Dagen

dagen-witbraad

Dit is de twadde dichtbondel fan Gryt Witbraad út Aldegea (W.)

Resinsjes (fragminten)

Gryt Witbraad makket it eigen paadsje wol skjin, mar wat my oanbelanget mei se wat faker har grinzen ferlizze. Technysk hat de dichteresse ien en oar yn ’e marse, mar se wol ús tefolle jaan en dêrom jout se ús te min. Ik nim daliks oan dat se wrakselet mei it libben, mar fan dy wrakseling en fragen krije we amper wat te sjen, om’t se hast altyd in antwurd by de hân hat of hawwe wol. De spanning tusken ’ik’ en ’wy’ is te min fielber.
Hjir, Redbad Veenbaas, febrewaris 2002.


Grutste beswier binne net omslach, rym of byldspraak, mar dat dizze fersen in reproduksje binne fan de werklikheid en amper wat tafoegje oan jins eigen waarnimmingen.
/.../ Grutste prestaasje fan ’Dagen’ is benammen, dat it jo werris oan it tinken set oer wat eins ferwachte wurde mei fan goede poëzy. Soks sil grif net de bedoeling west hawwe fan de dichteresse.

Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 22 febrewaris 2002


Tweede bundel van deze auteur die zich laat inspireren door haar directe leefomgeving (mensen, natuur, jaargetijden), maar ook door b.v. Gandhi en de dwaze moeders. De gedichten zijn rijmloos, in meestal vrij korte zinnen en niet erg lang. De stijl is vaak speels, maar er is ook wel een ernstige toon. Eenvoudige, zeer toegankelijke en herkenbare poëzie met goede sfeerbeschrijvingen.
/.../ Geschikt voor een breed publiek, ook voor hen die niet zo gewend zijn aan het lezen van poëzie.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, R.A. Wagenaar-Duursema, 7 febrewaris 2002


Witbraad skriuwt meinimmende poëzij, dy’t helder en trefseker is en dy’t in berop docht op it gefoel. Ik ferwachtsje dat dizze bondel krekt sa fluch útferkocht rekket as har earste bondel.
Friesch Dagblad, Pier Boorsma, 23 jannewaris 2002


/.../ Fan Gryt Witbraad har earstelingsbondel, dy’t yn in oplaach fan 350 eksimplaren printe waard, kaam binnen inkelde wiken nei ferskinen al in twadde printinge út. Soks kin ik mij yntinke, dizze dichteres wurdt lêzen troch in breed publyk en dat sil grif komme omdat se tagonklike poëzij skriuwt.
/.../ Mei dizze twadde bondel is der yn fergeliking mei har debút yn 1998 gjin fernijing te merkbiten. De dichteres út Aldegea hâldt har eigen fertroude sfearrike lûd, hiel werkenber.

Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 6 desimber 2001