Venema, Foppe

IN NIJE MAITIID, IN NIJ LÛD

Foppe Venema waard yn 1961 berne te Ousterhaule. Hy studearre Skiednis, Frysk en Dúts en kaam fia Grins, Amsterdam en Dresden yn Frankryk telâne, dêr’t er sûnt 1993 yn Grenoble wennet. As learaar Ierdrykskunde en Skiednis wurket er yn ’e omkriten fan Genève. Yn 1998 en 2001 krige er de Rely Jorritsmapriis foar poëzy. Yn 2004 ferskynde syn debútbondel In slach om ’e pleats.

Op boartlike wize mei klisjees omspringend skriuwt Foppe Venema yn syn twadde dichtbondel Le Tour de Frise oer ûnderwerpen as jonkheid, reboelje, religy, muzyk en literatuer. Syn fersen befetsje boppedat in heech Fryslân-gehalte.

 

ÛNIERDSK PETEAR

Dochs wat mankelyk
troch alle drokte op ’e dyk
rinne Postma en Kierkegaard
nei it Jelsumer binnenpaad.

De ien hâldt fan greide,
de oar fan Regina. Beide
boartsje lykwols mei it hillich fjoer
fan Albestean en Albestjoer.