Wiersma, Syds

Wiersma_Syds

Syds Wiersma (Grou 1963) studeart teology oan ’e Universiteit fan Tilburg. Hy promoveart 20 maaie 2015 dêr op it proefskrift Pearls in a Dunghill. The anti-Jewish writings of Raymond Martin o.p. (ca. 1220 – ca. 1285).
Syds Wiersma is fan 2009 oant 2011 meiwurker oan ’e Waddenacademie dêr’t er wurket oan it projekt WISWAD, dat waadargiven en histoarys kaartemateriaal yn gearwurking mei Tresoar ûntslút.
Sûnt 2012 is er koördinator fan it Fries Film Archief te Ljouwert.

Syds Wiersma publiseart yn ûnderskate tydskriften. Yn 1992 debuteart er mei de bondel Alles wat ik net betinke woe (43 siden, ISBN 9789065702364).
Om 1995 hinne jout er de brui oan it dichtsjen op papier. Tsien jier letter komme de driuw en de wille werom, earst mei Nederlânse, letter mei Fryske fersen.

Yn 2016 ferskynt by útjouwerij Hispel syn twadde fersebondel Raffelwjok (67 siden, ISBN: 9789074516211), in seleksje út 25 jier (foar in part sliepend) dichterskip. De ‘raffelwjokken’.  Ald en nij stean trochinoar en binne min of mear tematys oardere. Lânskip, leafde, leauwen en de betsjutting fan it skriuwen sels binne foar Wiersma belangrike boarnen fan ynspiraasje en wurde gauris yninoar ferflochten.

Ek syn tredde dichtbondel Twintig liefdes een Saudade/Tweintich leafdes in Saudade is de delslach fan it weromkommen fan sokke driuw en wille.

 

https://www.youtube.com/watch?v=NoGHak3-_5Q