De mafiaman

Omslachtekst

G. Willem Abma (Folsgeare 1942) makke namme as romansier en dichter. Yn dizze psycho-thriller nimt er de lêzer mei nei de ûntheisterjende wrâld fan in psychopaat dy’t it net litte kin syn neisten psychysk te knoeien.

Troch de flotte ferteltrant, de nijsgjirrige karakters, de humor, erotyk en de barnende spanning lêst men dit boek yn ien sike út.

Willem Mook makke de yntrigearjende tekeningen.

’In mins kin bang wêze, sa bang dat er nachts de doar fan syn sliepkeamer barrikadearret. Eangst dy’t oergiet yn in soarte fan paranoia dy’t agressyf makket. Soms hat agressy de skyn fan moed, soms makket er domdryst. Dat in gewoan foefke fia de telefoan him sa de skrik op ’e lea jage hat. Menear soe konneksjes mei de Mafia hawwe...’