Hear Gawain en de Griene Ridder

... lykas bekreaun stiet yn it bêste boek fan ridderskip.
Sa is yn Arthur syn tiid dit aventoer bard ...

Hear Gawain en de Griene Ridder r.2521, 2522

Resinsjes (fragminten)

Hear Gawain en de Griene Ridder is in bysûndere oanwinst foar de Fryske lêzers, tinkt my. It boek nimt mei yn in spannende draaf en it sit fol humor. De alliterearjende rigels binne in geniet foar de earen as men de fersen lûdop lêst. Men bliuwt nearne stykjen, want Bruinsma fynt altyd in útwyk. Of hy stâlet wurden om, of hy lient guonts út in oare taal.
/.../ Foar elkenien dy’t Frysk lêze kin, is dit prachtige ridderferhaal tagonklik. De ynlieding en de noaten hawwe ek noch de lêste hulten sljochte.

Trotwaer, Syta Palma, juny 2002