In moaie dei yn ’e hjerst / Wa rêdt Cesilia Tan

€ 18,50

moaiedei

Oer it boek, twa novellen:

In moaie dei yn ’e hjerst
Al te lang sil it net mear duorje dat se, op in moaie dei yn ’e hjerst, de dea yn ’e eagen sjocht.
Foardat it te let is, fynt buorman, soe se noch opskriuwe moatte wat har yn ’t sin komt oer dat hele nijsgjirrige libben fan har. Om harsels hie it noch wol wat spannender kinnen; mar, seit buorman, it giet ek om al dy wûnderbaarlike dingen dy’t noch alle dagen yn dyn holle omgean.
Dy foaral.

Wa rêdt Cesilia Tan
It alderleafst lyts famke Cesilia Tan, dy’t alle manlju om har fingerkes wynt, hat as oanfallich fanke te let troch dat op in stuit de rollen foargoed omkeard binne.

Fragminten út resinsjes:

Laatbloeier Aggie van der Meer (1927) publiceerde sinds 2000 vier dichtbundels en zes romans. Haar nieuwe Friestalige boek bestaat uit twee novellen met tamelijk raadselachtige vrouwen als hoofdpersoon. De eerste novelle speelt zich af op de laatste dag van een oude vrouw. Nu het einde nadert, schrijft ze aangemoedigd door haar buurman haar verhaal: flarden van vroeger, gecombineerd met wat in haar hoofd omgaat. Angst speelt een rol en vooral schuldgevoel tegenover haar broer die de weg kwijtgeraakt is en die ze volgens haar te snel heeft laten vallen. (…)
De tweede novelle is via verschillende personages een reconstructie van het leven van Cesilia Tan, een jonge vrouw die zelfmoord heeft gepleegd. Net als in het eerste verhaal is deze vrouw in wezen als meisje al slachtoffer geworden van dreigingen vanuit de grote boze wereld.
Van der Meer heeft in haar kenmerkende rijke stijl weer een boeiend boek geschreven dat de lezer soms flink aan het denken zet, bijvoorbeeld over hoe we in deze maatschappij met elkaar omgaan.

Nederlandse Bibliotheek Dienst/Bilblion, Jelle van der Meulen, 11 july 2012

 

Tusken de twa novellen dy’t Aggie van der Meer yn dit boek byinoar brocht hat, binne net in soad oerienkomsten te finen. (…)
Wa rêdt Cesilia Tan hat wat fan in speurdersferhaal, wêryn’t in jonge frou mei har ûngewoane gedrach al har buorlju nijsgjirrich en ûnrêstich makket. Op fernimstige wize wurdt har skiednis mei lytse bytsjes tagelyk ta klearrichheid brocht.
Hoewol’t bliken docht dat Cesilia Tan in soad swierrichheden ûnderfûn hat, is de toan fan it ferhaal iroanysk, as woe de skriuwster it perfoarst net as tragysk bringe. Dêrtroch kin it de lêzer úteinlik net folle skille wat der mei Cesilia bart.
Hiel oars is dit by it prachtige In moaie dei yn ‘e hjerst. Yn dit ferhaal wit in frou dat de dei fan har ferstjerren net fier mear ôf is. It is benammen it kontakt mei har buorman dat makket dat sy har dea noch wat útstelle wol. Se tinkt: “In tajefte wie moai, mar dan graach wol yn kadopapier.” (…)
Ek al docht de frou alle war om skerp te bliuwen en de dea op in ôfstân te hâlden, har krachten nimme hieltyd fierder ôf. It slagget Aggie van der Meer om dy delgong sûnder sentimint en bytiden mei wat humor sa te beskriuwen dat de lêzer mar kwealik ôfskie fan de frou nimme kin.

Leeuwarder Courant, Doeke Sijens, 13 july 2012

 

Aggie van der Meer (1927) is de grand old lady fan de Fryske literatuer. (…)
Sjoen it feit dat se nei 2000 hast alle jierren wol wurk publisearre hat, is it dus net ferwûnderlik dat Van der Meer ek dit jier mei in titel kommen is – in dûbeltitel yn dit gefal, want de twa novellen In moaie dei yn ‘e hjerst en Wa rêdt Cesilia Tan binne gearfoege yn ien bondel.
It earstneamde ferhaal is in ferkenning fan de stjerlikheid. De haadpersoan is in frou op jierren, dy’t har libben oertinkt yn it bywêzen fan persoanen dy’t der net mear binne, (…)
It is ek in ferhaal oer – sa’t dat heart by oantinkens – de ûngrypberheid fan de deistige oarder dêr’t ferlyfdheid, seksualiteit, freonskip en familiêre ferhâldings in wei yn fine moatte. Dy ûngrypberheid kin ek ûnsisber wurde, mar gelokkich binne der de koarte ferhalen dy’t de frou oan har buorman foarlêst. Literatuer is sa noch altyd de meast tasjitlike foarm om minsklik ferlet en de mankelikens te tsjutten, liket de skriuwster te sizzen.

Yn Wa rêdt Cesilia Tan wurdt it needlot al op de earste side meidield as de noch jonge Cesilia Tan harsels tekoart dien hat en troch ien fan de bewenners fan har nije wenplak, in provinsjaal stedsje mei allinnich mar provinsjale minsken, yn har nije hûs fûn is. (…)
Cesilia is eins in hillige, in figuer oer wa’t minsken fantasearje, rabje, mar foar wa’t se ek dingen dogge om it eigen lot – saaiheid, frustraasje, iensumens – draaglik te meitsjen.
Twa novellen mei haadpersoanen dy’t selsbewust yn it libben steane. Foar dy yntelliginte minsken oer steane de rêstleaze stakkerts, fugueren dy’t dêrom net minder nijsgjirrich binne. Se spetterje foaral net, mar wurde troch de berêstende, poëtyske en soms assosjative fertelstyl fan de skriuwster oanklaaid ta lytse lju fan fleis en bloed.
Van der Meer hat de taal net sasear nedich om in ferhaal te fertellen, it ferhaal is in optelsom fan nuanses dy’t it wurd bewurkmasterje kin.

Friesch Dagblad, Jaap Krol, 14 july 2012