Poortstra, Margryt

Margryt Poortstra (Harlingen, 18 maaie 1953) debutearre yn 1975 mei in roman, letter ferskynden fan har noch fjouwer romans, twa ferhalebondels en fjouwer dichtbondels en trije berneboeken. De skriuwster krige Rely Jorritsmaprizen foar poëzij en ferhalen. De roman Kâldfjoer (2002) ferskynt yn 2003 yn in Hollanske oersetting: Koudvuur. Yn 2004 ferskynt de romanSuster en yn 2006 de fersebondel Nomade.

Resinsinten skreaune oer har dichtwurk:

Har poëzij behannelet typysk froulike saken, mar is útsoarte net aardich en leaf (Trotwaer)

De wurden dy’t se brûkt steane as in hûs, en se klinke (Frysk Deiblêd)

Dizze dichter hat in grut taalgefoel, in bytiden perfekte timing en each foar it detail (Frysk en Frij)

Foto

(© Foto: Argyf Frysk en Frij)

 

Margryt Poortstra by in boekepresintaasje fan Frysk en Frij yn ’e Prinsentún te Ljouwert, 17 augustus 1997.

Priuwke

DE SWANNEN

Se binne net op reis. Se binne.

Ik tekenje it finster om har hinne.
Ik snij dit pear mei flymskerp
langstme út. Sa wol ik wêze. Widzjend
op de fiver fan bestean. Sa wol ik
dat wy gean.

As ûnderweis nei brêge, mar ûndertroch,
as nei de see, mar dan sabeare.

Margryt Poortstra