Hookstrooks trije hollen mear

Nije mearkes - ferhalen en ferskes foar 8 oant 118.

Omslachtekst

Dit allegear byinoar,’ stammere ik, ‘bin ik.’
‘En wat bin ik,’ sei de mol strang, ‘of oars, as ik freegje mei, wa bin ik?’
‘Ik bin in mins. Alteast dat wie ik,’ jammere ik. ‘Ik bin útinoar fallen en de eamels tochten dat jo my wer yninoar sette koenen.’
‘Yninoar sette?’ frege Mollema: ‘in mins? Dan wer dit en dan wer dat.’ Ynienen skeat er nei foaren. ‘Wat smyt it op?...’

Wolle jimme witte hoe’t dit ôfrint? Lês dan De Tsjoenum, ien fan ’e mearkes út dizze bondel. Of bygelyks oer de prins út it brûnzen aai. In spoek mei gewoane hannen en fuotten. Sniemannen dy’t om it hûs rinne. Of oer Tjitte dy’t der fan lilkens hookstrooks trije hollen by krijt.

Resinsjes (fragminten)

De flage fan de ûndertitel ’Nije mearkes’ dekt de lading net alhiel, teminsten net wat de gedichten oangiet. De measte dêrfan binne ympressys of anekdoates, faak mei bisten yn de haadrol. ’It waarmantsje fan ’e heide’ dy’t it elkenien net nei ’t sin meitsje kin, is dêrop in útsûndering. Yn dat ferhaal op rym binne eleminten fan in mearke te finen.
Friesch Dagblad, Jant van der Weg, 24 jannewaris 2001


Under it foarlêzen oan bern kinst as folwoeksene it laitsjen bytiden hast net ynhâlde. /.../ Troch de grizelige tekeningen krijt it mearke in grizelige útstrieling. It wurdt der lekker eng fan en dêr binne de measte bern hjoed de dei gek op.
Leeuwarder Courant, F Side, 30 jannewaris 2001


Dit boek mei nije mearkes yn ’e foarm fan fersen en ferhalen is nefens de flaptekst gaadlik foar in lêzerspublyk mei in leeftyd fan 8 oant 118. Foar de alderjongsten út dy doelgroep sille guon ûnderwerpen en teksten miskien de drege kant noch neist wêze.
/.../ In kreas fersoarge útjefte dy’t syn wei nei de lêzers grif fine sil.
Actief Extra, Eize de Boer, 18 novimber 2000


Vanaf 8 jaar, maar ook volwassenen zullen een aantal met veel plezier lezen.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, Lies Dijkstra-Kingma, 8 febrewaris 2001

Fierders

De boekpresintaasje yn ’e folle seal yn it Tytsjerkster doarpshûs waard in feestlik barren mei ûnder oaren foardracht, sang, muzyk en eksposysje fan de tekeningen út it boek. Der wurke in grut tal artysten mei. De measten dêrfan wiene, lykas Giny Bastiaans sels, dielnimmers fan it kollektyf ’Los sân’.
/.../ De presintaasje fan Hookstrooks trije hollen mear waard in ûnferjitlik barren foar Giny Bastiaans. ’’Dit is in hiele emosjonele jûn. In jûn mei laitsjen, gûlen en fan alles en noch wat.’’ Mei yllustrator Rienk Kruiderink hie se it drok mei in sinjearjen fan ferkochte boeken. De skriuwster fan ’e Lytse Geast geniete der wakker fan, "Leuk no!"

Actief, Eize de Boer, 12 novimber 2000