Dûbel tij

Tekst: Tsjits Peanstra en Jelle Bangma
Yllustraasje omslach: Tsjits Jonkman, Raerd (B.)

Gedichten op de omslach

PROLOOCH

Se lit gedichten dûnsje út har hân,
se struit se yn har hjersttún lykas blêden
dy’t falle wolle, kleuren jouw’ oan ’t lân,
fan okergiel, kastanjebrún, mar ek pastel.
Har libben del, ferteltsjes yn in akwarel,
leit sy in fersepaad mei lichte trêden;
se lit gedichten dûnsje út har hân.

Hy antwurdet op fragen dy’t sy stelt,
as hja inoarren soms gedichten skriuwe.
Syn werwurd is ferrassend. It fertelt
oan har de riedsels dy’t hja somtiids witte woe.
Der binne dingen dy’t hja amper sizze soe,
in dichter lit in soad ferburgen bliuwe.
Hy antwurdet op fragen dy’t sy stelt.

Resinsjes (fragminten)

Meast opfallend skaaimerk fan dizze gedichten is de rym. De auteurs hawwe dêr ôfspraken oer makke en dy werjûn yn in ferantwurding. Hja binne dêrtroch de krityk faaks in stapke foar, mar nettsjinsteande dat moat my fan it hert dat de foarm fan dizze fersen my hielendal net oansprekt. Nei myn betinken stiet de foarm in echte, psychologysk oertsjûgjende konfrontaasje tusken beide dichters yn it paad.
/.../ ’Dûbel tij’ bliuwt hingjen yn frijbliuwende observaasjes en klisjees. It gehiel is te braaf om spannend te wurden.

Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 2 augustus 2002


It giet hjir om saneamde ’skeakelfersen’, fersen dy’t om bar skreaun binne troch de beide dichters, mei as betingst dat ien rigel út it foargeande fers brûkt wurde moast as skeakel nei it nije fers. Behalve oan dy iene skeakelrigel ha de beide dichters har ek noch bûn oan allerhande oare ôfspraken: oer it tema, de foarm, de lingte fan de fersen en de fersrigels, en it rym.
/.../ Dat jout de bondel wat ientoanichs: ienselde dreun dy’t yn alle fersen wer opdûkt. Sa krijt it dichtsjen wat fan puzzeljen: alle stikjes passe.
/.../ Foaral de romantysk ynstelde lêzer krijt syn gerak, want ’Weltschmerz’ en ’Sehnsucht’ - dêr’t ik sa’n wurd om sis - sette de toan. Langstme nei eat wat ûnberikber is of blykt te wêzen, tebeksjen nei wat west hat en foargoed foarby is. Tebeksjen ek nei de bernejierren fan ûnskuld en ferwachting. Langstme ek om boppe jinsels út te stigen, in heger en suverder steat fan libjen te berikken.

Trotwaer, Sjoerd Bottema, juny 2002


/.../ Ondanks de technische voorwaarden is het resultaat van deze samenwerking een zeer aansprekend geheel geworden met speelse elementen en doorleefde, soms gevoelige teksten.
Nederlandse Biblitheek Dienst, R.A. Wagenaar-Duursma, 20 juny 2002


It gefaar fan dit nifelwurk mei technyske betingsten dy’t foarôf steld wurde, is dat it folslein sûnder gefoel bart. Mar dat falt hjir wol ta. Wol is it sa, dat Tsjits Peanstra better as Jelle Bangma thús is yn it poëtysk idioom. Mar dat betsjut tagelyk, dat har poëzy slim tradisjoneel is en him soms op ’e râne fan it klisjee befynt. Sawol foar Peanstra as Bangma jildt, dat se op fernimstige wize gebrûk meitsje fan de technyske mooglikheden. Mar dochs soe ik fan elk ôfsûnderlik noch wol in dichtbondel sjen wolle, dy’t mear skreaun is út it gefoel.
Friesch Dagblad, Pier Boorsma, 27 febrewaris 2002