En de inket sil utrinne - 50 jier poëzij

Samle fersen (mei cd)

Steven de Jong (* Ljouwert 1935) waard bekend as Frysk dichter, prozaïst en skriuwer fan boeken as De maagd fan Babylon (1980),In spylman op it binnenpaad (1999) en Swarte egen (2001). Yn 1992 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman De Wuttelhaven del (1989).

Yn de bondel En de inket sil útrinne is neist earder publisearre wurk út syn seis dichtbondels, allyksa poëzij opnommen dy’t net earder ferskynde ûnder it skift Sturtswylje.
De sammelbondel befettet mear as twahûndert fersen, uteraard ynklusyf de eksperimintele poëzij út De Jong syn quatrebras-tiid, it literêr tydskrift dêr’t er redakteur fan wie. De Jong seach fernijing yn dadaïsme en neorealisme.
De Jong wie learaar Nederlâns te Ljouwert, wenne yn Gytsjerk en ferfear yn 2008 nei Burgum.

Achteryn de bondel En de inket sil útrinne is in CD tafoege mei sânentweintich fersen dy’t Steven de Jong lêst, earder opnommen en útstjoerd yn it ramt fan Operaesje Fers.

De samle fersen ferskine yn de rige Frysk en Frij Klassyk dêr’t ûnder oaren earder yn útkaam wurk fan Gysbert Japiks, Douwe Hermans Kiestra, Obe Postma, Douwe Tamminga, de samle fersen fan Tsjits Peanstra en Tiny Mulder.

 

Resinsjes (fragminten)


Leeuwarder Courant:
In dichter mei útsteksels

’Fersen binne de tearste, de fijnste, de skerpste en genipichste foarmen fan keunst en kultuer.’ Dat motto joech Steven de Jong (1945) fjirtich jier lyn oan syn twadde dichtbondel mei, dy’t no - mei fiif oare bondels dy’t er skreau - ûnderdiel útmakket fan syn ’samle fersen’. Sa wurdt alteast ornaris it libbenswurk fan in dichter betitele.
Mar De Jong is net in man fan grutte pretinsjes en hâldt it yn ’e ûndertitel op ’50 jier poëzij’.
Steven de Jong hearde ta de ’Quatrebras’-generaasje, dy’t him om 1960 hinne ôfsette tsjin de âlde dichtersgarde en oansluting socht by de eksperimintele Vijftigers. In echte generaasje soe it noait wurde, mei de swiergewichten Hessel Miedema en Tjitte Piebenga as ’ôffalligen’, en De Jong sels net as grutste talint. Of sa’t er yn syn tredde bondel iepenlik erkende: ’yn ’e jierren 60 waard ik / net in grut / mar wol in frysk dichter’.
By de oanbieding fan dizze bondel wiisde Trinus Riemersma der nochris op dat ’Quatrebras’ noait in programma hân hat, en him amper ergens oer of foar útspruts. Anty-dichter Steven de Jong past yn dat byld. Hy hellet de troch syn foargongers heechachte dichtkeunst geregeld fan har fuotstik, neamt in fers ’minder as in mich’, syn eigen fersen ’in jiske-amer fol roazen’. En ek de Allerheechste  mei it witte: ’myn fersen binne miggepoepkes / op it lampeglês fan Jins hielal’.
/.../Steven de Jong hat serieuze leafdespoëzij skreaun, en syn engazjearre gedichten binne mear as kâlde lekskoaierij.
Yntusken is de dichter net op syn bêst as er oan it healwiizjen slacht. Syn humor hat syn útfallen, en hy hat in trochrinnend abonnemint op flauwe en sloppe lêste rigels. Gauris bedjerre se in fers dêr’t in sterke kearn yn sit en tige byldzjen strofen yn oan te wizen binne. It is de fraach oft er him dêroer bekroadet, want hoe giet dat mei dichters dy’t har ôfsette, se brekke likehurd wer ôf wat se opboud ha.
/.../De dichter dy’t himsels delset as ’de meast duffe figuer yn ’e literatuerhistoarje’, seit tagelyk dat er in dichter ’mei útsteksels’ is. Dy lêste typearring is der minder fier bytroch. Want troch alle singeliere selsrelativearring hinne, oppenearret him yn dizze poëzij in dichter dy’t him net ferskûlet.
Wêrom dan dochs sa faak de pose fan ’strampeljende wûndere hampelman’ oannimme? Hy is ommmers ’hertstochtlik fereale / op it libben / dy femme fatale / elkenien ferliedend’.
Eppie Dam, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 2011


Friesland Post 
Verzamelde poëzie Steven de Jong

Poëzie en zeker poëzie in het Fries geschreven is niet bepaald een rijke bron van inkomsten voor uitgeverijen en boekhandelaren. Als liefhebber van poëzie en Friese poëzie in het bijzonder, wil ik toch een lans breken voor de prachtbundel die onlangs is verschenen.
/…/Nergens wordt de kwaliteit van gedichten zo duidelijk als in een verzamelbundel. Uiteraard spreekt het ene vers meer aan dan het andere, maar bij Steven de Jong durf ik toch te stellen dat zijn poëzie ook na vers tweehonderd nog steeds niet verveelt. Veel verzen zijn helder en herkenbaar, ook voor een publiek dat zelden of nooit poëzie leest.
/…/In deze bundel zijn ook een aantal verzen in het Leeuwarders opgenomen. De dichter verloochent zijn afkomst gelukkig niet!
Henk van der Veer, Friesland Post (rubryk De Friese Veer), maart 2011


Lyts Frisia

/.../Steven H.P. de Jong skriuwt moaie fersen, gjin himelbestoarmjende, earder bedaarde. Bylden en metafoaren oerfalle jin net en hâlde jin net út ’e sliep, it wurk is oer it ginneraal frij maklik tagonklik. Ferrassend wol hjirby net sasear passe, anekdoatysk wol, persoanlik ek.
Lyts Frisia - tydskrift foar fryske striid en literatuer, jiergong LX, nûmer 1, maart 2011


Webside Jelle van der Meulen

/.../De Jong heeft niet heel veel geschreven; al zijn zes bundels staan in chronologische volgorde in deze verzamelde gedichten. Zo is mooi een ontwikkeling te zien in zijn dichtwerk./.../
/.../Steven de Jong is misschien geen groot Fries dichter, maar zijn gedichten mogen er zijn en het is bepaald zeer plezierig dat ze in één uitgave verzameld zijn. Van mij hadden in het deel waar de losse gedichten verzameld zijn niet alle gelegenheidsgedichten opgenomen hoeven worden, zoals De Jong die schreef voor het afscheid van enkele collega’s op school. Aan de andere kant laat het een en ander aspecten zien van De Jongs dichterschap, want die gedichten hebben een vaste vorm en laten zien dat De Jong dat ook kan. Op een bijgevoegde cd leest de dichter 27 gedichten voor. Het zijn gedichten die hij insprak tussen 1970 en 1993 voor de Friese dichterstelefoon ’Operaesje Fers’ . Opvallend daarbij is dat De Jong van één van zijn gedichten (’jentsje pip oan de nvs’) een Nederlandse versie ingesproken heeft (’mijn vrouw’).
Het zal, zoals het motto van deze verzamelbundel via een fragment van een gedicht van Obe Postma aangeeft, een klein clubje liefhebbers zijn die deze bundel zal lezen. Dat kleine clubje zal dan wel kunnen genieten van het mooiste dat leeft in de ziel van de dichter, zoals Postma dat zo mooi verwoordt.
Jelle van der Meulen, webside: home.planet.nl/~meul2882/fries, maart 2011