Ik wol dy wizer ha

dichtbondel

Resinsjes (fragminten)

/.../ Dichter Jan Dotinga tsjinnet út himsels wei ta hearen: de literatuer en it leauwe. /.../ Dûmny en dichter is ek net itselde. Dotinga is him dêr fan bewust. Mar al binne syn fersen net prekerich, by him bliuwe beide karakters min te skieden. Nei de letter gjin dûmny, stiet er likefolle ûnder de tsjinst fan it Wurd as ûnder de tsjoen fan de wurden.
/.../ Poëzij is syn hâldfêst yn ’e gaos fan de wrâld en tagelyk in rêstpunt by de oanslaggen fan de eigen minsklike natuer. De wurden soargje net allinnich foar ûndergrûn en oarder, se jouwe ek ferhef. Sa, optild, kin de dichter it hear fan it bestean oersjen. Foar en nei biedt de poëzij him in útsjoch ta besinnen.
/.../ Koarts, twifel en twastriid ha plak makke foar wiisheid, wissichheid en wurgens. Deselde wurgens dy’t de lêzer fan dizze - fierste grouwe - bondel bytiden ek oerfalt.

Friesch Dagblad, 17 maart 2004, Eppie Dam


/.../ Mar leafst 120 siden poëzij set âld-skoalmaster Dotinga de lêzers foar. It is de 17de (!) bondel fan dizze wolris wat ûnderwurdearre dichter.
/.../ foeget dizze dichter wat ta mei syn fersen dy’t ynspirearre binne op de âlde spalmen? Ik fyn fan al, Dotinga hat in eigen lûd. Dat autentike komt benammen nei foaren yn de moderne wurden dy’t hij links en rjochts troch syn fersen struit. In lêzer fan gedichten, dy’t ynspirearre binne op de âlde psalmen ferwachtet gjin wurden as stiletto en atoom. Dotinga docht dat wol en it brûken fan dy wurden meitsje syn fersen nijsgjirrich. Hij besiket it leauwen, syn leauwen, op ’e nij ûnder wurden te brigen.

Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 12 jannewaris 2004


Lit dizze dichter dan och sa sympatyk oerkomme, op ’en doer kriget men syn nocht fan sêfte wiisheden, ôfsjoen fan in inkeld fers lykas ’Wat no...’ út it earste skift en ’Tsjin wat bylket’ út it lêste. Yn al har ienfâld binne it juwieltsjes fan dichtkeunst.
/.../ De fersen fan dichter Dotinga binne sûnt syn debút yn 1963 net oantaast, mar likemin ferrike troch wat foar literêre streamings dan ek. Dochs kin men net sizze dat er bûten it libben stiet, dat fernimt men wol oan syn eigentiidske wurdkar. Hy is, tinkt my, yn it foarste plak in dichter dy’t kristen wêze wol.

De Moanne/Trotwaer, Syta Palma, juny 2003


Dotinga syn fersen steane soms tichtby it orizjineel, soms ferwize se dêr hiel yn de fierte nei en wie de bibeltekst net mear as in oanlieding ta it skriuwen. Fersen dy’t tichter by de grûntekst steane, lykje gauris wat minder slagge as fersen mei in frijere ynfolling.
/.../ Yn de bewurkingen dy’t fierder fan de oarspronklike bibeltekst ôfsteane, skept Dotinga yn in pear wurden in sfear, dy’t tagelyk eigentiids is én past by de bibelske oarsprong.
/.../ Hjir is gjin ambisjeus dichter oan it wurd dy’t pretinsjeuze keunstwurken skeppe wol en nije wrâlden iepenleit, mar in dichter dy’t om syn eigen plak siket yn de skiednis fan de minskheid, yn syn persoanlike skiednis, yn syn ferhâlding ta God.

Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg 18 april 2003


De dichter pakt uit een psalm de kern, een gedachte, een idee en bouwt daar een nieuw gedicht mee. Hij gebruikt bijbelse woorden als bede, genade, schepping en hemel, maar verbindt die moeiteloos met woorden uit de wereld van vandaag: stiletto, internet, terrorist, tatoeage, valhelm. Zo gaan deze gedichten over de twijfels en (on)zekerheden van een mens in deze tijd. In de 70 gedichten uit de andere twee afdelingen heeft dat meer dan eens ook te maken met het ouder worden, waarbij de dichter soms uitwijkt naar herinneringen. In veel gedichten zit beeldspraak die voor een poëzieliefhebber goed te volgen is.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, 10 april 2003