Zwart, Jelle

(© Foto: Leeuwarden/Jan de Vries)

 

de see/ it lân

 

ik gean fuort/ sei de see/

naam dyn skip en droech/ 

oant de foarste/ fêste grûn/

Poeloe Weh‘s  heftich/

grien rotsich eilân/

 

dêr/ waard bysûnder/

yn hoppe fan Padang/

it fier fan hûs belibbe/

op ‘t netflues bewarre/

sa‘t  kris/ ‘t ûnthâld bewurke/

 

mids see/ hie dit stee

gjin ferweech/

 

fierderop/ sei ‘t lân fan

smaragd/ ‘k bliuw dy/

en hoe faak neitiids

ferfearn/ it bleau/  

lykas swit ûnder dyn

earmen/ útwrongen sawahs/

 

no leit/ aanst dyn skip/

mei dyn taal begroeven/

neist tuorren/ op terpen/

tsjin wetter/ ‘t fêstelân/

mei it sicht op de see/

giest fuort/

op de meare fan fergetten feteranen

 

Jelle Zwart

 


Fragminten út fraachpetearen

/.../ ’’It skôgjende fan in dichter haw ik altyd wol yn my hân, mar ik bin ek in sosjaal dier. Ik haw de minsken altyd opsocht, ik fiel my belutsen by de maatskippij. Dat fynst yn myn poëzy werom.’’
/.../ It soe ek kinne dat de resinsinten de âlde dichter, fanwegen syn jierren, wat mije. Zwart hopet dat se dat net dogge. ’’Leeftyd mei noait in argumint wêze.’’
/.../ Jelle Zwart is in dichter. Foar proaza is er te lui, seit er. ,,Dichter wêze hoecht net, dat is wat my yn it dichtsjen no krekt oanlûkt.’’
De hûndert fersen fan Jelle Zwart biede in grut ferskaat, se geane fan stimmingsbylden fan it Fryske lânskip oant humoristyske observaasjes. Sels seit er yn it koart wurd foarôf oer syn tema’s: ’’De sân skeppen sâlt stean yn grutte halen foar de oantrún ta mannich fers. Lykas de taal, it lân, it stee, it folk, it eigen, it skôgjen en it wêzen dat wienen.’’

Leeuwarder Courant, 28 july 2006, Sietse de Vries

/.../ Om sels ek kreatyf oan de slach te kinnen joech Jelle him seis jier lyn op as dielnimmer oan in poëzij-kursus fan it Letterkundich Museum, no TRESOAR.
/.../ "Alle kearen genietsje ik wer fan dy gearkomsten. It aardige foar my is: ik hoech net mear. Ik ha myn karriëre al efter de rêch. Ik mei dit dwaan ek ha der och sa’n nocht oan."
/.../ "Ik bin yn ’e besnijing rekke fan it wurk fan benammen de jonge dichters. It foardiel fan sa’n kursus is, dat jo yn de lijn bliuwe fan ’e jongerein om oer saken nei te tinken. Yn de fersen fan de jongelju moatte jo jo ferdjipje, foardat de fûnk oerslacht. /.../ It serieuze fan myn dichtsjen is begûn mei dy kursussen. Ik koe altyd wol in aardich Sinteklazegedicht skriuwe, mar echt dichtsje? Nee! No sit ik der fol fan. Jo moatte altiten in útdaging yn it libben hawwe. De spanning moat der yn bliuwe. Sa is it mei dichtsjen ek."
/.../ Wat de fersfoarmen oanbelanget befettet ’Sân skeppen sâlt’ in soad ferskaat: fan it strakke sonnet oant en mei it frije fers. Regelmjittich skriuwt er fersen, soms in pear yn ien wike. "Ik sit alle jûnen efkes boppe om wat op te skriuwen, al is it mar om in komma of in punt oan te bringen." /.../ "Ik ha al wer hiel wat fersen lizzen. Ik piel moai wat troch."
Oer syn dichtsjen seit er by einbeslút: "Sa doch ik dochs noch wat foar ús Fryske taal, al is it fansels mar hiel beskieden." /.../

Lyts Frisia - tydskrift foar fryske striid en literatuer, septimber 2006, Jan Jongsma