In soarte van swijen

Ferhalebondel

Ynhâld

Trettjin sfearfolle en bytiden geastige ferhalen binne inte op it tema taal. Se geane oer wurden dy’t har net sizze litte wolle, oer it ferhaal dat ûnder it útsprutsene leit of oerbrocht wurdt mei de taal fan it lichem.
Lykas yn har eardere wurk, hat Margryt Poortstra de lêzer yn ’e besnijing troch har psychologysk ynsjoch en it skerpe each foar de eigenaardichheden fan ’e minsken mei har (ûn)gewoane deistige dingen.

Resinsjes (fragminten)

Hoewol’t ik de opset en it ferrin fan har ferhalen net altyd like sterk fyn, is it Margryt Poortstra wol goed slagge om de taal fan it ynderlik libben fan de minske yn ’e trettjin ferhalen bleat te lizzen. De lêzer dy’t benammen ynteresearre is yn it ynderlik fan de personaazjes sil mei dit boek dan ek goed ta syn gerak komme.
Friesch Dagblad, Gerbrich van der Meer, 28 novimber 1998