In kop fol bylden en oare ferhalen

Yn dizze bondel binne fyftich koarte ferhalen sammele út it oeuvre fan ’e populêre skriuwster Froukje Annema-Noordenbos (Easternijtsjerk 1941 - De Rottefalle 1998).

Der wâlet in gefoel yn my omheech dat ik net omskriuwe kin. It benimt my de siken en ik fiel my ien mei de ierde, opnommen yn it gehiel fan wûndermoaie foarmen en kleuren. Sa oerweldigjend en sa suver. Dit moat it wêze, de folmakke skientme. Der sil noait wer in byld komme dat sa’n djippe yndruk op my meitsje kin, al hoe âld ik ek wurd.

Roerleas stean ik, mei ynhâlden siken en fiel dat my in trien oer it wang rôlet.

Dan komt in ploechje Japanners tichterby tsjotterjen en de tsjoen is ferbrutsen, mar it byld leit fêst, helderder en dúdliker as alle oaren meielkoar.

Fragmint út: In kop fol bylden.

 

Resinsjes (fragminten)

I/.../As der ien ding is dat ’In kop fol bylden’ sjen lit, dan is it wol, dat de flotte toan troch de jierren hinne altyd bleaun is, dat dingen út it deistich libben gauris ta ûnderwerp keazen binne en dat de kwaliteit syn útfallen wolris hie. Froukje Annema hat mei har wurk altyd in grut publyk berikt, om’t se dingen sa sizze koe, dat minsken it idee hiene dat it oer harsels gong. Dat litte dizze ferhalen ek dúdlik sjen.
/.../ Har dialogen binne tige sterk en de mooglikheid om mei in pear streken in situaasje del te setten is ien fan har dúdlike kwaliteiten. Selsspot, humor en it ferhaal krekt wat in oare draai jaan binne oaren. Jierren letter binne de measte ferhalen ek noch altyd aardich om te lêzen, se trochsteane de tiid.

De Moanne/Trotwaer, Jitske Kingma, desimber 2003


Ek Hinke yn it ferhaal ’Der binne grinzen’ hat te krijen mei in rolstoel: har muoike by wa’t se ynwennet, sit yn sa’n ding en Hinke draaft en sjout mar foar har. Oant se der efter komt dat muoike hiel goed rinne kin en har dus misbrûkt. Se mei muoike te kuierjen oant boppe oan de terp ta. Ien setsje. Yn sokke ferhalen is Annema op har bêst, omdat se in net al te foarspelber ferrin hawwe en in lyts minsklik drama ynhâlde dat se hiel effisjint stal wit te jaan. Rjochtút, rjochtoan, dat wol. Eksperimintearje docht se net en dat sille har lêzers net slim fine. Sa bliuwt se ek yn dizze bondel ’in populêre skriuwster foar in grut frouljuspublyk.
Friesch Dagblad, 27 augustus 2003, Tsjerk Veenstra


Yn it wurk fan Annema falt noch werris op, hoe flot sij in dialooch skriuwe koe, net om ’e nocht wie de skriuwster in wurdearre toanielauteur.
Sneeker Nieuwsblad, 11 augustus 2003, Henk van der Veer


/.../Soms binne de ferhalen in bytsje oanpast oan de tiid fan no en sa komt it dat eins alle ferhalen noch skoan ’mei’ kinne. Dat komt mei omdat se hearlik relativearjend binne. Tagelyk wurdt der mei de slachtoffers meifield. De ferhalen lêze as in trein en binne hiel geskikt om sa no en dan fan te ’priuwen’.
/.../ Froukje Anema gie altyd in protte op ’en paad en lies dan sokke ferhalen foar oan in grut publyk. Ik kin my begripe dat guon ferhalen foar in soad meiknikken, ynstimming en laitssalvo’s soarge hawwe.

F-Side, Wieke de Haan, 29 april 2003


De thematiek van de verhalen - die geschreven zijn tussen 1973 en 1997 - is niet zwaar, misschien dat ze daarom in de smaak vallen bij een breed publiek.
/.../ De verhalen zijn tamelijk clichématig uitgewerkt, vaak met een rolbevestigend taalgebruik. Bedoeld om te amuseren, zonder literaire pretenties.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, M. Claus-de Jong, 3 april 2003