Fan al den dei

Omslachtekst

De populariteit fan it wurk fan Froukje Annema-Noordenbos (Easternijtsjerk 1941 - De Rottefalle 1998) leit him yn de werkenberens fan ’e dingen fan al den dei.

De libbene observaasjes fan it betreklik probleemleas deistich libben fan húsfroulju, memmen en echtgenoates hawwe de sjarme fan it lytsminsklike.
(út ’Lyts hânboek fan de fryske literatuer’, 1996)

Dat jildt ek foar de hjir sammele fersen, dy’t earder foar in part ferskynden yn ’e bondel ’Snypsnaren’ (earste printinge 1984, twadde 1985) en yn kranten en tydskriften.