Blide oeren

hûndert fersen

Omslachtekst

Soms bid ik wol mei iepen eagen,
der is safolle moais te sjen,
dat God ús jout, de kleare sinne,
it frisse grien en buorlju’s bern.

Soms tankje ik mei iepen eagen,
myn blidens kin ik amper oan.
God jout my mear as ik Him freegje,
’k fernim dat suver elke moarn.

Dit is de achtste fersebondel fan Swaantsje Duursma (Weinterp 1928

Fragminten út in fraachpetear

Oer de titel ‘Blide oeren’ fertelde de dichtereasse by de presintaasje: “Ik ha altyd blide oeren hân, want ik ha altiten op it plattelân wenne. Ik ha de gewoante nommen om sa folle moaie dingen op te skriuwen. Ik mei dat dwaan en ik bin der bliid om, dat ik it kin.”

Ien fan de skaaimerken fan Swaantsje har fersen is, dat se foar elkenien tagonklik binne. “Ik brûk gewoane wurden, want ik fyn dat elk myn fersen begripe moat.” Dizze achtste bondel soe neffens har echt wolris har lêste wêze kinne. “Ik bin fansels in kear útskreaun. Net dat ik gjin stof mear ha, mar ik wol de minsken ek net ferfele.”
Swaantsje Duursma yn petear mei Jan Jongsma, Weekblad Actief, 11 april 2007

Resinsjes (fragminten)

It ferskinen fan Blide oeren, yn 2007 yn eigen behear, mar mei stipe fan de hear Goasse D. Brouwer yn dizzen, hat Swaantsje Duursma (* 29 desimber 1928 yn Weinterp) noch krekt meimakke, want hja ferstoar op 13 desimber 2007 yn Burgum. Dêrmei heart dit boek postúm en formeel ta it korpus fan de ferskynde dichtbondels fan 2005 oant en mei 2008 dat meidocht oan de Gysbert Japicx-priis 2009 foar poëzy. No sil Nel Benschop ek nea dreamd ha fan de P.C. Hooft, sa beskieden is dit blide dichtwurk ek. De bondel stiet net op de offisjele lange list.

God komt der faak yn foar en de dichteresse uteret har tankberens yn mannich fers fan de hûndert. Eins frjemd dat de KFFB mar sa’n bytsje ynset op har dichters.

Hoe dan ek, it sil dy tanimmend yn de bondel noch net tafalle in fers te finen dat net direkt of yndirekt ferwiist nei grutte Him en syn metafoaren. Op side 23 stiet in goddeleas fers, of giet it hjir om de ferearing fan ‘Gods sun’?

AS BERN

’k rin yn de jûn de lannen yn,
dêr’t de skrouske greiden winke,
’k lit yn de frisse maartewyn
myn deistich wurk in set besinke.

Yn dizze oarde giet de sinne,
sa’t it wol skynt,
foar my allinne
yn ’t reade nêst
of foar ’n keppel skiep,
wat pinken –

Ik rin werom yn ’t lette rea,
’k fyn oan ’e sleat
yn d’ earste koweblom
en ’t lang fergetten lamkebrea
mysels – as bern – werom.    

Natuerliryk is ek hiel wichtich yn dit dichterskip, èn it binne de lytse en rymjende dingen dy’t it dogge! Blide oeren is de achtste bondel en in passend poëtysk beslút, behalven dan dat de KFFB it der by sitte litten hat, ekskjûz mii!

De bondel is ek foar alle kristenen te keap by de bettere Fryske boekhannel en oars mar even ynternette, sa haw ik it boek ek krigen, dat ik meikoarten nei Talma Hiem yn Balk bring; ús mem docht it faaks goed wat fan de tankberens fan Swaantsje Duursma te hearren, as ien fan ús der út foarlêst. Hoechst net yn de Heare te wêzen om dizze gedichten goed foar te lêzen. (jqs)

Swaantsje hat ek it klupliet fan gymnastykferiening LONGA út Wynjewâld skreaun. Ek lieten skriuwe wie har dus net frjemd en dan is rym net alhiel ûnbelangryk. Dat dat dan wolris wat twingjend nei foaren komt is net altiten te mijen.

Pretentieus is it wurk net: ’Ik bin der noait foar sitten gien, it moat yn my opkomme. By jûntiid komt my faak samar wat yn ’t sin. Soms begjint it mei de earste rigel, soms mei de lêste. En meastal foarmet sa’n fers him dan yn ien kear’. (Drachtster Courant, 2007)

Joop Boomsma skreau yn 2000 dit oer in oare bondel fan Duursma: “Jo moatte wol hiel leauwich wêze, wolle jo de fersen fan Swaantsje Duursma op wearde skatte. De dichteres fynt har ynspiraasje benammen yn de deistige natuer, mar suver by elke waarnimming wurdt God tanke foar al it goede dat Hy ús minsken skinkt. Ik hâld fan natuergedichten en Swaantsje Duursma hat wier wol in moai each op wat hja waarnimt, kin dat faker as ienris moai en yn in geve foarm ûnder wurden bringe - mar de heareheare der hieltyd by, ik waard der deawurch fan. De meast slagge gedichten fyn ik dan ek dy wêr ’t earlike ferwûndering foar de ’gewoane’ natuer út sprekt. Sûnder dat God wer tanke en sa wurdt.” Hy hat in punt. (edg)

ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009


Opvallend is ook hier, net als in voorgaande bundels, de blijmoedige sfeer met verwondering over wat elke nieuwe dag heeft te bieden. De dichteres wordt ook wel de "Friese Nel Benschop" genoemd. Door de thematiek het meest geschikt voor oudere lezers met een prot. chr. achtergrond.
Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion, 30 maart 2007, R.A. Wagenaar-Duursma


/.../ Ek al lizze de toarnbeien op it omkaft ûnryp yn ’e hân, myld en swiet reint de tankberens jin temjitte. /.../ Blidens en frommens foarmje de siel fan har wurk. Mear as tachtich prosint is natoerlyryk. Har wurk kin maklik gearfette wurde as in spiraal nei boppen: Wat is de natoer moai! Dat makket it libben goed. Dêr meie wy Gods hân yn sjen, en dan wurde natoer en libben nóch moaier, en God noch grutter.

/.../ Dichters as Swaantsje Duursma ha in boadskip. Se skriuwe net foar harsels, mar fertolkje de gefoelens fan de ’leauwige’. /.../ Net it yndividuele trochlibjen en ferwurkjen, mar it gemienskiplike fielen is de boarne. Net ’myn ynsjoch’, mar ’ús útsjoch’ stiet foarop. Dizze fersen wolle, hiel letterlik, meidiele, en dus is fersteanberens in betingst. Wat moai is, moat moai sein wurde. Sa kin dizze poëzy typearre wurde. Wat moai is, makket it leauwe út en wat ’moai sein’ is, it folk. Dêr is neat op tsjin. Dat it wat oars is as literatuer, dat wit ek iderien wol. En dat it literatuer giet om wat is, net allinne om wat moai is, dat is hár probleem. Populêr sil literêre poëzy dêrmei nea wurde. It moaie is dat dy poëzy dat ek net neistribbet, want sa’n ynstimming soe har ûndergong wêze. Sa moat elk syn plak witte. En Swaantsje Duursma fertsjinnet har plak. Dat seit har mannichte lêzers, en dus is it sa.
Leeuwarder Courant, 23 maart 2007, Harmen Wind