De floeibere bân

dichtbondel (debút)
mei kommentaar per fers fan ’e dichter

Omslachtekst

Yn De floeibere bân wurdt de poëzy foar de feroaring net sjoen as in medium dêr’t je orizjineel of eksperiminteel yn wêze moatte. De emoasje stiet sintraal. Bewûndering en ferachting, oergeunst en meilijen, se komme allegeare oan bod en krije alle romte om har ‘wierheid’ ûnder wurden te bringen, wierheden dy’t beflapt wurde ûnder de rigel dêr’t de bondel syn titel oan ûntlient: It is de floeibere bân dy’t ús bynt. In part fan ’e gedichten waard earder publisearre yn literêre tydskriften.

Resinsjes (fragminten)

/.../ Hat Eric Hoekstra mei sok didaktysk dwaan (it jaan fan kommentaar by syn fersen) de Fryske skriuwerij op springen set? Ja, fansels, hy is de earste op Jan Jelles Hof nei, dy’t sokke trúkjes op it skrouske skriuwerstou by uzes úthellet. Mar mei in drastysk feroarjen fan koerts hat sok nifeljen gjin grevel te krijen, want it fret allinne mar oan ’e selskant.
Eric Hoekstra hat, ek yn syn fersen, net genôch oan smelle en tinne wurden. De dramatyk slacht foar master op.

Leeuwarder Courant, Tjitte Piebenga, 28 july 2000


Wat falt der fierders noch te genietsjen? De bondel is tige ôfwikseljend en de measte fersen mei ik graach oer, al moat sein wurde dat ik nearne djip rekke bin. Oer it generaal hat Hoekstra syn poëzij in ferfrissende wurking op my hân.
/.../Soks is my al dúdlik wurden: dit is net allinnich in dichtbondel, mar ek in samling autobiografyske, filosofyske en maatskippij-krityske ’kollums’.
/.../Wy meie de hoop útsprekke dat de Fryske dichtkeunst troch de fitalistyske, sterk troch Nietsche beynfloede gedichten yn De floeibere bân in oppepperke krije sil.

Hjir,
 Cornelis van der Wal, augustus 2000, nr 4


/.../ Wat wol nammentlik it gefal, ik fyn de proazastikjes folle ynteressanter as de gedichten. Mar de gedichten moatte besprutsen wurde.
/.../ De earste bondel fan Eric Hoekstra is gjin ûnferdield sukses, dêrfoar binne de fersen te wikseljend fan kwaliteit.

Trotwaer, Pier Boorsma, maart 2001, nr. 2


De fyftich fersen dy’t Eric Hoekstra yn syn debútbondel opnommen hat, jouwe sa’t er sels skriuwt ’in plaatsje fan myn siel.
/.../ Syn bondel ha ’k nei oardel jier noch net út. Ik bin der noch net ’klear’ mei. Dat binne meastal net de minste bondels dy’t bij mij op ’e planke steane! Ik haw hege ferwachtings fan dizze dichter, syn debút is in ûnthjit omdat er in folslein eigen lûd hat.

Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 26 juli 2001