De loads

roman

Omslachtekst

Wy hawwe lake en balte, de hannen om ’e mûle as in toeter. Oeral hawwe socht om in iepening: in doar dy’t net op slot siet, in rút dat net ticht wie, in tillefoan, in tried nei de wrâld dêrbûten: neat. Wy wachtsje. Abel en ik hawwe ús deljûn yn dit absurde dekor en wy hawwe tsjin elkoar sein dat wy moarn in ferhaal te fertellen hawwe. Moarn, hoopje wy.

Resinsjes (fragminten)

Margryt Poortstra hat mei dizze roman op ’e nij bewiisd dat hja ta de top beheart fan de hjoeddeiske Fryske literatuer (m/f). Se set sûnder in oerdied oan wurden minsken del dy’t earlik en echt oerkomme. Faaks dat ’De Loads’ psychologys wat minder djipgong hat as guon fan har eardere boeken, wat iendiminsjonaler is (want eins folslein rjochte op ien minske), mar wat yn dizze roman ferteld wurdt is boeiend en meinimmend. Krekt omt der safolle yn ferteld wurdt.
Trotwaer, Joop Boomsma, april 2000


Dizze roman hat tal fan oerienkomsten mei it boek fan Geert Mak, De eeuw van mijn vader, dat ferline jier ek útkaam. /.../ Mar der binne ek grutte ferskillen tusken it megaboek fan Mak en de novelle-achtige roman fan Poortstra.   /.../ Poortstra is folle subtiler /.../ mar har ferhaal rekket mij yn elts gefal net minder as dat fan Mak. Bij Poortstra stiet hiel wat tusken de rigels, De Loads is foar mij in hichtepunt yn har fiifentweintich jierrich skriuwersskip!
Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 24 jannewaris 2000