Béatrys

herdichting fan ’e midsieuske Marialeginde

Omslachtekst

Béatrys - de midsieuske Marialeginde skreaun troch in ûnbekend auteur te Antwerpen om 1345 hinne - jildt as ien fan ’e pearels fan ’e Middelnederlânske literatuer.

De non Béatrys leit har habyt ôf om mei har frijer de wrâld yn. Earmoed driuwt beide útinoar en hy lit har mei twa bern sitte. Béatrys jout har oer oan ’e huorkerij as breawinning. Hja kriget berou. Yn fizioenen wurdt hja roppen om nei it kleaster werom. Dêr wit net ien dat se fjirtjin jier fuort west hat, want Maria hat al dy tiid har plak ynnommen.

De dichter moat in grut skriuwer west ha: de sobere styl, de ienfâldige, suvere taal, de serene ynhâld, de djipgeande karakterbeskriuwing fan de fallen frou, de dimmene ynbannigens by sa’n tear ûnderwerp, tsjûgje allegear fan syn keunstnerskip.

Yn dizze oersetting binne de kwaliteiten troch Klaas Bruinsma op masterlike wize oerbrocht yn it hjoeddeiske Frysk. En dat tige tichteby de betsjutting fan ’e grûntekst en mei behâld fan it oarspronklike aroma.