De Sneinen

€ 17,00

Twaënfyftich gedichten oer de sneinen fan it jier. De kuiertocht, ier en betiid op stille
sneintemoarnen, ropt op ta meditaasje en set de fantasy op skerp.
In iensume fisker, in frou mei in hûn en in bern dat de toerka’s beswart, jouwe der kleur oan.
Lykas ek de ferrassende berjochten út it âlde boek dêr’t se yn tsjerke mei op ferhaal besykje te
kommen.

Oanbieding wie op 2 desimber 2012, de earste snein fan Advint
Tiid: 15.00-16.30 oere
Plak: Fermanje, Skilwyk 29, 8701 KM BOALSERT

Programma

14.30 Ynrinnerij
15.00 Koarte ynlieding oer it ûntstean fan de De sneinen
15.10 Fjouwer minsken oer har sneinen:
Dicky Bosma, Titus Hettinga, Wijtse de Vries, Ytsje Hettinga

15.35 Presintaasje fan De Sneinen troch:
Rommy Soepboer, Tjitte Muizelaar
Koar Joachim û.l.f. Cecilia Bekema. Muzikale begelieding Jan Sterenberg

16.05 Twa minsken oer har sneinen:
Wim Beekman, Alied van der Meer

16.20 Sinjearen
16.30 Utpraterij

 

Fragminten út resinsjes:

Het inleidende gedicht van deze vijfde dichtbundel in het Fries van Aggie van der Meer roept de lezer op om de belofte van de nieuwe dag te begroeten, met een beeld van zwarte paarden ’bevangen in het zachte bidden van linden’ en een kind dat kauwen bezweert, plus de vraag wie de cirkel verbreekt: de visser of de ik-figuur zelf?
In het tweede deel van het gedicht is het middag, zit het voorgeslacht aan tafel en kijkt een engel van verre toe. Een complex gedicht en een mooie voorbode van wat volgt: 52 rijke gedichten waarin telkens een zondag beschreven wordt, vanaf de eerste zondag van Advent tot de 23e zondag na Pinksteren.
In de gedichten komen personages voor die je gemakkelijk ontmoet, een zuster, de koster, de pastoor, een kind met zijn vader en moeder, de visser en de tuinder, maar ook bijna abstracte personages als de zondaar en de vijand naast een hele rij Bijbelse figuren en heiligen.
Prachtige gedichten, waar de lezer door de rijke beeldspraak (’een dag gekleed in grijs en gekortgewiekte vleugels’) en de Bijbelse verwijzingen wel wat moeite voor moet doen.
Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion, Jelle van der Meulen, 14 maart 2013

Aggie van der Meer har poëzij is in oanhâldend freegjen nei it ljocht, it teken dat de dei fan de nacht wint. ’Daagjen’ is net om ’e nocht in typysk ’Aggie-wurd’. Wat har gedichten úttilt boppe de belidenis, is it fermogen fan de dichter om langstme tsjin it ljocht te hâlden. It te besjen en te beneamen yn wurden, mar it ek yn in bredere spirituele tradysje te setten, yn in wrâld dy’t in mystyk en mytologysk fokabulêr ferdraacht.

/.../Yn de fersen komme ûnderskate personaazjes oan it wurd of wurde folge: ’de túnker’, ’de sûndebok’, ’it bern’, ’de ûnbekende’, ’suster Leonissa’, ’de fiskerman’. En sa út entroch in ’ik’, ek wol neamd ’de frou fan kaft oant kaft’.
Dizze personaazje hawwe ferbiningen mei minsken út de Bibel, mar tagelyk fungearje se as in soarte fan tsjerkemienskip. Yn sa’n opset ûntstiet in nijsgjirrich spanningsfjild om de ’ik-dichter’ hinne, dy’t yn de tekst oanwêzich is as kronikeur fan in geastlike mienskip én as ien fan de ferhaalfigueren. De fersen krije harren plak yn in tsjerke en in amper oanklaaid bûtendekor. De tekens fan de tiden fan it jier, waarnommen op kuiertochten troch it greidelân.
Dêr’t van der Meer eartiids noch wolris gripe woe nei foarmen dêr’t lange barokke rigels in plak yn krije koene, is it diskear soberheid troef. De lange, koartrigelige fersen hawwe wat wei fan in midsieuske, romaanske tsjerketoer. Soberheid fan foarm korrespondearret mei it hast folslein ûntbrekken fan taaltechnyske ûndersteuning yn de fersen. Gjin rym, gjin enjambeminten. Wat oerbliuwt om de ynhâld te stypjen, is byld, it dragend ritme fan de rigels en de literêre konstruksje.
En myn ferwûndering. Want ik haw de bondel no twa kear lêzen, en noch kin ik amper fêste grûn fine om op te stean./.../
Yn dizze bondel tilt it op fan religieuze, gauris profetyske mar ek treastrike tekens dy’t wachtsje op ûntsifering. De oare kant fan it ferhaal is dat de lêzer net folle hâldfêst krijt yn in taal dy’t beheind muoite docht om him by te ljochtsjen. Van der meer slalommet om konkrete details hinne en set ynhâldlik swier yn op abstrakte begripen, bygelyks ’ljocht’, ’skuld’, ’leafde’. Meidat de personaazjes ek fierhinne skimmich bliuwe, kin in religieus-spirituele skimerwrâld ûntstean dy’t him as sletten en hermetysk toant.
As lêzer hâld ik dat gjin 52 gedichten lang fol sûnder my ôf te freegjen wat ik mis. Ik bespeur spirituele ynhâld en in nijsgjirrige konstruksje, mar ik mis it yngripen fan de taal. De fiergesichten dy’t ynienen opdûke kinne om’t de taal it wol, net om’t de dichter it útsjoch betocht hat. Ik mis it seldsume fjoerwurk dat fan in riedsel in wûnder meitsje kin.
Friesch Dagblad, Abe de Vries, 13 april 2013

Leeuwarder Courant: Wie it mar altyd Peaske

Bolswards Nieuwsblad 28 novimber 2012