Berjochten út Babel

Hoe wreed, skrinend of humoristysk geane de minsken mei harsels, mei inoar om; mei har driften, langstmen en ferwachtings? De ferhalen yn dizze bondel beljochtsje soks fan alle einen en kanten - en dat lycht der net om.

Resinsjes (fragminten)

/.../ It lycht der yndied net om wat de lêzer foar de kiezzen krijt. It binne stik foar stik wrede ferhalen oer persoanen dy’t oan ’e selskant fan ’e maatskippij libje. Schoorstra skriuwt oer sitewaasjes út ’e hjoeddeiske maatskippij. Hij leit himsels hielendal gjin beheinings op, batst der op in ûnfryske wize yn en lit sa in folslein eigen lûd hearre.
/.../ Moard en deaslach, syklike seksuéle bûtensprongen, drugsmisbrûk, eksoatyske rituélen fan sektes, selsdeadzjen en skizofreny binne û.o. de tema’s dêr’t Schoorstra oer skriuwt. Hij docht dat yn byldzjende taal, yn in styl dy’t ’losjes’ oerkomt, mar it perfoarst net is. Schoorstra liket de sosiotalk fan rânegroepjongerein fan binnenút te kennen en dêrtroch komme de dialogen ek hiel autentyk oer.
/.../ Willem Schoorstra hat mei Berjochten út Babel tige nijsgjirrich eigentiids proaza oan ’e Fryske literatuer tafoege. Nei syn fertsjinstlik poëzy-debút en dizze ferhalebondel is no it wachtsjen op in roman fan dizze ryk talentearre skriuwer. 

Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 15 augustus 2002


Berjochten út Babel is de earste ferhalebondel fan in skriuwer dy’t wol wat oandoart. Hy is net benaud om minsken te sjokkearen mei syn ûnderkuolle humor en grouwélichheden. Hy nimt syn lêzer mei lâns fitrines fol minsklik leed. It glês tusken it krewearjen fan syn ferhaalfigueren en de lêzer is allinnich justjes te dik. De lêzer hat in gemoed mei in breder klavier as allinnich ôfgriis en ferfrjemding: it soe moai wêze as Schoorstra yn ’e takomst ek wat oare meldijen besiket. It byld dat er hat fan manlju en froulju mei ek wol wat minder iensidich. Dat er in soad wit oer it postmoderne libben, kin er better op in oare wize kenber meitsje yn syn ferhalen as neffens opsommings en abstrahearjende monologen. Dochs leau ik dat Schoorstra wol wat liket op Leon út syn lêste ferhaal. Dy raast as lêste sin fan it boek: ’JIM SILL’ MY NOCH WOL SJEN!’ No, kom mar op!
Hjir, Greet Andringa, juny 2002


/.../Een uitstekende mix van literaire taal en spreektaal. De lezer wordt daardoor heel makkelijk in de verhalen meegesleept.
/.../ Het zijn stuk voor stuk spannende verhalen, die de lezer ook aan het nadenken zetten over het doen en laten van mensen. Een aanwinst voor de Friese literatuur.

Nederlandse Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, 6 juni 2002


/.../ Spitich is it dat guon ferhalen wat op healwei hingjen bliuwe. Men komt dan neat te witten oer de eftergrûn fan de haadfigueren: wat hat har makke sa’t se binne? Men is allinne mar tsjûge fan har aktuele ellinde, oer de oarsaken dêrfan wurdt men neat gewaar, en dat makket dat se jin net op ’e hûd sitte. Men fielt dan wol wat fan ôfgrizen of begrutsjen mar rekket der net echt by belutsen. Mar oer it generaal is ’Berjochten út Babel’ in sterk debút, in bondel dy’t in hiel eigen lûd hearre lit en dat op in wize dy’t der net om lycht: skerpe observaasjes, rake typearrings, in flinke poarsje nocht oan ûnnocht en in strakke en byldzjende styl.
Trotwaer, Sjoerd Bottema, maaie 2002


Yn ’Fakânsje,’ it lugubere ferhaal oer in ferknipte fint dy’t trije minsken deadocht, wurde de ferklearjend-psychologyske episoades út it ferline te lang útspûn, sadat der úteinlik dochs in te foarsisber en te lineêr gehiel ûntstiet. Mar yn de bettere ferhalen yn dit boek, lykas ’Vive la vie’, ’Trettjin dagen’ en it ynteressante ’Leon’, fyn ik gâns stilistysk fermogen en party komposysje-talint. Benammen dy ferhalen meitsje fan ’Berjochten út Babel’ in nochal ûnthjittend debút.
Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas, 29 maart 2002


De auteur is net eang fan earlikens; hy seit wat sein wurde moat en allinne sa kin er skriuwer wêze, docht bliken en dat hâldt in grut ûnthjit yn foar syn produksje yn de takomst: ûndersykje de dingen en fertel it oan de minsken, net allinne it goede, mar ek it smoarge en trochtrape, it benearjende en opwinende: moard en ynsest, selsdeadzjen en sm, rituelen en sektes mei seks, flechtige kontakten en roppen om waarmte. Schoorstra tekent ús in wrâld dêr’t wy fan witte dat dy der is, mar dy’t hy yn wurden taastber makket. De skriuwer behearsket syn ark: wurdskat en styl, opbou en point of view binne ôfwikseljend en ryk, trochlibbe en op it stik ôf. Dat wol net sizze dat alles yn kalk en semint is, mar dat mei hinnebruie foar in debút. Wy komme ferrassings tsjin yn de wurdskat, dat it wurdboek moat der soms by.
/.../ It moaisizzen giet by no en dan mei de skriuwer op ’e rin, hy kin it dan net opbringe en skras oerlading en opgnis
/.../ Wa’t net benaud is foar ’rjocht foar de raap’-taal en ’it neamen fan de dingen by de namme’ sil oan de ferhalen fan Willem Schoorstra in soad lêswille belibje.

Friesch Dagblad, Tsjerk Veenstra, 20 maart 2002.


Al mei Schoorstra syn dichtbondel ’Ynwijing’ net oeral goed ûntfongen wêze, syn taalgebrûk yn ’Babel’ is dat fan in dichter. Der sit in soad poëzije yn syn proaza
/.../ Schoorstra bewiist him as in mear as byldryk skriuwer en in begenedige ferhaleferteller. Hy skriuwt in prachtich Frysk wêrby’t er sawol nije as ek út de tiid rekke wurden doart te brûken.

Kistwurk, Elske Schotanus, febrewaris 2002