De moanne laket

€ 12,00

demoannelaket-wit-mindert-de

omslachtekst

Stimmen

wâljend sulver
flústert
sâlte stimmen
fan it waad

by’t wekker wurden wit ik:
’t is noch lang net oer

Resinsjes (fragminten)

Min is Babs Gezelle Meerburg te sprekken oer dit debút yn ien fan har lêste krantestikjes yn de Ljouwerter. Se docht noartsk oer dizze bondel dy’t op ’e lange list stiet. Sa slim haw ik har yn dy jierren net blazen heard. Hat Mindert de Wit  (* 7 april 1949 yn Stiens) it by har sa tige bedoarn?

De bondel is yndield yn fjouwer skiften neffens de kertieren fan de moanne. It docht fansels daliks klysjee oan as in dichter mei de moanne te foarskyn komt; set him oan de lithium, hearre je al gau roppen troch de meute. Dwers as ik bin, spoekje ik wat yn de siden om en stean even stil by in fers út it skift FOLLE MOANNE:

MONUMINT

Samar seach ik se, troch
minskehân ferbûn, gearstald
mei griis semint jouwe se
foarmen oan in
ieuwenâld ferline. Har
skiednis ken ik net, har
wrakseling tsjin stoarm

en rein. Al hie it altyd
sa west, tsjinje se de minske
yn har sneinse gong
nei ferbining mei de
ivichheid en elkoar.
’k Fiel noch dat de krêft fan 
âlde drôvigens en

feestlik gebeuren troch myn
ieren streamt. Noch hieltyd
hear ik de mankelike 
toanen út it oargel.
De sjongende mienskip,
oan dit plakje bûn troch har
stânfêstich leauwen. In

reizger út ferline tiden. 
Mar altyd bliuwend, master
fan it geastlik libben.

(s. 32)

It fers is mei opsetsin praktysk foarmleas. Wêrom eins? Ek reitsje ik yn ’e tiis troch safolle tsjinstellings; sykje se mar op, it binne der grif alve. Wat stiet hjir eins? (jqs)

Stiennen dêr ’t in tsjerke mei boud is?  Tsjerke sels? En ast ienris yn ’e netten fan it leauwen festsitst, komst der net mear út? Ja, dy fraachtekens steane der net samar. Want as dat it boadskip is... hie’t sterker kinnen. Ek Wind is yn De Moanne net echt te sprekken oer dizze bondel: “(…) Dat de dichter Mindert de Wit docht wat dichters te dwaan stiet: lije oan it libben. En al hoe goed dat (paradoksaal genôch) ek fielt, goede poëzy foldocht oan oare skaaimerken. Koartsein: ’De moanne laket’ is foar my te werkenber om fan út it stee te reitsjen en net grappich genôch om mei te laitsjen”.

De Wit skriuwt op syn eigen blog dat er noch “kjel” is fan de resinsje fan Gezelle Meerburg. It is ek net leuk om in negative krityk te krijen, mar Meerburg hat wol in bytsje gelyk. Sy fynt de ynhâld te algemien en de gedichten witte har net te boeien. Faaks hat dat te krijen mei de styl. Mei wat suniger om te springen mei taal soe it spannender wurde kinne.

Ik tink net dat Wobbelke foar “De moanne laket” by De Wit om kofje komt, mar dat is gjin skande. (edg)

ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009


/.../ De titel ’De moanne laket’ fyn ik net sterk. In wat bernige personifikaasje. Lit ik it gedicht dêr’t er útkomt der ris by nimme:

Katterich

de moanne laket
laket nei myn kat
in sêft en skrutel skowen
troch de daksgoate

de moanne laket
ljocht falt op myn lege flesse
ôfgryslik bûnzjen
op it waarme kessen (...) (11)

Nee wol? In kater! En het maantje aan de hemel ziet het allemaal en lacht... Ik sjoch dat dit gedicht trije jier lyn yn Hjir stie. Hoewol, dít gedicht... in eardere foarm derfan. It hat dêr noch acht ynstee fan fiif strofen en net ien is itselde bleaun. Der is omraak yn skrast, dat is winst. Mar neffens my hie der noch mear út moatten. Dat is trouwens faak foar sokke poëzy typearjend: wat der stiet, kin faak ek hiel oars (en koarter om ’e hoeke) sein wurde, sûnder dat de betsjutting feroaret. Oarsaak: de ynhâld is te algemien.
/.../ ’Feelgood’-films, ferhalen, aktiviteiten en spultsjes binn’ hjoed de dei populêr. Op in beskate wize is dit feelgood-poëzy: de taal is simpel, de ûnderwurpen komme út it libben, de problematyk is maklik yn (en út) te kommen, der is fakentiids in ’clou’ dy’t al like werkenber is. De lêzer kin it allegear maklik benei komme. De fersen liene har grif goed foar foarlêzen. Foar dat gemak oer stiet
/.../: it libben dat besongen wurdt, is net smûk en gesellich. It giet oer ^unlijigens en iensumens, ûnwennigens, kâldens en tsjusterens. Dat de dichter Mindert de Wit docht wat dichters te dwaan stiet: lije oan it libben. En al hoe goed dat   (paradoksaal genôch) ek fielt, goede poëzy foldocht oan oare skaaimerken. Koartsein: ’De moanne laket’ is foar my te werkenber om fan út it stee te reitsjen en net grappich genôch om mei te laitsjen.

De Moanne, Harmen Wind, april 2006


’De moanne laket’ fan Mindert de Wit tilt op fan de goede bedoelings (dêr gean ik alteast ynearsten fan út)
/.../ Goede bedoelings, dy’t yn in dichterlike foarm getten binne, meie miskien moaie tagonklike fersen opleverje foar poëzyweblogs fan amateurdichters, mar net foar de soere en elitêre literatuerkritikus, dy’t ik no ienris bin.
/.../ Yrritaasje... myn goede bedoelings binne yntusken fier te sykjen om fan de jamkste fâlde mar te swijen. ’De moanne laket’ is te min autentyk. In eklips hie my leaver west. 

Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 20 desimber 2005


Het omslag van de (kunst)partner Gerda Hulsinga van deze debuutbundel van Mindert de Wit toont heel passend een geabstraheerd landschap met een rietkraag en daarboven de maan. Het landschap speelt een belangrijke rol in deze Friese gedichten, naast de gevoelens van de dichter, die soms met het landschap verbonden worden of met het tijdstip van de dag of met weersomstandigheden.
/.../ Niet alleen de bundel, ook de poëzie zelf heeft over het algemeen een rustige, beheerste opbouw. Bovendien zijn de beelden, meestal personificaties, goed te volgen. Dat maakt de gedichten heel leesbaar.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, 22 septimber 2005