t de politike tiidgeast fan de ôfrûne pak ’m beet fjirtich jier ferbyldet. Fan de opstannige jierren sechstich oant de reaksje yn it begjin fan de nije ieu: Van der Hem sketst de Werdegang fan in maatskippij oan de hân fan in relaasje tusken twa popmuzikanten út Snits.
/.../ Wat in faasje sit der yn dit koarte, stjittende proaza fol subkultuertaal, dat men mei syn moai ferskaat oan techniken en perspektiven ek wat opbou en struktuer oanbelanget oertsjûget. Opfallend is ek de natuerlik útpakkende kombinaasje fan eigentiidsk ferteltempo mei in protte geef Frysk. Haadsaak is dat Bouke van der Hem in orizjinele, aktuele en kontroversjele politike roman skreaun hat. ’It poadiumbeest’ nimt stelling tsjin it meirinnen, tsjin it folgjen fan opleine koades en tsjin it swijen as der sprutsen wurde moat. Sok Fortuynisme sil net elkenien noaskje, mar it giet derom dat eleminten derút hjir in oansprekkende literêre foarm krigen hawwe.

Leeuwarder Courant, Abe de Vries, 22 july 2005


’It Poadiumbeest’ is skreaun yn itselde turbo-Frysk as ’Sloppe Opels’, dat ik prachtich fyn. It is in super-konsintrearre taalgebrûk dêr’t reklamige slogans dûbele ladingen krije troch se op sitewaasjes fan de haadpersoan ta te passen. Sa ferwiisde ’sloppe opel’ net allinnich nei in auto dy’t it krekt net hie, net wie, mar ek nei de wifkjende haadpersoan dy’t krekt net út de dop fan syn eigen idealen of fantasyen oangeande himsels komt, in sekundêr figuer dy’t wrakselt mei morele en oare serebrale dilemma’s. Knappe symbolyk dus! Dat bart ek yn it poadiumbist.
/.../ It fan it poadiumbist ferwiist lykwols ek nei de maatskiplike obsesje mei dat oare poadiumbist en dy oare frije jonge, Pim Fortuyn. Dy twa saken komme oan de ein fan it ferhaal moai byelkoar.

/.../ Van dr Hem as traumaturch trochbrekt it taboe en makket de politike kontekst besprekber. De rasjonele kontekt fan de haadpersoan is lykwols iensidich: hy hat wol allegear moai sarkastyske opmerkingen oer links, mar net oer rjochts. Dat falt my fan auteur en konfliktmediator Van der Hem ôf, al kin dy him altiten achter syn haadpersoan ferskûlje - ien fan de moaie dingen fan literatuer! - of achter de like iensidige hâlding fan de konservatyf linkse minsken. Dy lêsten sille grutte muoite mei de twadde helte fan it boek ha.
De Moanne/Trotwaer, Eric Hoekstra, juny 2005


Van der Hem snijt yn ’It Poadiumbeest’ allegear nijsgjirrige ûnderwerpen oan. Bline bewûndering, freonskip, ferwidering, leafde en dea, haat. Om dat út te wurkjen, is in heikarwei dat net oeral slagge is. Hie part ien fan it boek better útwurke west, dan wie dizze roman in stik sterker. Want (it is eins net nedich om it te sizzen) Van der Hem is stilistysk yndie better as mannich debutant, en hy hat each foar in nijsjirriche problematyk. Mar dêr bliuwt it spitich genôch by. Foarlopich? Of rinne de wrâldbylden fan Van der Hem en my gewoan te fier út inoar? By twadde lêzing foel my dizze passaasje spesjaal op. De haadpersoan yn it ferhaal ‘leechte’ [27] seit tsjin syn kliemske freondintsje at sy de kearn fan syn ferhaal net goed begrepen hat: ‘Fierder? Der is gjin fierder. Myn forhael is ien sûnder bigjin, sûnder ein, sûnder tried, sûnder morael en sûnder hwatdanekmar.’ Har réaksje hie mines wêze kinnen: ‘Nou ja, safolle kin it my ek net iens skele, hear. Mar ik toch earst dat it om my gong, sjoch.’
Farsk, Joke Corporaal, 2005 (nûmer 60)