Bhagavad Gita

€ 20,00

bhagavad_gita_fr_lr

De Bhagavad Gita is een onderdeel van het omvangrijke epische gedicht de Mahabharata, geschreven door de wijze Vyasadeva en vertaald door Eric Hoekstra in zowel het Fries als het Nederlands.

Wat moat in minske dwaan, wat moat er litte, om goed te libjen?
Wat helpt dêrby? Selskennis of it dwaan fan goede wurken?
Is God in persoan bûten jo? Of is God yn jo en moatte jo josels feroarje om God yn josels te sjen?
Kin in minske neieroan ta God komme troch te stribjen nei deugd en harmony?
Kinne wy ús gedachten yn ‘e macht krije en ússels op dy wize te’n goede feroarje?
Oer sokke fragen giet de Bhagavad Gita, in boek dat it midden hâldt tusken wittenskip en godstsjinst. Yn dit boek sprekt God ta de minske as in freon ta in freon.

Wat moet een mens doen, wat moet hij laten, om goed te leven?
Wat helpt daarbij? Zelfkennis of het doen van goede werken?
Is God een persoon buiten de mens? Of is God in de mens en moet die zichzelf veranderen om God in zichzelf te kunnen zien?
Kan een mens dichter bij God komen door te streven naar deugd en harmonie?
Kunnen wij onze gedachten beheersen en onszelf zo ten goede veranderen?
Over zulke vragen gaat de Bhagavad Gita, een boek dat het midden houdt tussen wetenschap en godsdienst. In dit boek spreekt God tot de mens als een vriend tot een vriend.

 

Resinsjefragmint:

Spitichgernôch docht bliken dat Hoekstra noch sterk yn teosofyske modellen tinkt, sjoen de ûndertitel fan syn oersetting: ’It liet fan God’. Krekt as de teosofyske tinkers opperet er dat de Gita itselde boadskip ferkundiget as de Bibel: de ferlossing fan de Sûndige minske. Hoekstra smokkelet dan ek in tal kristlike kearnkonsepten lykas ’deugd’ en sels ’Gods ivige kommuny’ de hindoeïstyske tekst binnen. Dy feroaring fan de tekst kin de moderne lêzer helpe om it boadskip fan de Gita earder te begripen. Yn dy sin is Hoekstra’s kar foar in kristlike terminology wis sympatyk. Foar wa’t it gedicht leaver fan de eigen, hindoeïstyske kontekst út lêze en bedjipje wol, wurkje sokke tafoegings wat steurend. Yn it Hindoetinken fan de Gita is nammentlik gjin sprake fan in trijefâldich God of kommuny, mar allinne fan in heechste Hear dêr’t de leauwige syn hert op rjochtsje moat om streekrjocht mei him yn kontakt te kommen.
Ek is Hoekstra’s oersetting soms wol tige frij /.../
Fierder bin ik der sawisa net wis fan oft Hoekstra de oersetting streekrjocht út it Sanskryt makke hat, benammen om’t er dêr yn de ynlieding wat dizenich oer docht. Ta beslút kinne jo fraachtekens pleatse by de kar fan de oersetter om de tekst net inkeld yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk te presintearjen. Dêrtroch liket it nammentlik as wol er serieus de konkurrinsje oangean mei spesjalisten as filosofe Ria Kloppenborg (1997) of de sanskritisten Callewaert en Staes (2001), dy’t eksillinte Gita-oersettings ôfleveren.
Nettsjinsteande dizze ynhâldlike en taalkundige beswieren is de Fryske Gita in sympatike publikaasje, dy’t nijsgjirrich makket nei fierdere projekten fan Hoekstra op it mêd fan de Yndiaske filosofy. Yn de ynlieding stelt de oersetter dat de moderne, op konsumearjen  rjochte westerske minske noch wat leare kin fan de askezelear út de Gita. Dêr hat er sûnder mis in punt.
Mar Hoekstra’s Gita hat mear te bieden as inkeld filosofysk ynsjoch, nammentlik in literêre skientme. Soms wit de oersetter nammentlik moaie binnenrimen en assonânsjes te realisearjen dy’t de klankskientme fan it Sanskryt oproppe as in echo. Dy passaazjes jouwe de tekst in bysûndere sjongsumens, dêr’t de filosofy namste better troch oerkomt. Dêrom is it te hoopjen dat net allinne Frysktalige adepten fan Yndiase filosofy, mar krekt ek de dichters en skriuwers Hoekstra’s Gita lêze. Sy kinne in skat oan bylden, tinzen en krêftige stylmiddels fine dy’t har eigen poëtysk arsenaal noch mear romte jout. Wa wit foarmet Hoekstra’s Gita it begjin fan in Fryske bhakti-tradysje.
ensafh, Frysk literêr tydskrift, novimber 2012, Michel Dijkstra