In nacht yn de Andes

Omslachtekst

G. Willem Abma (Folsgeare 1942) makke namme as romansier en dichter. Dizze earste bondel koarte ferhalen fan syn hân konfrontearret de lêzer mei de faak skrinende werklikheid yn Hongarije, Kolombia, Thailân en Kanada. Ympresjes fan de eksoatyske natoer, de frjemde seden en brûkmen, de earmoed, de misdied.

In myld opmerksum each oer it minsklik detail; de humor ûntbrekt dêrby net. Sadwaande binne dizze tweintich reisferhalen ek nijsgjirrich foar de lêzer dy’t neat mei reizgjen hat.

De robúste tekeningen binne fan Willem Mook.